Ryksstannen

Ut Wikipedy
Symboalyske opstelling fan de ryksstannen op in kopergravuere ut 1606
It Hillige Roomske Ryk om 1400 hinne
It Hillige Roomske Ryk yn 1648

De ryksstannen wiene yn it Hillige Roomske Ryk persoanen en gebieten dy't mei de Ryksdei mei dwaan mochten. Derfoar moasten se lykwols al ryksunmidlik weze, dus streekrjocht underhearrich oan de keizer. Hja koene oer harren gebieten hearskje mei in grutte mjitte fan selstannigens.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It systeem fan de ryksstannen ferfong it alde systeem fan de stamhartochdommen yn de eardere midsiuwen . De alde Karolingyske stamhartochdommen wiene de ferdieling fan Dutslan under de Salyske dynasty . Yn de iere hege midsiuwen, under de Hohenstaufen , rekken se feraldere en yn 1180 waarden se troch keizer Freark I Barbarossa opheft en ferparte yn lytsere foarstendommen. Fan 1489 of waarden de ryksstannen dy't fertsjintwurdige wiene yn de Ryksdei, yn trije kolleezjes ferparte: it kolleezje fan de karfoarsten ( Kurfurstenkollegium of Kurfurstenrat ), it kolleezje fan de ryksfoarsten ( Reichsfurstenrat ) en it kolleezje fan de frije rykssteden . Ryksgreven en eallju dy't net streekrjocht fertsjintwurdige waarden yn de Ryksdei, nettsjinsteande harren ryksunmidlike status, wiene feriene yn "banken" mei elts in yndividuele stim. Ryksridders hiene de ryksunmidlike status, mar wiene net fertsjintwurdige yn de Ryksdei.

Gearstalling fan de Ryksdei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Wikipedy hat ek in side Ryksdei (Hillige Roomske Ryk) .

Sunt 1489 wiene de ryksstannen yn de Ryksdei yn trije kolleezjes undeferparte:

  • It Karfoarstekolleezje (of Karfoarsteried)
  • De Ryksfoarsteried, mei fjouwer Ryksgrevebanken mei elts 1 stim en twa Ryksprelatebanken mei elts 1 stim ynbegrepen.
  • It Ryksstedekolleezje, besteande ut twa Ryksstedebanken.

Foar in rjochtsjildich beslut fan de Ryksdei, wie it ynstimmen fan alle trije kolleezjes nedich.

De ryksridders wiene net op de Ryksdei fertsjintwurdige, hoewol't se wol ryksunmidlik wiene, en ferskate kearen besocht hawwe in kollektive fertsjintwurdiging te krijen.

Persoanlike en kollektive stimmen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ryksstannen wiene te ferpartsjen yn dyjingen dy't persoanlik in sit yn de Ryksdei hiene, en dyjingen dy't kollektyf sitting hiene.

Persoanlike sitting hiene de karfoarsten en alle oare ryksfoarsten: de hartoggen , de prinsbiskoppen en foarstlike ryksabdijen . Hja hiene yndividueel stimrjocht ( Virilstimme ). In kollektive sitting hiene de ryksgreven en -hearen, de rykssteden en de ryksabdijen (de ryksprelatekolleezjes). Hja hiene allinnich mienskiplik stimrjocht ( Kuriatsstimme ).

Tsjerklike en sekuliere stannen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ryksstannen wiene ek te ferpartsjen yn in tsjerklike of geastlike en in sekuliere of wraldske stannen:

  • De tsjerklike (geastlike) ryksstannen wiene de trije geastlike karfoarsten, de oare geastliken mei wraldlik gesach en de grutmasters fan de Maltezer Oarder en de Dutske Oarder .
  • De sekuliere (wraldske) ryksstannen wiene de fjouwer wraldlike karfoarsten, de wraldlike ryksfoarsten, de ryksgreven en rykshearen en de frije rykssteden .

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]