Stim

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer de minsklike stim . Foar oare betsjuttings, sjoch: stim (betsjuttingsside) .
In spektrogram fan 'e stim fan in minske .

De stim bestiet by de minske ut it lud dat immen makket troch by it utazemjen op in beskate wize lucht by de stimbannen lans troch de strote te parsen. Alle luden dy't sa produsearre wurde, foarmje yn 'e mande mei ferskate stimleaze luden it ferskynsel spraak . De ludshichte of frekwinsje fan 'e stim is in yntrinsyk underdiel fan it produsearjen fan spraakluden troch de minske, werby't de stimbannen de wichtichste rol spylje. Oer it algemien is it sa dat manlju in swierder, of leger, stimlud hawwe, wylst froulju en bern in heger stimlud fuortbringe. Mei jins stim kin men prate , mar ek sjonge , laitsje , gule , roppe , raze , ensfh. Der binne ek luden dy't ruchwei yn itselde diel fan it lichem produsearre wurde, mar der't men de stim net foar brukt, lykas flusterjen , it utsprekken fan stimleaze konsonanten en klikluden , en fluitsjen .

It meganisme dat in stim generearret, kin opdield wurde yn trije underdielen: de longen , de strote mei de stimbannen, en de artikulators . De longen, dy't ienfaldichwei utlein de funksje fan in pomp hawwe, moatte genoch luchtdruk en luchtstreaming troch de strote produsearje om 'e stimbannen trilje te litten. De stimbannen foarmje fibrearjende klepkes dy't de luchtstream ut 'e longen yn hearbere pulsen knippe. Dy pulsen foarmje it unbewurke stimlud. De spieren yn 'e strote passe derby de lingte en spanning fan 'e stimbannen oan om toan en klam yn it stimlud oan te bringen. De artikulators binne dielen fan 'e luchtwegen dy't boppe de stimbannen lizze, lykas de tonge , it ferwulft , de wangen , de lippen , ensfh. Dy filterje it lud dat ut 'e strote komt en passe in fierdere artikulaasje ta.

Op dy wize kin de minske troch gearwurking fan 'e stimbannen en de artikulators in tige kompleks skala fan luden fuortbringe. Sjongers bruke de stim bygelyks as in muzikaal ynstrumint . Net alle oanpassings oan it stimlud wurde bewust dien; sa kinne sterke emoasjes , lykas lulkens , skrik of blydskip in sterke ynfloed op it stimlud hawwe sunder dat de sprekker dat sa bedoeld hat. By swiere ferkaldenens of by oergebruk feroaret de stim ek. Hy wurdt dan earst leger fan toan en rouwer: dat neamt men heazens . As men jin dan net mijt, kin de stim hielendal ferdwine, hoewol't dat mar tydlik is. Lju dy't net (goed) prate kinne, wurde stom neamd. Soks betsjut lykwols yn 'e regel net dat se gjin stim hawwe, mar dat se dy net goed bruke kinne, bygelyks om't se behalven stom ek dof binne, of om't by harren de tonge utsnien is (wat yn 'e Aldheid en de Midsiuwen noch wolris dien waard by wize fan liifstraf ).

It begryp 'stim' wurdt ek yn figuerlike sin brukt, bygelyks as men seit dat immen earne "gjin stim yn hat", d.w.s. 'net oer meibeslisse mei'. Yn it ferlingde derfan wurd it wurdt 'stim' ek brukt foar in registrearre kar by dielname oan ferkiezings .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .