Sjoerd Leiker

Ut Wikipedy
Sjoerd Leiker
skriuwer
persoanlike bysunderheden
oar pseudonym Menno Haarsma
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlansk
berne 28 maaie 1914
berteplak Drachten
stoarn 15 desimber 1988
stjerplak Hoarn
etnisiteit Frysk
wurk
sjenre sjoernalist, skriuwer, dichter
perioade 20e iuw
prizen Marianne Philipspriis , Piter Jellespriis
offisjele webside
Profyl dbnl

Sjoerd Leiker ( Drachten , 28 maaie 1914 - Hoarn , 15 desimber 1988 ) wie in Frysk skriuwer , dichter en fersetsman, dy't yn it Frysk en Nederlansk publisearre.

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Leiker hat in underwizersoplieding folge. Hy wurke by in utjouwerij, yn de sjoernalistyk as sjef redakteur by Het Vrije Volk yn Ljouwert en by de radio ( R.O.N. ; Regionale Omrop Noard ut Grins ). Syn literere debut makke hy mei in oantal gedichten yn De Vrije Bladen . Syn meast bekende wurk is de roman Drie getuigen , dy't ferskynde under it pseudonym Menno Haarsma by de mei troch him opsette utjouwerij De Bezige Bij . In soad fan syn wurk giet oer de Twadde Wraldoarloch . De ferhalen spylje gauris yn de Fryske Walden . Hy skreau ek harkspullen lykas Daar was de vrede, hier is de pijn .

Leiker boaske yn 1937 mei Margit Kis; syn krigen in dochter. Yn 1953 troude Leiker fannijs mei Kommerijn Gerittine Kooijmans , widdo fan NSB 'er jhr. Johannes Anthony Boreel de Mauregnault . Yn 1992 waard troch widdo Leiker de Sjoerd Leikerpriis ynsteld dy't oant 3 septimber 2004 bestean soe.

Bibliografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1940 - De laatste man (roman)
  • 1941 - Johannes Wezeman (roman)
  • 1941 - Zwarte Jan (roman)
  • 1942 - Herinneringen aan een mens (ferhalen)
  • 1944 - Drie getuigen (roman, under it pseudonym Menno Haarsma)
  • 1946 - Spionnen in het rijk van Attila (roman)
  • 1949 - Buitengaats (novelle)
  • 1953 - De voorspelling (roman)
  • 1958 - Smalle bruggen naar de vrijheid (novelle)
  • 1967 - De achtervolgers (roman)
  • 1968 - Wachten bij de grens (roman)
  • 1970 - Op blote voeten (roman)
  • 1974 - In wolk fan tsjugen (blomlezing)
  • 1980 - Het geweer naast de schemerlamp
  • 1991 - De waterklok

Harkspullen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Harkspul foar de NCRV :

  • Het goud van Peru - utstjoerd: 25-12-1970
  • De weg is de wereld - utsjoerd: 07-06-1973
  • Daar was vrede, hier is de pijn - utstjoerd: 21-10-1973

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]