한국   대만   중국   일본 
N'Djamena - Wikipedy Springe nei ynhald

N'Djamena

Ut Wikipedy
N'Djamena
Polityk
Lan Tsjaad
Regio N'Djamena
Boargemaster Marie Therese Mbailemdana (2010)
Sifers
Ynwennertal sted: 993,492 (2009)
Stedekloft 1.518.988
Hichte 298 m
Oar
Stifting 29 maaie 1900
Koordinaten

Tsjaad

N’Djamena (oant 1973 Fort-Lamy ; Arabysk ???????|) is de haadsted fan de republyk Tsjaad en tagelyk de grutste sted fan it lan. De sted is in haven oan de rivier Chari en leit rjocht tsjinoer de sted Kousseri yn Kameroen , der't it troch in brege mei ferbun is. De regio N'Djamena is ferdield yn 10 arrondisseminten. It is fierders de regionale merk foar fee , salt , not , dadels en in moetingsplak fan belang. De measte yndustry haldt har dwaande mei it ferwurkjen fan fleis, fisk en it bewurkjen fan katoen . Alhoewol't de sted is soad te lijen han hat fan de boargeroarloggen yn Tsjaad (sunt 1965 ) hat it syn posysje as ekonomysk sintrum fan Tsjaad hanthavenje kinnen.

Der binne twa universiteiten , in Fransktalige (1971) en in Arabysktalige (1991) en skoallen foar administratyf underwiis en de oplieding ta bistedokter .

De sted hat in ynternasjonale lofthaven. N'Djamena is it eastlik einpunt fan de Trans-Saheliaanske Hearrewei, en is mei East-Afrika ferbun troch de Ndjamena-Dzjibuty Hearrewei. De grutte dyk fan Tripoly nei Kaapsted rint ek troch N'Djamena, sadat it in ferkearsknooppunt fan belang is yn Sintraal-Afrika. De rivieren Chari en Logone , eartiids de wichtichste ferbining nei buten ta, hawwe net folle mear te betsjutten foar hannel en ferkear.

De sted waard yn 1900 troch de Fransken stifte under de namme Fort Lamy , neamd nei de Franske legeroanfierder Francois Joseph Lamy dy't der dat jier krekt sneuvele wie.

Foto's N'Djamena [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De foto's binne nei alle gedachten ut 1960-69, Fort Lamy

Sustersteden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]