한국   대만   중국   일본 
Siderute - Wikipedy Springe nei ynhald

Siderute

Ut Wikipedy
De siderutes fan Sud-Europa troch Araabje , Somaalje , Egypte , Perzje , Yndia en Java oant yn Sina
De ruine fan in Sineeske wachtoer ut de Han Dynasty (206 BC ? 220 AD), makke fan oanstampte ierde by Dunhuang , provinsje Gansu

De siderute of sidewei wie in netwurk fan hannelsrutes oer it Aziatysk kontinint , en oer see, dy't East-Aazje, Sud-Aazje en West-Aazje mei it Middellanske Seegebiet ferbun, mar ek noard- en noardeast Afrika en oare parten fan Europa hiene hannelswegen dy't oanslueten op de siderute.

Fan de klassike aldheid oant de lette midsiuwen , wie de siderute de wichtichste ferbining tuske east en west.

De siderute is neamd nei de side dy't oer dy diken ut it easten oanfierd waard; side wie doetiids tige kostber hannelsgoed. De earste persoan dy't de namme "siderute' ( Seidenstraße ) brukte wie de Dutske geograaf en untdekkingsreizger Ferdinand von Richthofen yn 1877 [1]

It Sintraal Aziatyske diel fan de rute wie al yn gebruk om 115 f.Kr. troch de Han-dynasty . [2]

Anno 2011 wurde sawol guon sidewegen oer lan en oer see wer brukt. Faak folgje sy de alde rutes. Yn 1994 waard der in spoartrajekt taheakke oan de siderute, it ynternasjonale spoar tusken Almaty yn Kazakstan en Urumqi yn de Sineeske provinsje Sinkiang .

Oersjoch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De siderutes (yn 't generaal bekend as "siderute") wiene wichtige paden foar de utwikseling fan kultuer, hannelsgoed en technyk tusken hannelers, keaplju, pylgers , misjonarissen , soldaten, nomaden en de bewenners fan it alde Sina , it alde Yndia, it alde Tibet , Perzyske en de Mediterrane lannen oer in tiidrek fan benei 3000 jier. [3] De namme komt fan de lukrative Sineeske sidehannel , dy't under de Han Dynasty (206 f.Kr. ? 220 nei Kr.) begun, neidat Sina en it Heine Easten hieltyd tichter by elkoar kaam wiene. Aleksander de Grutte wie al djip Aazje yn west, en de Romeinen kamen oant de Eufraat ta. Neist dy lju en Sinezen (sjoch under) hawwe joadske hannelslju faaks ek harres dien ta it ta stan kommen fan de rute: nei de earste diaspora en de ferfolgingen untstiene djip yn Aazje joadske mienskippen.

De sa’n 11.500 km diken waarden ‘gewoane’ produkten, slaven en luks guod sa as side , satyn , hennep en oare fine weefsels, musk , oare parfums, speserijen, medisinen, juwelen, glesguod, porselein, en sels rabarber oer ferfierd, mar tsjinnen ek as paad foar de fersprieding fan kennis, ideeen, kultueren, bistesoarten en guon net-lanseigen syktes, [4] tusken it Alde Sina, Ald Yndia (Indusfallei, no Pakistan), Lyts Aazje en it Middellansk See. De siderutehannel wie in wichtige faktor yn de untjouwing fan de grutte beskavingen fan Sina , it Yndia , Egypte , Perzje , Araabje , en it Alde Rome , en holp yn ferskate opsichten mei oan it lizzen fan it funemint fan de moderne wrald. De siderute waard meast net oan ien stik wei bereizge. Meastentiids waard it hannelsgoed ferfierd troch in rige aginten/fertsjintwurdigers oer parten fan it trajekt om dan ferhannele te wurden op de drokke merken fan oazesteden .

Europeeske hanneler oan de siderute troch in Sineeske keunstner (Tang Dynasty, 7e iuw .)

De al besteande sintraal Aziatyske seksjes fan de hannelsrutes waarden utwreide om 114 f.Kr. hinne fanwege de Han dynasty , [5] , foaral nei de misjes en untdekkingstochten fan Zhang Kwian , [6] . Yn de lette Midsiuwen nimt de transkontinintale hannel oer de lanrutes of en makket de hannel oer see opgong. [7] Hoewol’t de hannel yn side mei Sina grif tige wichtich wie, waarden der ek in soad oare produkten ferhannele. Ferskate techniken, religys, en filosofyske ideeen, mar ek de pest (de saneamde "Swarte Dea") kamen oer de siderutes nei it Westen. It benei tsjin it sintrum fan de rute lizzende Yndia spile in fitale rol yn dy hannel mei syn unike produkten, sa as speserijen, edelstiennen en ambachtsprodukten. Mei de delfal fan de Han dynasty iyn de 3e iuw belune de hannel tusken east en west. Neidat de Byzantynske histoarikus Prokopius ferhelle hie dat twa Nestoariaanke muontsen undutsen hienen hoe't side makke waard, waarden spionnen utstjoerd om de aaien fan de siderup te stellen, dernei waard ek side makke yn it Middellanske Seegebiet en wie it dien mei it monopoalje fan Sina op dat med. [8] Doe’t keizer Wu Di (141-87) yn oarloch wie mei de Xiongnu nomaden yn it noarden, dy't de hannel op de siderute geregeldwei behinderen, stjoerde er syn generaal Zhang Kwian op paad om bunsgenoaten te finen en om de ferneamde Iraanske kriichshynders fan Nisaia te keapjen. Alhoewol't Zhang Kwian syn misje net slagge, besocht er wol Baktria en utduts er it paad nei it westen. Under it bewald fan Wu Di wie de siderute iepene en it duorre oant likernoch 1400 eardat de siderute net mear brukt waard foar it ferfier fan side. Yn 1492 hie Christopher Columbus besocht om in oare siderute nei Sina te finen, mar dat slagge him net en late ta teloarstelling yn de Westerske lannen. [9]

Steden oan de noardlike siderutes wienen: Antiochje , Damaskus , Bagdad , Isfahan , Merv , Konstantinopel , Balkh , Samarkand , Tasjkent , Kasjgar , Urumqi , Xi'an en Hotan .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Waugh, Daniel (2007) Richthofen "Silk Roads": Toward the Archeology of a Concept - The Silk Road , diel 5, numer 1
  2. (in) Elisseeff, Vadime (2001) The Silk Roads: Highways of Culture and Commerce , UNESCO Publishing / Berghahn Books, ISBN 978-92-3-103652-1
  3. ANCIENT SILK ROAD TRAVELERS [sic |www.silk-road.com , 2008-07-02]
  4. Francis Wood, 2002 The Silk Road: Two Thousand Years in the Heart of Asia . University of California Press, Berkeley, KA| sd. 9, 13?23
  5. Elisseeff, Vadime, The Silk Roads: Highways of Culture and Commerce; UNESCO Publishing / Berghahn Books, 2001
  6. Luce Boulnois, 2005 Silk Road: Monks, Warriors & Merchants, Odyssey Books Hong Kong, s.66
  7. The Megalithic Portal and Megalith Map: Silk Road, North China [Northern Silk Road, North Silk Road Ancient Trackway [www.megalithic.co.uk 2008-07-05 Hogan, C. Michael]
  8. “Silk Road.” LIVIUS Articles of Ancient History. 28 oktober 2010. Sjoen 14 novimber 2010.
  9. “Silk Road,” Metaphysics and Science Website . 2010. Rieplachte 16 novimber 2010.