Sry Lanka

Ut Wikipedy
Sri Lank? Prajathanthrika Samajavadi Janarajaya
Flagge fan Sry Lanka Wapen fan Sry Lanka
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sry Lanka
Offisjele taal Singaleesk en Tamyl
Haadsted Kotte
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
65.610 km²
1,3­%
Ynwenners ( 2011 ) 21.283.913
Munt Srilankaanske rupee (LKR)
Tiidsone UTC +6
Nasjonale feestdei 4 febrewaris
Lankoade LKA
Ynternet .lk
Tillefoan 94

Sry Lanka , sunt 1972 offisjeel de Demokratyske Sosjalistyske Republyk Sry Lanka , is sawol in lan as in eilan yn de Aazje . De haadsted is Kotte . It eilan waard eartiids, oant en mei 1972 Seylon neamd.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sry Lanka leit krekt sudlik fan Yndia , yn de Yndyske Oseaan . Troch de Palk Strjitte en de Golf fan Manar wurdt it skieden fan it Yndiaaske subkontinint .

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Berchlanskip op Sry Lanka.

Yn it noarden en easten fan it eilan lizze lans de kust grutte leechflakten dy't betiden trochbrutsen wurde mei isolearre berchpiken. It sintrale berchlan rint fia terrassen stadich op nei in hichte fan 2524 meter, der't de berch Pidrutalagal de heechste pyk fan is.

De kuststripe wurdt underbrutsen troch lange strannen, klippen yn it sudwesten en lagunes yn in protte oare gebieten. Sawat 40% fan it eilan bestiet ut bosk mei greiden yn de eastlike heechlannen en goed 40% fan it lan is yn kultuer brocht.

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It eilan hat in tropysk klimaat dat troch de moesson beynfloede wurdt. De noardeastlike moesson duorret fan desimber oant maart en de sudwestlike moesson fan juny oant oktober. It eastlike part fan Sry Lanka is druger as it westlike diel.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de prehistoarje libben op Sry Lanka de Wanniyala-Aetto, better bekend as de Fedas . Yn de 6e iuw f.Kr. arrivearren de Singalezen fanut it noarden fan Yndia . Healwei de 3e iuw f.Kr. waard it Boedisme yntrodusearre. Ferskate beskavings kamen ta untwikkeling run steden as Anuradhapura en Polonnaruwa.

Stadichoan migrearren de Tamyls fan it suden fan Yndia ut nei it noarden fan it eilan. Yn de 11e iuw stiften sy in keninkryk mei Jaffna as haadsted. De relaasjes tusken beide befolkingskloften (Singalezen en Tamyls) wienen kompleks, betiden freedsum en oarlochssuchtich. Yn de rin fan iuwen slagge it de Tamyls lang om let de Singalezen nei it suden fan it eilan te driuwen.

Jeropeanen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1505 kamen de earste Portegezen dy't oant de kust delsettings stiften. Troch de Nederlanners waarden de Portugeeske koloanjes yn 1658 beset en oernomd. De Nederlanners festigen in kaniel monopoalje en fierden in boargerlike administraasje yn. Yn 1796 waarden de Nederlanners ferdreaun troch de Ingelsken, dy't yn 1802 Seylon feroveren. Sy underwurpen ek it Singaleeske keninkryk fan Kandy, wermei hiel Sry Lanka under Britsk bestjoer kaam. De neisieten fan de Jeropeanen wurde Burgers neamd

Unofhinklikens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It eilan waard unofhinklik under de namme Seylon op 4 febrewaris 1948 . Nei de unofhinklikens makke de regearing yn de jierren '50 it Singaleesk ta de offisjele taal fan it eilan. Troch de minister-presidint waard de taal fan de Tamyls yn guon gebieten tastien. Yn 1959 waard hy troch in Singaleeske ekstremist fermoarde. Syn frou Sirimavo Bandaranaike folge him op. Sunt dy tiid is der sprake fan hieltyd oplogende konflikten tusken Tamyls en Singalezen.

Yn 1972 waard de namme fan it lan feroare yn Sri Lanka en waard de haadsted ferpleatst nei Sri Jayawardhenapura Kotte . Lijen tusken de Tamyl-minderheid en de Singaleeske mearderheid eksplodearre yn it midden fan de jierren '80 fan de 20e iuw . Sunt dy tiid binne der tsientuzenen minsken omkomd by de boargeroarloch .

Troch in yntervinsje fan it Yndiaaske leger waard yn 1987 in sjitferbod oerienkomd. Yndia stjoerde dernei troepen mar luts him yn 1990 wer werom omdat der net slagge wie om de Tamyltigers te untwapenen. Yn 1993 kaam de presidint fan it lan troch in oanslach om it libben. Nei 20 jier fan fjochtsjen binne de Tamyltigers en de regearing ta in sjitferbod kaam yn febrewaris 2002, nei underhannelings werby't troch Noarwegen bemiddele waard.

Op 7 febrewaris 2004 waard it parlemint troch Chandrika Bandaranaike Kumaratunga untbun. Har man, in ferneamde Singaleeske filmstjer, is fermoarde troch de JVP. Dizze partij siet mei har Bandaranaike-partij yn har twadde kabinet oant ein 2005. Sy wie de tredde presidint fan de Bandaranaike famylje.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De grutste befolkingskloft binne de Singalezen , mei om-ende-by 75% fan de befolking fan Sry Lanka. De twadgrutste kloft binne de Tamyls , dy't sawat 18% fan de befolking utmeitsje en benammen yn it noarden en easten fan it lan wenje. Fierders wenje der noch de Sry Lankaanske Moaren , dy't 7% fan de befolking utmeitsje, de Burgers fan mingd Jeropeeske komof, en de Fedda (of Wanniyala-Aetto), de leste ofstammelingen fan alde folken.

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens de folkstelling fan 2001 is 69,1% fan de befolking boedistysk (yn haadsaak teravada-boedisten , meast Singalezen), 7,1% hindoe (yn haadsaak Tamyls), 7,6% is moslim (benammen soennitysk ) en 6,2% is kristlik (yn haadsaak roomsk-katoliken ). Fan de oaren 10% is net bekend wat sy leauwe.

Taal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sry Lanka hat twa offisjele talen; it Yndo-Aryske Singaleesk (sunt 1965) en it Dravidyske Tamyl . Oare talen binne it Ingelsk , it Sry Lankaansk Maleisk , it Sry Lankaansk Yndo-Portegeesk en it sawat utstoarne Fedda .

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Teeplantages foarmje in wichtich part fan de Sry Lankeenske ekonomy

Sry Lanka wurdt ta de untwikkelingslannen rekkene mei in leech trochsneeds ynkommen. Troch fiergeande yndustrialisaasje meitsje lanbouprodukten yn 1996 noch mar 20% ut fan de eksport, neffens 93% yn 1970. De lanbousektor soarget noch altyd foar wurk foar sawat de helte fan befolking. Tekstyl en klaaiing binne goed foar 63% fan de eksportprodukten. De wichtichste eksportprodukten fan it lan binne rubber , tekstyl , klaaiing , tee , diamanten , robinen , smaragden , kokosnutprodukten , ierdoalje en in waaksend persintaazje tsjinsten .

Yn de jierren '90 fan de 20e iuw waakse it BNP alle jierren mei 5,5% oant in tiid fan druchte en de boargeroarloch soarge foar in tebekgong nei 3,8% yn 1996. Dernei gie it wer better, oant yn 2001 doe't de ekonomy foar it earst yn de skiednis kromp. Underwillens binne de groeisifers wer tebek op it in trochsneed fan mear as 5% yn it jier (2008-2010).

Yn Sry Lanka fertsjinnet in trochsneed ynwenner jierliks sawat 5.000 US$ en stiet dermei op it 148e plak fan de wraldranglist (2010). Neffens it untwikkelingsprogramma fan de Feriene Naasjes libbet yn Sry Lanka 22,7% fan de befolking under de earmoedgrins . [1] .

Smookbelied [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Sry Lanke jildt in algemien smookferbod. Toeristen wurde oanrieden gjin sigaretten of shag yn de hanbagage mei te nimmen. Der jilde jildboetes fanof €80 it ynfierd smookartikel en foar smoke yn it iepenbier kinst in finzenisstraf krije.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. UNDP: Human development indices - Table 3: Human and income poverty (Population living below national poverty line (2000-2007))