한국   대만   중국   일본 
Playboy (tydskrift) - Wikipedy Springe nei ynhald

Playboy (tydskrift)

Ut Wikipedy
Playboy
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk , ferskaat
sjenre neakenfotografy
frekwinsje 1x de moanne
bestean 1953 ? no
oprjochter Hugh Hefner
plak haadred. Beverly Hills ( Kalifornje )
utjouwer Playboy Enterprises, Inc.
oplaach 1.008.000 ( 2014 )
ISSN 0032-1478
offisjele webside
www.playboy.com

Playboy , ek wol Playboy Magazine , is in neakenbled , fral ornearre foar heteroseksuele manlju , oprjochte yn 1953 troch Hugh Hefner (1926-2017). In playboy is immen dy't yn jet-set -fermiddens ferkeart, faak achter froulju oan sit en meast koarte ferhaldings hat. It bled jout foto's fan neakene froulju, saneamde Playboy Playmates , ofwiksele mei ynterviews en politike- en kulturele analyzes.

Bysunderheden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It earste numer fan Playboy hie Marilyn Monroe op de omslach (en op de middenside- centerfold ). It bleat hat altyd mear eroatysk as pornografysk west. De oplaach is, faaks troch de maklike tagong ta seks en eroatyske ofbyldings op ynternet, tige tebekrun. Yn 1972 waard fan in numer mear as 7 miljoen ferkocht. Yn 2005 wie de oplage fan de Amerikaanske utjefte noch mar 3 miljoen. Hugh Hefner's dochter Christie Hefner is tsjintwurdich de direkteur fan Playboy.

De Nederlanske en Belgyske ferzje besteane sunt maaie 1983 . Foar it Nederlanske numer posearre de doe 36-jierrige, neakene Jerney Kaagman . Covergirl fan dat numer wie Ellen Soeters . Playboy hat ek in edysje foar froulju, nammentlik Playgirl , mar dy wurdt net yn it Nederlansk utjun.

Yn 2005 ferskynde in wittenskiplik artikel oer de feroarings fan lichemsferhaldings fan de centerfoldmodellen yn de leste 50 jier [1] . Der waard konludearre dat der gjin oertsjugjende oanwizings binne foar in trend nei gruttere slankens; wol waarden ferskowings sjoen yn it oantal kearen dat fiif ferskate lichemstypen ofbyld wienen.

Ynternasjonale edysjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bekende Amerikaanske Playboymodellen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Marilyn Monroe
Bettie Page

Guon modellen waarden troch in fotoreportaazje yn Playboy Magazine wraldferneamd. Oaren stiene der ien kear yn en waard dernei noait mear wat fan fernaam.
List fan sukselfolle karrierefroulju:

Bekende Nederlanners yn Playboy Magazine [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rebecca Loos
Do

Karut bekende Nederlanners dy't ferskynden yn de Nederlanske utjefte fan Playboy Magazine:

Bekende Flamingen neaken yn Playboy Magazine [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Aria Giovanni (2007)

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • D.M. Garner, P.E. Garfinkal, D. Schwartz en M. Tompson : 'Cultural expectations of thinning in women', Psychological Reports , 47 (1980), s. 483-491.
  1. T. Seifert : 'Anthropomorphic characteristics of centerfold models: trends towards slender figures over time. Int J Eat Disord.', april 2005; 37(3):271-4.