Potsdamer Platz

Ut Wikipedy
Loftfoto fan Potsdamer Platz: lofts it DaimlerChryslerkertier mei it debis-Haus en Kollhoff-Toer, yn 'e midden de toer fan de Deutsche Bahn, rjochts it Sonysintrum, en foaroan it Beisheimsintrum

Potsdamer Platz is in drok ferkearsplein yn it sintrum fan Berlyn yn de wyk Tiergarten . It is neamd nei de sted Potsdam . Foar de twadde wraldkriich wie it in plak fan belang, mar wie yn de kriich foar it grutste part skansearre. Yn 1961 waard de Berlynske muorre dwers oer it plein oanlein. In nuver gegeven is dat oant 1989 noardlik fan de Potsdamer Platz in stik Eastberlynsk grungebiet oan de westkant fan de muorre lei, de Lenne-Dreieck. Dat trijehoekich stik lan tusken Ebertstrasse, Lennestrasse en Bellevuestrasse, wie Eastberlynsk grungebiet, mar wie ofsletten fan it easten om't de muorre in sa koart mooglik paad folgje moast fan de Potsdamer Platz nei de Brandenburger Tor , nammentlik fia de Eberstrasse.

Nei it ofbrekken fan de muorre yn 1989 kaam de opbou fan de Potsdamer Platz, dit resultearre yn de grutste boustee fan Jeropa. Der kamen nije gebouwen op in lege flakte dy't untstien wie: u.o. it Daimler-Chrysler , Sony en de Deutsche Bahn hawwe harren haadkertieren der festige.

Yn 1990, krekt nei de fal fan de muorre, wie der in rockkonsert jun troch Roger Waters : The Wall.

It plein is ferneamd om ferskate teaters, filmhuzen en bioskopen. Der binne u.o. twa IMAX teaters festige mei it grutste bioskoopskerm fan Dutslan , der't films yn 3 D sjoen wurde kinne.

It plein is mei tunnels oansletten op it spoarnetwurk. Op it stasjon fan de S-Bahn stopje de S1, S2 en S25. Op it yn de jierren '90 nij boud stasjon stopje sunt 28 maaie 2006 de saneamde Regionalzuge. Ek is it plein te berikken mei de metro U2 en stopje der bustsjinsten.

De lokaasje fan de eartiidske Berlynske Muorre is op guon plakken mei stiennen yn de diken oanjun.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]