Sjeik
Sabah al-Achmed al-Djaber al-Sabah
(
Arabysk
: ???? ?????? ?????? ???????, sekuere
transliteraasje
:
?aba? al-A?med al-?abr al-?aba?
), ek bekend as
Sabah IV
, (
Koeweit-Sted
,
16 juny
1929
?
Rochester
(
Minnesota
),
29 septimber
2020
) wie
emir
fan
Koeweit
fan
2006
oant syn
ferstjerren
yn
2020
. Foartiid hied er al in
reputaasje
festige as in betochtsum
diplomaat
doe't er
minister
fan Butenlanske Saken en letter
premier
fan Koeweit wie.
Sabah waard yn
1929
berne
yn
Koeweit-Sted
as de fjirde
soan
fan
sjeik
Achmed al-Djaber al-Sabah
en dy syn
frou
Munira Otman Hamad al-Ajar al-Said. Hy wie in
telch
ut it
Hus fan Sabah
fan 'e
emirs
fan
Koeweit
, in funksje dy't syn heit Achmed fan
1921
oant
1950
beklaaide. Sabah genoat syn
oplieding
yn Koeweit fan
priveelearaars
.
Sabah tsjinne fan
1963
, twa jier nei't Koeweit unofhinklik wurden wie fan it
Feriene Keninkryk
, oant
1991
en fan
1992
oant
2003
as
minister
fan Butenlanske Saken fan Koeweit. Fan
1965
oant
1967
wied er ek pleatsferfangend minister fan Finansjes. Yn 'e krapoan fjirtich jier dat er minister fan Butenlanske Saken wie, boude Sabah in
reputaasje
op as betochtsum en kundich
diplomaat
. Hy bemiddele tusken
Pakistan
en
Bangladesj
, tusken
Turkije
en
Bulgarije
, tusken
Palestina
en
Jordaanje
, tusken underskate faksjes yn 'e
Libaneeske Boargeroarloch
, en tusken de
Arabyske Golfsteaten
en
Iraan
.
Yn
augustus
1990
gied er mei de rest fan it Koeweitske
regear
yn
ballingskip
yn
Saudy-Araabje
doe't
Koeweit beset waard
troch
Irak
. In jongere
broer
fan him, sjeik
Fahad al-Achmed al-Djaber al-Sabah
, in
ofsier
by de Koeweitske
kommando's
, kaam by de ynvaazje om yn 'e striid tsjin 'e Irakezen yn 'e
Slach om it Dasmanpaleis
. Nei de befrijing fan Koeweit yn 'e
Earste Golfoarloch
, begjin
1991
, wie Sabah ferantwurdlik foar it weropbouwen fan 'e ynternasjonale relaasjes fan syn lan.
De emir fan Koeweit foar Sabah,
Djaber al-Achmed al-Sabah
, wie in
healbroer
fan him. Dyselde beneamde him yn
july
2003
ta
premier
fan Koeweit. Nei it
ferstjerren
fan Djaber, op
15 jannewaris
2006
, waard er opfolge troch syn
kroanprins
, sjeik
Saad al-Salim al-Sabah
. De
Nasjonale Assimblee
ornearre lykwols dat de krebintige Saad net sun genoch wie foar de funksje fan emir. Wat him krekt mankearre is noch altyd net dudlik; yn 'e
media
giene geroften dat er oan 'e
sykte fan Alzheimer
litte of op oare wize slim yn 'e
minnichte
rekke wie. Men wie it der oer it algemien oer iens dat er alteast in diel fan 'e tiid net it fermogen hie om te
praten
. Nei in machtsstriid binnen de keninklike famylje waard Saad op
24 jannewaris
, nei acht dagen oan it bewald west te hawwen, twongen ta
abdikaasje
. Foar him yn it plak waard op
29 jannewaris
Sabah as emir ynsward.
Under syn
regear
loste Sabah yn
maart
2008
en jitris yn
2012
in krisis tusken it regear en it
parlemint
op troch it parlemint te untbinen. Op it med fan 'e butenlanske
polityk
sette er syn belied fan bemiddeling tusken stridende partijen fuort. Sa fungearre er yn
2016
as gasthear foar de troch de
Feriene Naasjes
fasilitearre
underhannelings
tusken de foaroanlju fan 'e stridende partijen yn 'e
Twadde Jemenityske Boargeroarloch
.
Doe't yn
juny
2017
de
Katareeske Diplomatike Krisis
utbriek tusken
Katar
oan 'e iene kant en
Saudy-Araabje
en syn bunsgenoaten oan 'e oare kant (om't Katar net nei it Saudyske pipen dunsje woe), stelde Koeweit him under lieding fan Sabah
neutraal
op. De emir besocht om 'e nocht te bemiddeljen tusken Katar oan 'e iene kant en Saudy-Araabje en de
Feriene Arabyske Emiraten
oan 'e oare kant. Fierders wie Sabah ek yngeand behelle yn 'e opfang fan
flechtlingen
yn it
Midden-Easten
dy't ut harren wenkriten ferdreaun wiene troch de
Syryske Boargeroarloch
. Under syn lieding skonk Koeweit derfoar
$
800 miljoen. Foar dy ynset waard Sabah yn
novimber
2014
troch de Feriene Naasjes de Humanitere Medalje fan 'e
Ynternasjonale Organisaasje foar Migraasje
(IOM) takend.
Sabah wie
troud
mei Fatuwah bint Salman al-Sabah, dy't yn
1990
kaam te
ferstjerren
. Mei har hied er fjouwer
bern
, under wa syn soan
Nasser Sabah al-Achmed al-Sabah
.
Yn syn leste jierren rekke it mei de sunens fan Sabah yn it neigean. Nei
moannen
yn it
sikehus
lein te hawwen yn 'e
Amerikaanske
Mayoklinyk
yn
Rochester
, yn
Minnesota
, kaam er dere op
29 septimber
2020
te
ferstjerren
yn 'e
alderdom
fan 91 jier. It Koeweitske regear kundige derop fjirtich
dagen fan nasjonale rou
of. Sabah waard opfolge as emir troch syn jongere healbroer
Nawaf al-Achmed al-Djaber al-Sabah
.