Peter de Grutte
,
tsaar
Peter I Aleksejevitsj Romanov fan Ruslan
; berne
Moskou
,
9 juny
1672
-
Sint Petersburch
,
8 febrewaris
1725
(yn de
Juliaanske kalinder
30 maaie
1672
-
28 jannewaris
1725
). Peter wie letterlik "grut", hy wie likernoch twa meter, mar hy wie ek in grut steatsman dy't
Ruslan
modernisearre hat.
Peter de Grutte wie de soan fan tsaar
Aleksej I Michajlovitsj Romanov fan Ruslan
en syn twadde frou Natalja Kyrillovna Narysjkina. Nei de dea fan Peter syn healbroer, tsaar
Feodor III
, yn
1682
waard de tsienjierrige Peter tsaar, mei syn mem Natalya as
regintesse
. Nei in bluodderich konflikt tusken de famyljes fan de twa froulju fan Aleksei I, waarden, as in kompromis, Peter en syn aldere, swaksinnige healbroer
Iwan
tegearre tsaar, mei Peter's healsuster
Sophia
as regintesse. Dat duorre oant Peter har yn
1689
ofsette, wernei't de healbruorren tegearre de titel fan tsaar halden. Nei't
Iwan
stoar yn
1696
wie Peter allinnich tsaar fan
Ruslan
.
Der't syn heit hoeden op in mear westersk Ruslan oanstjoerd hie, der foarme Peter Ruslan, oft it dat woe of net, om nei in naasje boud nei westersk foarbyld, en dermei nei in Jeropeeske grutmacht. Dat betsjutte herfoarming fan it leger en fan it regear, oanpassing fan it muntstelsel, de oersetting fan westerske boeken en ynfiering fan westerske klean, it stiftsjen fan in nije haadsted,
Sint Petersburch
, nei westersk model, it oanluken fan westerske yngenieurs en de studzje fan ferskate Westerske techniken. Foar dat leste doel gong Peter, wylst er op in diplomatike reis wie troch
Jeropa
, as learling oan it wurk, under oaren yn
1697
yn Nederlan der't er yn
Saandam
en
Amsterdam
troch it wurkjen op de werven
Skipsboutechnyk
learde, en yn
Deptford
yn
Ingelan
der't er de teory fan skipsuntwerp fierder bestudearre.
Yn eigen lan brochten de feroarings in soad protesten, mar tsjinstan waard mei hurde han delslein. Yn
1721
waard Peter utroppen ta earste keizer fan it
Russyske keizerryk
, wat er oan syn dea yn
1725
bliuwe soe. Nei syn dea soe it duorje oant
Katarina de Grutte
eardat in monarch Peters polityk fierderfiere soe, mar troch syn ynfloed wie Ruslan foarfest modernisearre.
Yn
1689
troude Peter mei
Eudoxia Lopoechina
. Se krigen trije bern, under oaren
Aleksej Petrovitsj Romanov
. Doe't Peter fan har ferfrjemde rekke stjoerde er har nei it kleaster. Doe't Aleksej yn
1718
nei it butenlan flechte liet Peter him foar heechferrie deadwaan. Earst Aleksejs soan
Peter II
soe keizer fan Ruslan wurde.
Yn
1703
moete Peter mei Martha Skavronskaja, de lettere Katarina, der't er syn fierdere libben mei trochbringe soe.
Yn
1707
troude it pearke, mar dat waard earst publyk makke yn
1712
. Se krigen alve bern, werfan allinnich
Anna
en
Elisabet
folwoeksen waarden. Yn
1724
waard
Katarina I
kroand ta keizerinne fan Ruslan. Sy regearre tegearre mei Peter oant syn dea en alinnich oant sy stoar yn
1727
.
Peter de Grutte hat faaks foar de gewoane boarger yn Ruslan net safolle te betsjutten han. Hy hat al de macht fan de tsjerke en de adel beheind, mar der wienen hieltyd noch grutte ferskillen yn Ruslan, dy't pas yn de
Russyske Revolusje
einige wurde soenen. Oan de oare kant hat hy dudlik ynfloed han op Ruslan as gehiel. Troch him waard Ruslan in grutmacht, der't op it Jeropeeske polityke toaniel rekken mei halden wurde moast.