Slach by Poitiers
|
De slach by Poitiers, troch Carl von Steuben, tusken 1834 en 1837.
|
|
datum:
|
18 of 25 oktober
732
|
plak:
|
Tusken
Poitiers
en
Tours
,
Frankryk
|
utkomst:
|
Oerwinning foar de Franken
|
konfliktpartijen
|
|
befelhawwers
|
|
sterkte
|
20.000 oant 30.000
|
Alde Moslimboarnen: 80.000
Moderne skiedkundigen: 20.000 oant 30.000
|
|
ferliezen
|
1500? (net wis)
|
Tuzenen (net bekend)
|
|
|
|
Yn de
slach by Poitiers
yn
oktober
732
fersloech de
Frankyske
hofmeier
Karel Martel
in
islamitysk
leger fan
emir
Abd el Rahman
. De utkomst fan dizze fjildslach brocht de ekspansje nei it noarden fan de
Islam
ut
Spanje
ta stilstan en wurdt assosjearre mei it begjin fan de reconquiste. De 19e-iuwske Britske histoarikus
Edward Creasy
rekkene de slach by Poitiers under syn fyftjin meast beslissende fjildslaggen yn ‘e wrald.
Minder as hundert jier nei it untstean fan de Islam op it
Arabysk Skiereilan
en it ferstjerren fan de profeet
Mohammed
en de earste fjouwer kalifen, bedrigen de moslims yn Spanje ferskillende kearen de Franske gebieten.
Odo fan Akwitaanje
hie harren yn 721 hjirut ferbannen mar yn
725
kamen se werom. Diskear wie hartoch Odo net yn steat harren opmars te stopjen. Twongen ta underhanneljen joech Odo de han fan syn dochter oan Othmar ien fan harren emirs. Dizze alliansje mei unleauwigen makke de Frankyske hofmeier Karel dum.
Yn 732 luts Abd er Rahman, guverneur fan Spanje, oer de
Pyreneeen
, mooglik om de unrest oan de noardgrins fan syn ryk te einigjen. Hy fersloech opnij Odo by Bordeaux, plundere dizze sted, en luts fierder oant de Loire. In mooglike reden hjirfoar wie de katedraal fan Tours. Der wie in rabbel dat yn de katedraal in protte rykdom wie.
De lokaasje fan de slach is net bekend. De measte histoarisy nimme oan dat de Moarske troepen it leger fan Karel Martel moete by de gearfoeging fan de Clain en de Vienne tusken
Tours
en Poitiers. Yn de Angelsaksyske literatuer wurdt de slach meastal de Slach by Tours neamd.
Hofmeier Karel luts syn leger gear op in plak der’t er ferwachte dat it moslimleger lans komme soe. Hy socht in definsive posysje ut. Neffens de Mozarabyske kronyk stelde hy it leger op as in grut fjouwerkant. De earste seis dagen wiene der mar in pear lytse skermutselingen. Gjin fan beide partijen woe oanfalle. De Franken wienen goed klaaid op de kjeld en hienen it foardiel dat se it op bekend terrein wiene. Op dei numer san begun de echte fjildslach.
Abd er Rahman fertroude op it numerike oerwicht fan syn kavalery en liet dizze meardere sjarzjes utfiere. It fertrouwen fan de moslims op harren numerike oerwicht en harren mei lange swurden bewapene kavalery, dy’t altyd soarge foar de oerwinning, wie dit kear mispleatst. De Frankyske soldaten halden harren grun. Neffens Frankyske boarnen duorre de striid ien dei. Arabyske boarnen hawwe it oer twa dagen. Doe’t der flustere waard dat de Franken it guod wat ut
Bordeaux
wei rove wie bedrige wienen der in protte Arabyske soldaten dy’t it guod beskermje woene. Abd er Rahman woe se tsjinhalde, mar waard finzen nommen en fermoarde. Doe’t de nacht foel luts it Arabyske leger him werom.
It Arabyske leger luts him werom oer de
Pyreneeen
. Karel suvere yn de rin fan de jierren it gebiet tusken
Arles
en
Avignon
. De slach by Poitiers wurdt tradisjoneel beskoge as in kearpunt yn de opmars fan de
Islam
yn
Europa
. De nederlaach betsjutte it begjin fan de delgong fan it
Omajadyske Ryk
. Foar it earst kaam der gjin oermastere guod binnen. De ekonomy fan it ryk stie lyk stil. De belestingen moasten omheech. Mei namme de
berbers
waarden stadich oan sed fan de Omajjaden. Doe’t in part fan it leger yn de Magreb neistjoerd waard om
Sisylje
te oermasterjen folge dan ek de grutte
Berberske opstan
fan 739 oant 742. Ek op de Byzantynske grins waard yn de slach by Akroinon beskiedend ferlern fan
Keizer Leo III
yn 740. Yn
750
wie it dien mei it ryk nei de
slach by de Zab
.