한국   대만   중국   일본 
Novimberrevolusje - Wikipedy Springe nei ynhald

Novimberrevolusje

Ut Wikipedy
Revolusjoneren op de Unter den Linden
Keizer Wilhelm II (fjirde fan links) by de Belgysk-Nederlanske grins op 10 novimber 1918 underweis nei syn ballingskip yn Nederlan

De Novimberrevolusje is in rige foarfallen yn Dutslan yn 1918 en 1919 mei as hichtepunt it ofsetten fan de Dutske keizer Wilhelm II en de foarming fan in demokratyske republyk , de Weimarrepublyk yn augustus 1919.

Lykas de Russyske Revolusje barde de Novimberrevolusje yn de kontekst fan de jammerdearlike gefolgen fan de Earste Wraldoarloch . De kapitulaasje troch it opperbefel under Erich Ludendorff feroarsake in politike krisis dy't late ta de machtsoername troch de liberale prins Maximiliaan van Baden . Hoewol't de wichtichste massa-arbeiderspartij, de SPD , yn it regear siet, blykte dit net genoch om de opstan foar te kommen.