한국   대만   중국   일본 
Reptilen - Wikipedy Springe nei ynhald

Reptilen

Ut Wikipedy
Reptilen
Taksonomy
ryk : dieren ( Animalia )
underryk : echte dieren ( Metazoa )
(sunder rang): weefseldieren ( Eumetazoa )
tuskenryk : twasidigen ( Bilateria )
(sunder rang): termdieren ( Nephrozoa )
boppestamme : nijmunigen ( Deuterostomata )
stamme : rechstringdieren ( Chordata )
understamme : wringedieren ( Vertebrata )
tuskenstamme : kaakdieren ( Gnathostomata )
boppeklasse : fjouwerpoatigen ( Tetrapoda )
(sunder rang): sauropsiden ( Sauropsida )
klasse : reptilen ( Reptilia )
Laurenti, 1768

De reptilen ( Latynske namme: Reptilia ) foarmje in ( parafyletyske ) klasse fan it underryk fan 'e echte dieren ( Metazoa ), de stamme fan 'e rechstringdieren ( Chordata ), de understamme fan 'e wringedieren ( Vertebrata ), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren ( Gnathostomata ) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen ( Tetrapoda ). Derbinnen wurde se tsjintwurdich ornaris mei de fugels ( Aves ) yndield by de sauropsiden ( Sauropsida ). Ta de reptilen wurde de slangen , hagedissen , skyldpodden en krokkedillen rekkene. De tuke fan 'e biology dy't reptilen bestudearret, hjit de herpetology .

Skaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Reptilen underskiede har fan oare libbensfoarmen troch in krupende fuortbeweging, itsij trochdat de poaten oan 'e sydkanten fan it lichem sitten, itsij om't se hielendal gjin poaten (mear) hawwe. Oare skaaimerken binne kaldbloedichheid , it hawwen fan skobben en it lizzen fan aaien mei in ekstra membraan (oftewol in kalkene skaal) deromhinne om fuortplanting op it lan mooglik te meitsjen. Gjinien fan dizze skaaimerken is lykwols ta reptilen beheind: lidpoatigen krupe ek; amfibyen binne kaldbloedich; fugels hawwe skobben (op 'e poaten); en fugels en guon suchdieren lizze aaien mei in skaal deromhinne. It is de kombinaasje fan 'e beskreaune eigenskippen dy't in bist ta in reptyl makket.

Untwikkeling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ierst bekende reptilen untstiene sa'n 315 miljoen jier lyn, yn it Karboan , ut heechuntwikkele reptyleftige amfibyen , dy't har wat langer wat better oanpasten oan it libben op it lan. Guon groepen reptilen stoaren neitiid ut by massale utstjerrensfoarfallen, lykas dy oan 'e ein fan it Mesosoikum , dy't ek de dinosauriers lytsman makke. Lykwols bewenje moderne reptilen no alle kontininten utsein Antarktika . Yn grutte rinne se utinoar fan 'e minuskule dwerchgekko ( Sphaerodactylus ariasae ), dy't 17 mm lang wurdt, oant de seekrokkedil ( Crocodylus pororus ), dy't in lingte fan 6 m en in gewicht fan mear as in ton berikke kin.

Taksonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De taksonomyske yndieling fan reptilen is problematysk, mei't de tradisjonele groepen fan 'e slangen en hagedissen , de krokkedillen en de skylpodden eins ferspraat binne oer in ofstamming dy't ek de dinosauriers en de fugels omfiemet. De krokkedillen, bygelyks, binne folle nauwer besibbe oan 'e fugels as oan 'e hagedissen of de skylpodden. Derom soene de dinosauriers en de fugels dus eins ek as reptilen beskoge wurde moatte, mar by fugels wurdt dat nea dien. Dinosauriers waarden foarhinne wol as reptilen sjoen, mar underwilens hat men substansjeel fossyl bewiismateriaal opdold der't ut blykt dat ek dy net (of net alle) boppeneamde reptyleftige skaaimerken dielden. Sadwaande beskogje wittenskippers de term "reptilen" tsjintwurdich oer it algemien as parafyletysk en dus efterhelle, en sprekke se ynstee leaver fan sauropsiden , der't sawol de reptilen as de dinosauriers en de fugels under beflapt wurde kinne. Yn it spraakgebruk fan leken is de term "reptilen" lykwols sa ynboargere dat it unrealistysk is om te ferwachtsjen dat er ea yn unbruk reitsje sil.

Klassifikaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hjirunder de wittenskiplike opbou fan 'e sauropsiden , ynklusyf de reptilen, de dinosauriers en de fugels .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .