한국   대만   중국   일본 
Slot Heidelberch - Wikipedy Springe nei ynhald

Slot Heidelberch

Ut Wikipedy
Slot Heidelberch
  kastiel
Lokaasje
lan flagge fan Dútslân Dutslan
dielsteat Baden-Wuertemberch
plak Heidelberch
adres 49° 24' N 8° 42' E
Skiednis
boujier 13e-17e iuw
ferneatiging 1689
Webside
schloss-heidelberg.de
Kaart
Slot Heidelberch (Baden-Wuertemberch)
Slot Heidelberch

It Slot Heidelberch ( Dutsk : Schloss Heidelberg ) is de ruine fan in yn 1689 troch de Fransen fernield slot yn Heidelberch yn it noarden fan 'e Dutske dielsteat Baden-Wuertemberch . It slot stiet likernoch 80 meter boppe de rivier de Neckar .

It slot fan Heidelberch is tsjintwurdich ien fan de meastbesochte toeristyske attraksjes fan it lan. Alle jierren bringe likernoch 1 miljoen minsken in besite oan it slot.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It slot yn 1620

De bou fan it oarspronklike kastiel sette under de Paltske greve Loadewyk I († 1231) utein en waard under de karfoarsten Ruprecht III (1398?1410), Otto Heinrich (1556?1559), Freark IV (1583?1610) en Freark V (1610? 1621) ta in renessanse slot utwreide. Hast trije iuwen lang tsjinne it as residinsje foar de paltsgreven. Derfandinne wie it slot in wichtich plak fan it aadlike libben yn it Hillige Roomske Ryk .

Der waarden yn 'e rin fan 'e iuwen gebouwen byboud dy't in soad ferskillende stilen fertsjintwurdigje. It Ruprechtgebou is bygelyks in goatyske tafoeging en it Ottheinrich-gebou is ien fan 'e wichtichste gebouwen fan it Dutske manierisme.

Om it slot steane noch in tal rune of achthoekige tuorren. Fan de Dicke Turm stiet noch mar de helte oerein, de toer hat in trochsneed fan 30 meter. De 15e-iuwske Gesprengter Turm is troch it opblazen fan de Fransen in spjalte toer. De Glockenturm en de Apothekerturm binne 14e-iuwsk. Freark V liet yn 1615 de Elisabethtor bouwe. Under it bewald fan dy karfoarst waard ek de Englischer Bau boud en de Hortus Palatinus oanlein.

Yn 'e Njoggenjierrige Oarloch (1688-1697) waard it twaris slim troffen. Op 2 maart 1689, wylst de Fransen har ut Heidelberch weromloeken (dat se earder ferovere hiene), setten se it slot yn 'e bran, dat derby gans skea oprun. Op 6 septimber 1693 waard it slot troch de Fransen, nei't Heidelberch jitris yn harren hannen fallen wie, foar in grut part opblaasd en wie it dernei noch mar foar in part te bruken. Nei't der utein set waard mei in restauraasje baarnden op 24 juny 1764 mear dielen fan it slot troch bliksemynslach of. De moed waard doe opjun en tenei bestjoerden de paltsgreven allinne noch fanut it Slot fan Mannheim .

It slot op in gravuere ut 1845

Yn 'e tiid fan 'e Romantyk naam de belangstelling foar it slot wer ta. Fral de skilder Charles de Graimberg (1774?1710) hie in soad niget oan it gebou en bestege nei syn emigraasje nei Dutslan in soad tiid oan it behald fan it slot. Yn 'e tiid fan 'e Romantyk waard it slot in symboal fan fergonklikens en oarloch. As sadanich spile it slot in wichtige rol yn 'e Heidelberger literatuer, der't grutte Dutske skriuwers as Friedrich Holderlin of Joseph von Eichendorff oer skreaune.

Oars [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Yn it eastlike diel is it Deutsche Apotheken-Museum underbrocht.
  • It saneamde Heidelberger Fass yn ien fan 'e kelders fan it slot is in unbidich wynfet mei in ynhald fan goed 220.000 liter.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dutsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Heidelberger Schloss