Slach by Tunis

Ut Wikipedy
Krusfarder

De Slach by Tunis wie in Fryske slach om utens under de Achtste krustocht , der't it meastepart Friezen oan meidien hawwe. Underweis nei it Hillige Lan rekken sy yn gefjocht mei de Moaren en hellen op 30 augustus 1270 de oerwinning yn it gefjocht dat plak fun by Tunis .

Eftergrun [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1269 organisearre kening Loadewyk IX fan Frankryk in krustocht en frege ek de Friezen hjir oan mei te dwaan. De belangstelling wie tige grut en om-ende-by fyftich koggen fearen ut. It eindoel wie Akko en underweis makken sy in tuskenstop by Tunis, der't de Franske kening oan in sykte beswiek. De der libbende Moarske befolking, dy't Moslims wienen, hienen it net sa op de kristlike Friezen en dienen slim fijanlik.

De slach [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Friezen dy't it tige ynbaarnde, woene fuortendaliks de striid oangean mei de yn harren eagen heidenske Moaren. De greve fan Luksemburch dy't kening Loadewyk as oanfierder opfolge hie koe de Friezen mar amper yn betwang halde oant er syn hiele kriichsmacht opsteld hie. Yn in grutte stoarmrin foelen sy uteinlik de fijan oan op de flakte tusken Tunis en harren legerplak. Yn de slach foelen in protte Moaren en waarden sy op de flecht jage. De measten kamen yn de oanbuorjende see telane en ferdronken.

Op dizze wize hawwe de Friezen in romrofte oerwinning helle. Sy kearden werom nei harren skippen en fearen nei it Hillige Lan. De aartsbiskop fan Tyrus untfong harren mei in protte ear.

Literatuerferwizing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • S.J. van der Molen , Oorsprong en geschiedenis van de Friezen , Amsterdam-1981, siden 117-127.