Shirin Ebadi
(
1947
) is in
Iraanske
juriste. Yn
2003
hat sy de
Nobelpriis foar de Frede
krige foar har striid foar de rjochten fan froulju en bern yn Iran. Sy wie de earste moslemfrou dy't de priis wun hat. By it oannimmen fan de priis, op
10 desimber
2003 hie se in bulte kritiek op steaten dy't sunt
11 septimber
2001 under it mom fan de striid tsjin it ynternasjonale terrorisme de universele minskerjochten skeine.
Ebadi wie in froulike rjochter yn Iran. Nei de islamityske revolusje yn
1979
moast se har wurk dellizze. Froulju mochten doe gjin rjochter mear weze, omdat se neffens de ayatollahs te emosjoneel binne foar soksoarte funksjes.
Ebadi waard dosinte rjochten oan de
Universiteit fan Teheran
, en rekke ynternasjonaal ferneamd as abbekate foar de minskerjochten. Se wie de unoffisjele wurdfierder foar de froulju dy't yn
1997
in belangrike rol spilen by de ferkiezing fan
Mohamad Khatami
as presidint.
Yn 2000 waard Ebadi untslein, en op
28 juny
2000
waard se yn 'e hechten set. Letter waard hja ta in finzenisstraf under betingsten fan fyftjin moanne feroardiele.
- The Rights of the Child. A Study of Legal Aspects of Children's Rights in Iran (1994)
- History and Documentation of Human Rights in Iran (2000)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|