Oerlis : Waadeilannen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Waadeilannen sjabloan [ boarne bewurkje ]

Ik ha in fraach oer it sjabloan oer de Waadeilannen. Werom stean net alle eilannen yn dit sjabloan? Wit ien dat?

It giet oer understeand sjabloan:

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen :
Noarderheaks - Teksel - Flylan - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelan - de Kalkman - Rif - Skiermuntseach - Simenssan - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderduntsjes
Eastfryske eilannen :
Boarkum - Kachelotplate - Lutje Horn - Memmert - Just - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen :
Helgolan - Jongnammensan - Knyp - Japsan - Sudereachsan - Noardereachsan - Noardstran - de Halligen - Palweerm - Oomram - Feer - Uthorn - Sol - Koardesan - Jordsan - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwun : Bant - Bosk - Buise

J'88

Der binne guons dy't net sa sjarmeard binne fan berjochten, omdat der ek kategoryen binne. Sjoch it oerlis dat hjir oer holden is: [ [1] ]. -- Geoffrey 18 mrt 2008, 23.15 (CET) [ beantwurdzje ]
Tige tank Geoffrey. It is in lestige diskusje. Ik bin eigenliks net tsjin dizze berjochten. Mar dan moat it der wol goed stean. Sa as it der no stiet is it, neffens my, net goed en moat it oanpast wurde (hoe solks moat wyt ik net).
Ik hoop dochs net dat ik dizze alde diskusje wer op gong bring wer troch oare minsken net mear skriuwe wol foar Wikipedy;-). J'88
Dat leste sil wol tafalle. Sa at jo yn it begjin al opmerke, de ynhald kloppet net hielendal. Better it is net dudlik wat hjir no wol en net by heart en ek eltsenien kin der wer oare ideeen oer hawwe. Dat is ek myn grutste beswier tsjin dit soarte berjochten, it liket wol aardich mar de ynhald is lestiger goed te krijen. Theun 19 mrt 2008, 20.50 (CET) [ beantwurdzje ]

Wat binne Waadeilannen? [ boarne bewurkje ]

Waadeilannen is in oersetting fan it Nederlanske Waddeneilanden . Dat hat mei Nederlansk nasjonalisme te krijen om us leech te lizzen. Ik bin fan betinken dat wy sokke ekstreem-rjochtse tinkwizen keare moatte op Wikipedy en as folwoeksenen de normale namme bruke. Yn alle oare talen utsein it Nederlansk binne op us side:

  • Bretonsk: Inizi Friz ar C'hornog
  • Deensk: De Frisiske Øer
  • Dutsk: Friesische Inseln
  • Esperanto: Okcident- Frisaj Insuloj
  • Ingelsk: Frisian islands
  • Katalaansk: Illes Frisones
  • Norsk (bokmal)?: De frisiske Øyer
  • Poalsk: Wyspy fryzyjskie

Omdat in soad Friezen har net bewust binne fan it Nederlanske nasjonalisme, lit ik de alde namme stean sadat hja it opsykje kinne mei de ferkearde Nederlanske namme.

Mei freonlike groetnis, de jimmer oprjochte Kening Aldgilles 20 foarjiersmoanne 2008, 17:37 (CET)

Dit is fansels wol hiel koart troch de bocht. It binne fansels waadeilannen, net om't it yn it nederlansk waddeneilanden neamt wurde mar om't it waadeilannen binne, dat wol sizze eilannen dy't op in waadkust untstien binne. Dus earne oars as in rotseilan as in fulkaaneilan.
Al dat gedram oer it Nederlansk nasjonalisme slacht as in tange op in baarch. Ek it neamen fan ekstreem-rjochts tinkwizen fyn ik der fier by troch. Sels op it webstee fan de Ynterfryske Rie wurdt gewoan oer in waadeilan sprutsen.
Fanut perspektyf fan Friezen dy't yn Fryslan wenje, is it part fan de westfryske waadeilannen fansels ek yn te dielen yn in hollansk waadeilan, fryske waadeilannen en grinzer waadeilannen.
Nammejouwing hat ek te krijen mei de geografyske en administrative yndieling en feroaret ek yn de rin fan de tiid. Om no te sizzen dat in dutske namme better oernaam wurde kin dan de nederlanske fyn ik net in automatisme wat we bruke moatte.
Ik haw wol yn de gaten dat jo altiten utgeane fan in tiid dat al dy eilannen frysk west hawwe, hoewol dat mei de noardfryske waadeilannen neffens my ek net foar alle eilannen jild. Mar der is fansels ek in tiidrek (bygelyks no) oan te wizen dat ynwenners fan de eilannen har perfoarst net as Frysk sjogge, sels op in pear eilannen dy't by de provinsje Fryslan hearre.
Koartsein ik haw wol myn betingsten oer dizze wyzigings, en dat komt ek noch it meast troch boppesteande argumentaazje fan Aldgilles. Theun 21 mrt 2008, 12.26 (CET) [ beantwurdzje ]

Edit war [ boarne bewurkje ]

Om in saneamde edit-war foar te kommen ha ik wat dinkjes feroare. De namme Fryske eilannen kinne wy hjir skoan bruke. Wy kinne der best grutsk op weze dat dy eilannen dy namme ha. It foardiel fan Wikipedy is dat wy as Friezen sels bepale kinne hokker namme wy kieze. At jo by sykje 'Waadeilannen' ynfolje, dan sjogge jo dat je op de side oer de Fryske eilannen utkomme. De earste sin jout klearrichheid oer de ynhald fan de side. Ynstee fan in emosjonele diskusje ha ik de subseksje 'namme' op 'e nij skreaun. Ynstee fan spekulearje ha ik by dy subseksje wat feiten neamd. Koartsein, elkenien kin leze dat it om de Waadeilannen giet, en elkenien kin de side fine. -- Kening Aldgilles 13 jun 2009, 17.55 (CEST) [ beantwurdzje ]

Ik haw de bewurkkriich utskreaun op Wikipedy:Oerlisside#Eilannen . Dan kin der in beslut oer naam wurde. Aliter 13 jun 2009, 19.18 (CEST) [ beantwurdzje ]