한국   대만   중국   일본 
Savannah (Georgia) - Wikipedy Springe nei ynhald

Savannah (Georgia)

Ut Wikipedy
Savannah
Emblemen
           
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat Georgia
County Chatham County
Sifers
Ynwennertal 145.674 (2015)
Oerflak 281,5 km² (ynkl. wetter)
267,1 km² (allinnich lan)
Befolkingsticht. 510,1 / km²
Stedekloft 379.199 (2015)
Hichte 15 m
Oar
Stifting 1733
Tiidsone UTC ?5
Simmertiid UTC ?4
Koordinaten 32°04′52″N 81°05′28″W
Offisjele webside
www.savannahga.gov
Kaart
De lizzing fan Savannah yn Chatham County en yn 'e steat Georgia .

Savannah (utspr.: [s?'væn?], likernoch: "suh- ve -nuh") is in sted yn 'e Amerikaanske steat Georgia en it haadplak fan it omlizzende Chatham County . It is in havensted dy't yn it sudeasten fan 'e steat leit, oan 'e muning fan 'e rivier de Savannah en de kust fan 'e Atlantyske Oseaan . Savannah waard yn 1733 tagelyk mei de Britske Koloanje Georgia stifte, en is dermei it aldste plak fan 'e steat. It stiet benammen bekend om syn histoaryske binnensted . Neffens in offisjele skatting ut 2015 hie de sted doe krapoan 146.000 ynwenners. As stedekloft , mei alle foarsteden en it heal ferstedske omlizzende plattelan derby, komt Savannah op in befolking fan hast 380.000 minsken ut. Dermei is it de op fjouwer nei grutste sted en de op twa nei grutste stedekloft fan Georgia.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Savannah waard stifte op 12 febrewaris 1733 , doe't generaal James Oglethorpe by Yamacraw Bluff oan lan gie mei Ingelske kolonisten fan it skip de Anne , en der ferwolkomme waard troch it opperhaad Tomo-Chi-Chi fan 'e Jamakrou ( Yamacraw ) en blanke keaplju John en Mary Musgrove . By dy earste moeting fungearre Mary Musgrove as tolk . Behalven de sted Savannah waard op dy datum tagelyk ek de Koloanje Georgia stifte.

It stedhus fan Savannah.

Savannah waard ferneamd nei de rivier de Savannah , werfan't de namme nei alle gedachten in ferbastering is fan ?a?wano?ki (letterlik: "Suderlingen"), it autonym fan 'e Sjany ( Shawnee ), in Yndiaansk folk dat omtrint 1680 oan dizze rivier wenne hie. In oare, minder wierskynlike teory is dat Savannah komt fan it wurd ' savanne ', wermei't de earste kolonisten de utstrutsen moerassen om 'e sted hinne oantsjutten hawwe soene.

Yn 1751 , doe't Georgia in kroankoloanje waard, krige Savannah de status fan haadsted taparte. Tsjin 1774 , doe't de Amerikaanske Unofhinklikheidsoarloch utbriek, hie it him untjun ta de sudlikste oerslachhaven fan 'e Trettjin Koloanjes . Under de oarloch waard Savannah yn 1778 ynnommen troch Britske troepen . It jiers derop besocht in mienskiplike Amerikaansk - Franske legermacht om 'e nocht en twing it Britske garnizoen ta oerjefte by it Belis fan Savannah . Pas yn july 1782 , doe't se de oarloch al ferlern hiene, droegen de Britten de sted wer oer oan 'e Amerikanen.

Neitiid wie Savannah de hiele njoggentjinde iuw troch ien fan 'e meast wolfarrende havensteden fan it Amerikaanske Suden . Op it omlizzende plattelan waard side en indigo produsearre, dat beiden dingen wiene der't yn Jeropa in grutte fraach nei bestie. Dernjonken waard yn 'e haven fan Savannah ek fral in protte katoen ferhannele .

In frachtskip op 'e rivier de Savannah .

Under de Amerikaanske Boargeroarloch wie Savannah de op fiif nei grutste sted fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika en it wichtichste doel fan 'e ferneamde Mars nei de See fan 'e Noardlike generaal William T. Sherman . Op 21 desimber 1864 laten underhannelings tusken ofsieren fan Sherman en fertsjintwurdigers fan 'e pleatslike oerheid ta de freedsume oerjefte fan Savannah oan 'e Noardlike troepen, wat de sted rede fan deselde ferwuostging dy't earder Atlanta troffen hie.

Yn 'e tweintichste iuw krige Savannah yn 'e Feriene Steaten in beskate bekendheid as it berteplak fan Juliette Gordon Low , de oprjochtste fan 'e Girls Scouts of the USA (de Amerikaanske paadfinerij foar famkes ). Under de Olympyske Spullen fan 1996 , yn Atlanta , wie Savannah it plak der't de Olympyske hurdsylwedstriden holden waarden.

Savannah hjoed de dei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Savannah binne op it med fan underwiis fjouwer universiteiten en hegeskoallen festige: de Armstrong Steatsuniversiteit , it Savannah College of Art and Design (SCAD), de Steatsuniversiteit fan Savannah en de Sudlike Universiteit . De pleatslike ekonomy moat it benammen hawwe fan hannel , toerisme , yndustry en de utjeften dy't der dien wurde troch de Amerikaanske Striidkreften . Yn 'e perioade tusken 2009 en 2014 wie Savannah de op trije nei grutste containeroerslachhaven fan Noard-Amearika . Yn 'e sted is u.m. it Noardamerikaanske haadkertier festige fan J.C. Bamford , de op twa nei grutste fabrikant yn 'e wrald fan swier materieel , lykas shovels en boukranen .

River Street, yn 'e histoaryske binnensted fan Savannah.

De grutste toeristyske attraksje fan Savannah is de histoaryske binnensted , dy't jiers mear as 11 miljoen besikers lukt, en yn it boppegemiddelde jier 2014 sels 13,5 miljoen. De pleatslike horeka en entertainmentsektor farre der fansels wol by en biede wurk oan mear as 17.000 minsken. In oare wichtige trekpleister is it eilan Tybee , ien fan 'e See-eilannen , dat lyk foar de kust fan Savannah leit, en ek wol bekend stiet as 'Savannah Beach'; d.w.s. it stran fan Savannah. Behalven strannen is der ek it Tybee Island Light Station te finen, de aldste fjoertoer oan 'e sudlike Atlantyske kust fan 'e Feriene Steaten.

Sustersteden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It monumint foar de sneuvele Konfederearre soldaten yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grun fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Savannah yn 2015 in befolking fan 145.674 minsken . De befolkingstichtens bedroech 510,1 minsken de km². As stedekloft , mei alle foarsteden en it heal ferstedske omlizzende plattelan derby, komt Savannah ut op in befolking fan 379.199 minsken . Dermei is it de op fjouwer nei grutste sted en de op twa nei grutste stedekloft fan Georgia.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Savannah 13,3% alder as 65 jier en 25,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 31,4% fan 'e hushaldings ut ien persoan , wylst 21,8% fan 'e befolking under de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 55,0% swarten ; 33,9% blanken ; 4,1% Latino's ; 2,0% Aziaten ; 0,03% Yndianen ; 5,0% oaren of fan mingd etnysk komof.

Berne yn Savannah [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Mickve Israel- synagoge , de op twa nei aldste synagoge yn 'e Feriene Steaten .

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Savannah hat in fochtich subtropysk klimaat , mei lange en hast tropyske simmers en koarte, mylde winters . Yn july , de waarmste moanne , is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,6 °C (en nachts 22,7 °C), en yn jannewaris , de kaldste moanne, is dat 15,8 °C (nachts 3,7 °C). Rekortemperatueren yn Savannah wiene 41 °C op 20 july 1986 en ?16 °C op 21 jannewaris 1985 . Savannah kriget jiers trochinoar 1.218,2 mm delslach en 2756,7 oeren sinneskyn . Snie falt der mar komselden en is by sokke gelegenheden samar wer fuortteid . Yn septimber 2017 hie Savannah te krijen mei swiere oerstreamings dy't it gefolch wiene fan 'e trochtocht fan 'e orkaan Irma .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes , References en Further reading , op dizze side .