한국   대만   중국   일본 
Po (rivier) - Wikipedy Springe nei ynhald

Po (rivier)

Ut Wikipedy
Rin en streamgebiet fan de Po
Ald izeren brege oer de Po, Kremona, Lombardije
De Po besuden Mantua

De Po ( Latyn : Padus en Eridanus ; Italjaansk : Po ) is in rivier yn Noard-Itaalje. Mei in langte fan sa'n 652 kilometer is er de langste fan Itaalje . Hy untspringt by de berch Monviso yn de Kottyske Alpen , rint dernei nei it easten oer under oaren Turyn , Piacenza en Ferrara nei de Adriatyske See , der't er in delta fan 380 km² foarmet. Yn de delta waard in beskerme natuergebiet ynrjochte, it Parco regionale del Delta del Po .

It ofwetteringsgebiet fan de Po beslacht 71.000 km², under mear in grut part fan de sudlike Alpen . De Po lost in unbidige mannichte wetter of ferlike mei oare gruttere rivieren. It hert fan it streamgebiet fan de Po, de Poflakte ( Italjaansk : Pianura Padana ), is it wichtichste ekonomyske - en yndustriele en tichtstbefolke gebiet fan Itaalje.

De Po is ferbun mei Milaan troch in stelsel fan kanalen , de navigli , dy't noch mei help fan Leonardo da Vinci untwurpen binne.

Sydrivieren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De wichtichste fan de 141 sydrivieren binne (L foar linker, R foar rjochter sydrivier):