Reynkarnaasje

Ut Wikipedy
Reynkarnaasje utbylde yn keunst

Reynkarnaasje of werberte ( Latyn , "op 'e nij yn it fleis"; Gryksk metempsychosis , "op 'e nij besiele", derfandinne "sielsferhuzing") is it leauwen dat it net lichaamlike part fan in libjend wezen (yn de westerske wiisbegearte trochstrings siel neamd) nei de dea net ophaldt te bestean mar op 'e nij berne wurdt. It idee fan werberte bestiet al sunt tuzenen jierren foar Kristus en komt foar yn alderlei religys en kultueren oer de hiele wrald.

Yn Religys [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Reynkarnaasje wurdt meastal rekkene ta de religys fan it hindoeisme en boedisme . Yn dizze religys is it sterk besibbe mei it begryp karma . Oer it generaal wize Kristenen it idee fan werberte yn it fleis of, omdat foar harren werberte geastlik beskoge wurdt. Lykwols binne der in soad kristenen dy't der net ofwizend tsjinoer stean.

Reynkarnaasje komt fierders foaral foar yn de New Age bewegingen en by guon Yndiaanske religys fan Noard- en Sud-Amerika. Yn it Joadendom wurdt reynkarnaasje 'Gilgal' neamd.