Proaza

Ut Wikipedy

Proaza is in taalfoarm en literer sjenre dat de gewoane grammatikale struktuer en de natuerlike spraakritmen tapast ynstee fan 'e keunstmjittige kandanzen der't de poezij gebruk fan makket. Hoewol't der oer de krekte opbou fan proaza yn wittenskiplike fermiddens noch diskusjes geande binne, hat de ienfald en unopdienens derfan makke dat it hjoed de dei brukt wurdt foar de grutte mearderheid fan sawol it minsklik spraakgebruk as de mei lettertekens festleine taal. Skreaune proaza omfettet sawol fiksje as non-fiksje , lykas literatuer, kranten en tydskriften, ensyklopedyen , wetsteksten, ensfh.

Proaza wurdt ornaris ferkeazen boppe de folle formelere dichterlike opbou fan 'e tradisjonele poezij. Gedichten omfetsje yn 'e regel in metrum en/of rymskema, wylst proaza bestiet ut folsleine, grammatikale sinnen, dy't mei-inoar alinea's foarmje en derby estetyske aspekten fierhinne negearje, fral as it op sprutsen taal giet. Guon proazawurken omfetsje wol spoaren fan metrum of oare dichterlikens, en besykje beide sjenres mei sin trochinoar te mjuksjen; soks stiet bekend as proazapoezij . Lykstrekich dermei bestiet der poezij dy't fan hast alle wenstige regels untdien is; dat wurdt frij fers neamd.