한국   대만   중국   일본 
Stephanie Zacharek - Wikipedy Springe nei ynhald

Stephanie Zacharek

Ut Wikipedy
Stephanie Zacharek
persoanlike bysunderheden
echte namme Stephanie Zacharek
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 augustus 1963
berteplak ? ( Feriene Steaten )
etnisiteit Poalsk [1]
wurkpaad
berop/amt sjoernaliste
aktyf as filmkritika
jierren aktyf 1986 ? no
offisjele webside
Stephanie Zacharek yn 'e IMDb

Stephanie Zacharek ( 13 augustus 1963 ) is in Amerikaansk sjoernaliste ut New York , dy't benammen bekendheid krigen hat as filmkritika fan 'e krante The Village Voice en it tydskrift Time

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Zacharek, dy't fan etnysk Poalsk komof is, [1] studearre oan 'e S.I. Newhouse School of Public Communications fan 'e Universiteit fan Syracuse yn Syracuse (New York) , der't se in bachelortitel yn sjoernalistyk behelle.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Zacharek begun har karriere fan 1986 oant 1988 as haadredaktrise by de Crosby VandenBurgh Group . Yn 'e 1990-er jierren wurke se foar de krante The Boston Phoenix en it tydskrift Inc. Fan 1999 oant 2010 wie se as haad ferslachjouster en filmkritika ferbun oan 'e webside Salon.com .

Yn 2010 waard Zacharek haadfilmkritika foar de webside Movieline , der't se mids 2012 wei rekke. Yn april 2013 waard se troch de Voice Media Group oannommen as filmkritika foar de krante The Village Voice , ut 'e wyk The Village , yn Manhattan . Njonken har foltiidsbaan wie Zacharek ek op freelancebasis aktyf foar oare publikaasjes , werunder CNN.com , de Los Angeles Times , Entertainment Weekly , Rolling Stone en NPR

Zacharek wie yn 2015 finaliste foar de Pulitzerpriis foar Krityk , de wichtichste priis fan har fakgebiet. Datselde jiers stapte se fan The Village Voice oer nei it tydskrift Time . Yn 2018 waard se frege as lid fan 'e sjuery fan it 68 ste Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn .

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Zacharek wennet yn New York , en is troud mei Charles Taylor, dy't ek filmkritikus is.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Stephanie Zacharek op Twitter: "As you know I'm a good Polish girl, so ..." .

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side , en under: Einzelnachweise , op dizze side .