Pinewood Studios

Ut Wikipedy
Pinewood Studios
Yngong fan 'e Pinewood Studios
Yngong fan 'e Pinewood Studios
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor tillefyzje - en filmyndustry
festige yn Iver Heath ( Ingelan )
oprjochte 1936
oprjochter Charles Boot
J. Arthur Rank
mem Pinewood Group
offisjele webside
www.pinewoodgroup.com/our-studios/uk/pinewood-studios
kaart
Pinewood Studios (Ingelân)
Pinewood Studios
Lokaasje yn Ingelan .

De Pinewood Studios binne in studiokompleks yn it Ingelske doarp Iver Heath yn Buckinghamshire , der't de opnamen foar in protte films , tillefyzjeprogramma's , reklamespotsjes en fideoklips plakfine. It kompleks stiet likernoch 29  km bewesten de Britske haadsted Londen . De Pinewood Studios meitsje diel ut fan 'e Pinewood Group , in bedriuw dat ek soartgelikense studiokompleksen yn oare dielen fan 'e wrald besit. De Pinewood Studios binne bekend wurden trochdat ferskate populere filmsearjes , lykas de Carry On -franchise en de James Bond -rige , der opnommen waarden.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Pinewood Studios waarden op 30 septimber 1936 iepene. It studiokompleks waard boud op it grutte langoed Heatherden Hall , dat ut 'e Fiktoriaanske Tiid stamme. Dat waard yn 1934 oankocht troch boumagnaat Charles Boot , dy't it lanhus omfoarme ta in kantoargebou en yn gearwurking mei in oare miljoner , itenswareprodusint J. Arthur Rank , fasiliteiten foar it opnimmen fan films op it byhearrende terrein bouwe liet. Boot neamde it nije bedriuw Pinewood (letterlik: "Dinnewald"), om't er in namme hawwe woe dy't op "-wood" einige, krekt as Hollywood , it sintrum fan 'e Amerikaanske filmyndustry , en om't der frijwat dinnebeammen op it langoed groeiden.

De earste film dy't (foar in diel) yn 'e Pinewood Studios opnommen waard, wie Londen Melody , fan regisseur Herbert Wilcox , ut 1937 . Yn 'e Twadde Wraldoarloch waarden de Pinewood Studios troch de Britske Striidkreften en de Poalske Loftmacht brukt foar de produksje fan propagandafilms . Nei de oarloch waarden der in protte Britske films opnommen, werunder, fan 1958 of, de Carry On -filmsearje . Begjin 1960-er jierren waarden de Pinewood Studios brukt foar de produksje fan 'e earste James Bond -film , Dr. No ( 1962 ). Neitiid waarden hast alle folgjende dielen ut dy filmrige alteast foar in part (ornaris de binnendoarsenes) yn 'e Pinewood Studios opnommen.

Oant 2001 wiene de Pinewood Studios underdiel fan The Rank Group , mar dat jiers waard it studiokompleks oerdien oan in kloft ynvestearders u.l.f. Michael Grade en Ivan Dunleavy . De oankeap troch dyselden fan 'e Shepperton Studios yn Londen late ta de oprjochting fan 'e Pinewood Group , in bedriuw dat him folslein taleit op 'e eksploitaasje fan studiokompleksen yn 'e hiele wrald. Deselde undernimming hat ek studio's yn besit yn Kanada , de Dominikaanske Republyk , Dutslan , Maleizje en de Feriene Steaten .

Fasiliteiten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Pinewood Studios omfiemje sechstjin soundstages foar de opnamen fan films en tillefyzjeprogramma's , dy't yn grutte utinoar rinne fan mar 160  oant it reuseftige 007 Stage fan 5.500 m². It 007 Stage waard oarspronklik yn 1976 boud foar de James Bond -film The Spy Who Loved Me ( 1977 ) en befettet in gigantyske wettertank, ien fan 'e grutsten yn Jeropa . It 007 Stage waard yn 1984 ferwoastge troch bran , mar fjouwer moanne letter werboud foar A View to a Kill . Op 30 july 2006 rekke deselde studio fannijs slim skansearre by in bran, mei as gefolch dat it dak foar in diel ynstoarte. Binnen in healjier waard it ferlaat wer reparearre. It op ien nei grutste soundstage fan 'e Pinewood Studios wurdt foarme troch it T Stage, mei in oerflak fan 2.800 m². It Richard Attenborough Stage, ferneamd nei de bekende akteur en regisseur , is likernoch like grut. Teffens binne der twa soundstages dy't spesjaal tarist binne foar it dwaan fan tillefyzje-utstjoerings. It alde lanhus Heatherden Hall mei syn grutte tunen stiet ek noch altyd en wurdt as opnamelokaasje brukt. Efter de soundstages binne hektares lan beskikber foar it bouwen fan butendoarsets.

Produksjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Films [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Pinewood Studios opnommen binne:


Tillefyzje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e Pinewood Studios binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas Eastenders , Midomer Murders , Teletubbies (1997-2001), Bob the Builder (1998-2004), Birds of a Feather (fan 2014 of), Red Dwarf (2015-2020), Andor (fan 2022 of) en Willow (fan 2022 of). Ek tillefyzjekwissen lykas The Weakest Link (2001-2009) en realitytillefyzjeprogramma's lykas The Voice UK (2013) binne der filme.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .