한국   대만   중국   일본 
Nikolaas II fan Ruslan - Wikipedy Springe nei ynhald

Nikolaas II fan Ruslan

Ut Wikipedy
Nikolaas II (fotograaf: A. A. Pasetti), 1898

Nikolaas II Aleksandrovitsj ( Russysk : Николай II Александрович, Nikol a j II Aleks a ndrovitsj ) ( Tsarskoje Selo , 18 maaie 1868 ? Jekaterineburch , 17 july 1918 ) wie de leste tsaar fan Keizerryk Ruslan , grutfoarst fan Finlan en tituler kening fan Poalen .

Nicholas II syn regear duorre fan 1894 oant syn abdikaasje op 2 maart 1917. [1] Under syn bewald belibbe de grutmacht Tsaristysk-Ruslan in ekonomyske en militere delfal. Hy krige de bynamme Bluodderige Nikolaas fanwege de Kodynka trageedzje , Bluodderige snein , de antysemityske pogroms , de eksekusje fan politike tsjinstanners en syn grutskalige militere kampanjes.

Under syn regear waard Ruslan ferslein yn de Russysk-Japanske Kriich , mei in benei folsleine ferneatiging fan de Russyske float yn de Slach fan Tsusjima . Nikolaas stimde yn mei de mobilisaasje fan augustus 1914, wat it begjin fan de belutsenens fan Ruslan yn de Earste Wraldkriich betsjutte, in oarloch der't 3.3 miljoen Russen it libben by ferlieze soene. [2] De earnstige ferliezen fan it Russysk tsaristyke leger, Nikolaas syn inkompetinte hanneljen yn de kriich en yn oare politike saken under syn bewald, wurde faak neamd as de haadoarsaken fan de fal fan de Romanovdynasty .

Nikolaas II syn abdikaasje folge nei de Febrewarisrevolusje fan 1917. Hy waard mei syn famylje yn it earstoan festset yn it Aleksanderpaleis yn Tsarskoje Selo, letter yn it guverneusrhus yn Tobolsk it lest yn it Ipatjevhus yn Jekaterinenboarch. Nikolaas II, syn wiif, soan, syn fjouwer dochters, de dokter fan de hushalding, de tsjinstfeint fan de tsaar, de tsjinstfaam fan de tsarina en de kok waarden yn ien en deselde keamer fermoarde troch de Bolsjewiken yn de nacht fan 16 op 17 july 1918. Dat barren hat laat ta de kanonisaasje fan Nikolaas II, syn frou Aleksandra en harren bern as martelders by ferskate groepen dy't oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke ferbun wienen, yn Ruslan en der buten.

Hushalding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nikolaas troude 1894 mei de Dutske prinsesse Alix fan Hessen-Darmstadt , dy't nei har houlik de namme Alexandra Fjodorovna oannaam. Ut it houlik kamen fiif bern fuort:


Ofbyld Namme Berne Stoarn Bysunderheden
Grutfoarstinne Olga 15 novimber 1895 17 july 1918 Wie in skoft houliksgadingmakker foar Carol fan Roemenie .
Grutfoarstinne Tatjana 29 maaie 1897 17 july 1918 De favoryt fan har alden.
Grutfoarstinne Maria 14 juny 1899 17 july 1918 Wie in skoft yn byld as houlikskandidaat foar prins Louis Mountbatten .
Grutfoarstinne Anastasia 5 juny 1901 17 july 1918 Faaks it meast ferneamde bern fan Nikolaas en Aleksandra.
Grutfoarst Aleksej 12 augustus 1904 17 july 1918 Troanopfolger.

De ienige soan fan Nikolaas en Aleksandra, troanopfolger Aleksej, hie lykas syn omke Frederik te lijen fan hemofily , in erflike bloedsykte dy't net better koe. Derom helle de famylje de muonts en sinistere Grigori Raspoetin , dy't wunders dwaan kinne soe, yn 'e hus. Hy soe rillegau in grutte ynfloed krije, fral op de tsarina. Dat joech in protte ferset by de ealju en Raspoetin waard sa yn desimber 1916 deadien troch in tal Russyske eallju.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 maart 1917 neffens de Juliaanske kalinder , dat is 15 maart 1917 neffens de Gregoriaanske kalinder .
  2. Urlanis, Boris (1971). Wars and Population . Moscow