Pol Pot

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde utnuge en foegje jo witten hjir ta .
Pol Pot, 1978

Pol Pot ( Kmer : ???? ??) (wiere namme: Saloth Sar ; Khett Kampong Thum , 19 maaie 1925 ? Anlong Veng , 15 april 1998 ) wie in Kambodjaansk maoistyske revolusjoner dy't lieder fan de Reade Khmer wie fan 1963 oant syn dea yn 1998. Fan 1975 oant 1979 wie er de premier fan Demokratysk Kamputsjeje . Pol Pot waard lieder fan Kambodja op 17 april 1975. Under syn bewald untstie it saneamde agrarysk sosjalisme. Syn systeem twong stedsbewenner om te ferhuzjen nei it plattelan om op kollekive buorkerijen twongen te arbeidzjen. Twangarbeid, te min iten, minne medyske fersoarging en eksekusjes hiene fan gefolgen dat likernoch 21% fan de Kambodjaanske befolking it libben ferlear. Der wurdt rusd dat 2 oant 4 miljoen minsken stoarn binne under syn bewald.

De Fietnameeske ynvaazje fan Kambodja yn 1979 betsjutte de delfal fan Pol. Hy flechte de jungle fan Sudwest-Kambodje yn en mei it Reade Khmerbewald wie it dien. Fan 1979 oant 1997 halden Pot en it oerbliuwend part fan de Reade Khmer ta by de grins mei Tailan , der't hja oan de macht festhalden, mei in nominale er kenning fan de Feriene Naasjes as rjochtlike regearing fan Kambodja. Pol Pot stoar 1998 under fertochte omstannigheden wylst er husarrest hie fanwege de fraksje fan Ta Mok fan de Reade Khmer.

Oer Pol Pot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]