Nairobi
|
|
Sakesintrum Nairobi
|
Polityk
|
Lan
|
Kenia
|
Provinsje
|
Nairobi
|
Boargemaster
|
Geoffrey Majiwa
|
Sifers
|
Ynwennertal
|
4.397.073
(2019)
|
Oerflak
|
696 km²
|
Befolkingsticht.
|
6.317 / km²
|
Hichte
|
1661 m
|
Oar
|
Stifting
|
1899
|
Tiidsone
|
EAT (UTC+3)
|
Simmertiid
|
Gjin
|
Koordinaten
|
|
Offisjele webside
|
www.nairobicity.org
|
Nairobi
is de haadsted en grutste sted fan
Kenia
. De sted leit oan de rivier mei deselde namme op in hichte fan 1.661 meter yn it suden fan it lan. De namme komt fan it
Masai
Ewaso Nyirobi
, dat 'koele wetters' betsjut. It oantal ynwenners wie yn 2007 sa'n 2.864.667 (yn de stedekloft 3.778.742) en yn 2019 4.397.073. De talen dy't der it meast sprutsen wurde binne:
Swahily
,
Kikuyu
en
Ingelsk
. De gemeente Nairobi hat yn Kenia de status fan in provinsje.
Nairobi waard yn
1899
yn in sompe stifte as befoarriedingsdepot foar it
Ugandaspoar
tusken
Mombassa
en
Uganda
. Yn 1905 krige it de status fan haadsted fan de provinsje Nairobi. De sted waard begjin
20e iuw
folslein fannijs boud, neidat it rekke waard troch in
pestepedimy
en platbaarnd wie. Dernei bleau de sted groeien. Nairobi waard yn 1907 haadsted fan it
Britsk East-Afrikaansk Protektoraat
, yn it plak fan Mombassa, en bleau dat ek nei it unofhinklik wurden fan Kenia yn
1963
.
Nei de ein fan de
Twadde Wraldkriich
wie der de rebulje fan de
Mau Mau
.
Augustus 1998 pleegde de terroristske organisaasje
Al Qaida
in bomoanslach op de
Amerikaanske
ambassade
yn Nairobi.
Nairobi hat in ynternasjonale lofthaven,
Jomo Kenyatta International Airport
, de grutste fan East- en Sintraal Afrika. Yn 2006 ferwurke it 4,4 miljoen reizgers. Under oaren de
KLM
,
Kenya Airways
en
British Airways
fleane op Nairobi. De lofthaven is te berikken mei de taksy, bus en pindelbus. Kenia hat noch twa oare lofthavens foar ynternasjonaal ferkear: yn
Mombassa
en yn
Eldoret
.
Wilson Airport
is in lyts, mar drok, fleanfjild yn it suden fan Nairobi wat troch lytsere fleanmasines brukt wurdt, bygelyks foar it toeristeferfier. It fleanfjild waard yn de jierren '30 en '40 foar tuskenlaningen brukt op de rute fan
Southampton
nei
Kaapsted
. De ynternasjonale helporganisaasje
Missionary Aviation Fellowship
hat der in basis.
Nairobi hat ferskate universiteiten:
- Universiteit fan Nairobi
- Kenyatta University
- Strathmore University
- United States International University - Nairobi
- Daystar University
- Catholic University of Eastern Africa
- Africa Nazarene University
It
East African Herbarium
is in
herbarium
der't undersyk dien wurdt nei de flora fan East-Afrika.
De befolking fan Nairobi groeit op it heden mei 4.1% it jier.
[1]
Sa't it no liket sil Nairobi syn befolking de 5 miljoen berikke yn 2015.
Jier
|
Ynwennertal
|
Groei
|
1906
|
11,500
|
0
|
1911
|
14,000
|
2,500
|
1921
|
24,300
|
10,300
|
1926
|
29,900
|
5,600
|
1929
|
32,900
|
3,000
|
1931
|
47,800
|
14,900
|
1939
|
61,300
|
3,500
|
1944
|
108,900
|
47,600
|
1948
|
119,000
|
20,100
|
1955
|
186,000
|
67,000
|
1957
|
221,700
|
35,700
|
1960
|
251,000
|
29,300
|
1962
|
266,800
|
17,800
|
1965
|
380,000
|
113,200
|
1969
|
509,300
|
129,300
|
1979
|
827,775
|
318,475
|
1989
|
1,324,570
|
496,795
|
1995
|
1,810,000
|
485,435
|
1999
|
2,143,254
|
333,254
|
2005
|
2,750,561
|
607,307
|
2009
|
3,138,369
|
387,808
[2]
|