Rodeo

Ut Wikipedy
It beriden fan in wyld hynder op 'e Calgary Stampede -rodeo fan 2002 .
Dizze side giet oer it wedstrydevenmint rodeo . Foar oare betsjuttings, sjoch: Rodeo (betsjuttingsside) .

In rodeo (utspr.: ['ro?di.o?], likernoch " roo dioo", of [ro'dei.o?], likernoch: "roo dee joo") is in wedstrydsport dy't fuortkomt ut it hoedzjen fan kij troch cowboys yn 'e Feriene Steaten , Kanada en Meksiko en yn mindere mjitte yn Sud-Amearika , Austraalje en Nij-Seelan . Hjoed de dei binne rodeo's tige populer yn hast de hiele westlike helte fan 'e Feriene Steaten en teffens yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta . Rodeo is de offisjele steatssport fan 'e Amerikaanske steaten Wyoming , Sud-Dakota en Teksas . Yn Alberta is men dwaande om fan rodeo de offisjele provinsjale sport te meitsjen. It tradisjonele seizoen foar it halden fan rodeo's rint fan 'e maityd oant de hjerst , hoewol't guon profesjonele kompetysjes trochgeane oant yn desimber . Yn Nederlan is rodeo by wet ferbean fanwegen omtinkens yn it ramt fan bistewolwezen .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste rodeo's wiene ynformele festiviteiten dy't yn Meksiko holden waarden yn 'e 1820 -er en 1830 -er jierren. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw untjoegen rodeo's har ta offisjele wedstrydeveneminten. De earste echte rodeo waard yn 1872 organisearre yn Cheyenne , yn 'e Amerikaanske steat Wyoming , wylst de earste profesjonele rodeo yn 1888 holden waard yn Prescott , yn steat Arizona . Tusken 1890 en 1910 untwikkelen rodeo's har ta fermaak foar in breder publyk as inkeld cowboys , troch ek eleminten fan Wyldwestshows te ynkorporearjen en ferneamde artysten as Buffalo Bill en Annie Oakley oan te luken. Tsjin 1910 bestiene hast alle grutte hjoeddeistige rodeo-eveneminten al, werunder de Calgary Stampede , de Pendleton Round-Up en de Cheyenne Frontier Days .

Bolleriden .

Underdielen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rodeo's besteane ut in ferskaat oan underdielen, dy't basearre binne op 'e tradisjonele feardichheden fan cowboys . Sa is der keallebinen ( tie-down roping ), tiimbinen ( team roping ), oksewrakseljen ( steer wrestling ), wyldhynsteriden mei seal ( saddle bronc riding ), sealleas wyldhynsteriden ( bareback bronc riding ), bolleriden ( bull riding ) en tuneriden ( barrel racing ). Sokke underdielen falle utinoar yn twa haadkategoryen: de underdielen mei unbeleard fee en de tiidwedstriden. Ofhinklik fan 'e tradysjes fan 'e regio en de kar fan 'e organisaasje kinne der ek noch oare underdielen oan in rodeo tafoege wurde, lykas untsnappingsfangen ( breakaway roping ), geitebinen ( goat tying ) en pealbugen ( pole bending ).

Dielname fan froulju [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Froulju nimme al lang diel oan rodeo's. De ierst bekende froulike rodeorydster wie Prairie Rose Henderson , dy't yn 1901 meidie oan 'e Cheyenne Frontier Days. Tsjin 1920 diene froulju ek mei oan 'e underdielen mei unbeleard fee. Mar nei't Bonnie McCarrol ferungelokke yn 'e Pendleton Round-Up fan 1929 en Marie Gibson yn 1933 omkaam by in fal fan har hynder, waard de dielname fan froulju oan bannen lein. Neitiid rjochten froulju harren eigen rodeoferienings op en organisearren se harren eigen rodeo's los fan 'e manljusrodeo's. Tsjintwurdich omfetsje de measte rodeo's frouljustuneriden en soms ek frouljusuntsnappingsfangen en frouljusgeitebinen. Fierders nimme froulju it lykweardich op tsjin 'e manlju by it tiimbinen, soms yn mingde tiims. De underdielen mei unbeleard fee binne foar froulju lykwols allinnich tagonklik op spesjale frouljusrodeo's.

Tuneriden ( Barrel racing ).

Sportbunen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e Feriene Steaten wurde profesjonele rodeo's holden en organisearre under de auspysjes fan 'e Professional Rodeo Cowboys Association (PRCA) en de Women's Professional Rodeo Association (WRPA), wylst oare nasjonale ferienings besteane foar berne-, tiner-, studinte- en senioare-rodeo's. Ek Yndianen ( All Indian Rodeo Cowboys Association ) en oare etnyske minderheden en homoseksuelen hawwe harren eigen rodeo-organisaasjes. Yn Kanada is it nasjonale sportbun de Canadian Professional Rodeo Association (CPRA), en yn Meksiko de Federacion Mexicana de Rodeo (FMR). Yn Austraalje en Nij-Seelan wurdt de rodeosport beavensearre troch de Australian Professional Rodeo Association (APRA), resp. de New Zealand Rodeo Cowboys Association (NZRCA).

Bisterjochten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De iepeningsseremoanje fan 'e Pendleton Round-Up.

De rodeosport hat yn Noard-Amearika sterke wjerstan krigen fan aktivisten op it med fan bistebeskerming en bisterjochten , dy't uthalde dat de ferskate wedstriden mei bisten delkomme op bistemishanneling . Sa soene de kij en hynders dy't foar rodeo's brukt wurde, geregeldwei brutsen bonken oprinne en fleiswunen krije trochdat ruters spoaren bruke. Ek soe de bollen by it bolleriden in flank strap ombun wurde, in tou dat strak oer de testikels hinne rinne soe om 'e bollen lulk te meitsjen.

Der binne lykwols strange regels foar it gebruk fan spoaren (dy't run en stomp weze moatte) en de eigners fan 'e hynders en bollen sjogge harren djoere bisten net graach ferwune reitsjen. De flank strap wurdt yn it echt loskes om it underlichem fan 'e bolle lein en beslist net oer de testikels, want dan soe it bist him net mear bewege wolle. Oan 'e oare kant is it wier dat de flank strap bedoeld is om 'e bolle lulk te meitsjen; hy wurdt yn 'e opstapkoai troch in begelieder strak lutsen foar't de bolle mei syn berider loslitten wurdt. De flank strap docht gjin sear, mar yrritearret it bist, dat trochgiet mei omspringen oant it tou wer losser sit, ek al is de berider al ofsmiten.

Under druk ut 'e hoeke fan 'e bistebeskerming en fanwegen de ynfloed dy't de bisterjochtelobby op 'e publike opiny hat, binne der yn 'e Noardamerikaanske rodeosport fierders noch ferskate oanpassings dien en regels opsteld dy't de behanneling fan bisten ferbetterje moatte. Likegoed hawwe guon pleatslike en regionale regearings yn 'e Feriene Steaten en Kanada de rodeo oan bannen lein (troch bgl. it bruken fan 'e flank strap ut te bannen) of hielendal ferbean. Ynternasjonaal is rodeo ferbean yn Nederlan en it Feriene Keninkryk , wylst yn it meastepart fan 'e oare Jeropeeske lannen beskate rodeopraktiken ferbean binne.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Sources , op dizze side .