Oedmoersje

Ut Wikipedy
Autonome Republyk Oedmoersje

Удму?ртия республика (Russysk)
Удмурт Элькун (Oedmoertysk)

flagge wapen
polityk
soarte gebiet autonome republyk
lan Ruslan
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Oeral
haadplak Izjevsk
grutste plak Izjevsk
taal Russysk , Oedmoertysk
Etnyske groepen Russen 62,2%%
Oedmoerten 28,0%
Tataren 1,68%, Tataren 6,7%
(Stan 2010)
sifers
ynwennertal 1.484.460 (2022)
oerflak 42.061 km²
befolkingstichtens 35,29 ynw./km²
oar
stifting 4 novimber 1920
tiidsone UTC+4, MSK+1
koordinaten 57° 17' N 52° 45' E
webside www.udmurt.ru

Oedmoersje ( Russysk : Удму?ртия республика ; Udmoertija respublika; Oedmoertysk : Удмурт Элькун; Udmoert Elkun ) is in autonome republyk yn de Russyske Federaasje . Oedmoersje grinzget oan de autonome republiken Basjkortostan en Tatarije , de oblast Kirov en de kraj Perm . De grutste sted fan de autonome republyk Izjevsk .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oedmoersje leit yn Europeeske diel fan Ruslan westlik fan de Oeral tusken de rivieren de Kama en de Vjatka . It klimaat is tuskenbeide kontinintaal. De taiga oerhearsket yn it lanskip.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tsjin it ein fan de 16e iuw waard it noardlike diel fan Oedmoersje in underdiel fan Ruslan, wylst it sudlike diel by it Kazan-kanaat hearde. Nei de oermastering fan Kazan troch Ivan de Grousume yn 1552 waard ek it sudlike diel underdiel fan it Russyske keninkryk. Yn 1731 waard foar de bisdommen Kazan en Niznji Novgorod in kommisje oprjochte mei de suksesfolle opdracht de Oedmoerten te kristenjen.

Yn de jierren 1774-1775 namen de bewenners fan Prikamne, in gebiet dat grinzget oan de Kama, diel oan de boereoarloch under lieding fan Jemeljan Pugatsjov .

De twadde helte fan de 19e iuw betsjutte in gaueftige untwikkeling. Der waarden fabriken, skoallen en oare foarsjennings boud. Yn 1899 waard oer it gebiet ek it spoar fan Perm nei Kotlas oanlein.

Tusken de 18e en 20e iuw waarden de Oedmoertyske lannen troch it guvernemint Vjatka bestjoerd. De 'Oedmoertyske Autonome Oblast' waard op 4 novimber 1920 oprjochte (ynearsten as 'Votjaakske Autonome Oblast', mar om't de Oedmoerten de namme 'Votjaken' as in skelname underfunen, waard de namme letter feroare). Op 28 desimber 1934 krige it gebiet de namme 'Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Oedmoersje'. Sunt 11 oktober 1991 hjit it gebiet de 'Autonome Republyk Oedmoersje'.

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

"De beppes ut Boeranovo" (Boeranovskije Babusjki); in sjonggroep dy't yn Oedmoertyske dracht Ruslan fertsjintwurdige yn Baku op it Eurofyzjesongfestival, fan 2012. De beppes hellen it twadde plak

Russen foarmje de mearderheid fan de befolking. Oedmoerten binne in Finsk-Ugrysk folk en foarmje in minderheid. Oare minderheden yn Oedmoersje binne Tataren, Oekrainers en Mari. Dernjonken binne der ek Besermenen, dy't foar in hiel ein hinne assimilearre binne en under Oedmoerten rekkene waarden, mar sunt 2002 wer as in apart folk sjoen wurde.

De talen yn it offisjele ferkear binne Oedmoertysk en Russysk. Njonken oanhingers fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke binne der under de Tataren en Besermenen ek moslims.

Untwikkeling fertsjintwurdiging grutste folken fan Oedmoersje 1926-2010 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Folk 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010
Russysk 43,3% 55,7% 56,8% 57,1% 58,3% 58,9% 60,1% 62,2%
Oedmoertysk 52,3% 39,4% 35,9% 34,2% 32,1% 30,9% 29,3% 28,0%
Tataarsk 2,8% 3,3% 5,3% 6,1% 6,6% 6,9% 6,9% 6,7%

* Gegevens ofkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 3 augustus 2022

Bestjoerlike yndieling en steden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De republyk telt 25 rajon 's en fiif stedsdistrikten, dy't fanut de haadsted Izjevsk bestjoerd wurde. Njonken Izjevsk binne de grutste steden: Sarapul, Votkinsk, Glazov en Mozjga. Meiinoar binne der seis steden en fiif plakken mei in stedsk karakter.

Izjevsk
Sarapul oan de Kama
Gruttere plakken
Sted */ Delsetting mei stedsk karakter Russysk Ynwennertal Wapen Lokaasje
Balezino Балезино 14.569 (2021)
gjin
57° 58' N 53° 00' E
Glazov * Глазов 91.921 (2021) 58° 08' N 52° 40' E
Igra Игра 20.264 (2021)
gjin
57° 33' N 53° 05' E
Izjevsk * Ижевск 645.183 (2022) 56° 51' N 53° 12' E }
Jar Яр 6.242 (2021)
gjin
58° 14' N 52° 06' E
Kambarka * Камбарка 10.048 (2021) 56° 16' N 54° 12' E
Mozjga * Можга 48.750 (2021) 56° 27' N 52° 13' E
Novy Новый 5.951 (2021)
gjin
56 48' N 54° 02' E
Sarapul * Сарапул 94.554 (2021) 56° 28' N 53° 48' E
Uva Ува 19.934 (2021)
gjin
56 58' N 52° 10' E
Votkinsk * Воткинск 96.861 (2021) 57° 03' N 54° 00' E

* Ynwennertallen binne ofkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 3 augustus 2022

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dutsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Udmurtien


 
Dielgebieten fan Ruslan

Flagge fan Ruslân

Republyk Adygea ? Altai ? Basjkortostan ? Boerjaasje ? Chakasje ? Dagestan ? ( Donjetsk ) ? Ingusjeesje ? Kabardino-Balkaarje ? Kalmukje ? Karatsjai-Tsjerkjesje ? Kareelje ? Komi ? ( Krim ) ? ( Luhansk ) ? Mari El ? Mordoovje ? Noard-Osseesje-Alaanje  ? Oedmoersje  ? Sacha  ? Tatarstan  ? Tsjetsjeenje  ? Tsjuvasje ? Tuva
Kraj Altai ? Chabarovsk ? Kamtsjatka ? Krasnodar ? Krasnojarsk ? Perm ? Primorje ? Stavropol ? Transbaikal
Oblast Amoer ? Archangelsk ? Astrachan ? Belgorod ? Brjansk ? ( Cherson ) ? Irkutsk ? Ivanovo ? Jaroslavl ? Kaliningrad ? Kaluga ? Kemerovo ? Kirov ? Koergan ? Koersk ? Kostroma ? Leningrad ? Lipetsk ? Magadan ? Moermansk ? Moskou ? Nizjni Novgorod ? Novgorod ? Oarenburch ? Omsk ? Orjol ? Penza ? Pskov ? Rjazan ? Rostov ? Sachalin ? Saratov ? Smolensk ? Sverdlovsk ? Tambov ? Tjumen ? Tomsk ? Tsjeljabinsk ? Tula ? Tver ? Uljanovsk ? Vladimir ? Vologda ? Voronezj ? Wolgograd ? ( Zaporizja )
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje ? Jamalo-Nenetsje ? Nenetsje ? Tsjukotka
Federale sted Moskou ? Sint-Petersburch ? ( Sebastopol )
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslan, mar as diel fan de Oekraine