한국   대만   중국   일본 
Mildaam - Wikipedy Springe nei ynhald

Mildaam

Ut Wikipedy
Mildaam
Emblemen
               
Polityk
Lan flagge fan Nederlân Nederlan
Provinsje Fryslan
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 680 ( 1 jannewaris 2023 ) [1]
Oerflak 2,32 km², werfan
- lan: 2,27 km²
- wetter 0,05 km²
Befolkingsticht. 301 ynw./km²
Oar
Tiidsone UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koordinaten 52° 56' N 6° 0' E
Offisjele webside
webstee fan Mildaam
Kaart
Mildaam (Fryslân)
Mildaam
Kaart
Lokaasje Mildaam (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean

Mildaam is in doarp yn 'e gemeente It Hearrenfean . It doarp leit east fan It Hearrenfean yn in boskrike omjouwing en oan de noardside fan de rivier de Tsjonger .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mildaam is iuwen ald en leit op in sanrich. Der hawwe yn it fiere ferline grif al minsken wenne, mar yn alle gefallen wurdt it doarp Mildaam al yn 1408 yn in skriftlike boarne neamd, it jier dat der 50 " alde skylden " betelle wurde oan 'e biskop fan Utert.. Oare nammen fan Mildaam binne Meyledam (1523), Milendam (2e helte 16e iuw) en Miledam (1579).

It doarp lei oan de ferbiningswei tusken de hege sangrunen fan Drinte en Gaasterlan . Oan 'e sudkant rint de Tsjonger en yn it gebiet wie lang turfgraverij . Lang hat it doarp in sintrum west foar de agraryske omkriten en hie sels sunt 1682 in jiermerk hie. Yn 'e 19e iuw hie Mildaam sels twa jiermerken, mar yn 1952 binne de jiermerken ofskaft.

Eardere herfoarme tsjerke

Mildaam hat in skoftke in aparte gemeente west. Yn de Franske tiid foarme it in aparte "kommune", tinklik tegearre mei Brongergea en Nij-Brongergea . Derfoar en dernij wie it part fan de eardere gritenij en letter gemeente Skoatterlan , oant yn 1934 de nije gemeente It Hearrenfean foarme waard.

Mildaam hie al winterunderwiis sunt de 17e iuw. De skoalmasters fan it doarp wienen foarutstribjend. Sa die skoalhaad J.Kramer om 1902 hinne al proeven mei keunstdong. Hy helle gaskalk, in offalprodukt fan it gasfabryk en liet dat oer de lannen bringe. It lan brocht sa wol mear op, mar it stjonkte omraken.

Yn 1900 wienen der 120 huzen en feroare dernei sterk. Der kaam in molkfabryk en in wenningbouferiening.

Mienskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mildaam hat sunt 1904 in pleatslik belang. De doarpskrante Mildamster Brege ferskynt fjouwerris yn 't jier. De tradisjonele skelnamme foar Mildamers is molkenbakken of molkenbaksters, ek bledefeijers. Mildamers stiene yn 'e kontrijen bekend om harren wite hier. [2] [3]

Ekokatedraal

Tsjerke [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Protestantske gemeente "De Tjongervallei" (Ketlik-Mildaam-Nijhoarne-Aldhoarne-Bontebok)

Mildaam hat meardere tsjerken han, mar sunt 10 septimber 2023 is de leste tsjerke buten gebruk steld. De fermanje fan Mildaam bestie fan 1610 oant 1806. De herfoarme tsjerke waard yn 1964 sletten en is no yn hannen fan 'e stifting It Alde Tsjerkje Mildaem. Yn 2000 waard de lytse grifformeard-frijmakke tsjerke oan 'e Skoatterlanskewei 89 opheft en ferkocht. As leste tsjerke bleau de eardere grifformearde Tsjongertsjerke oant 10 septimber 2023 tsjinst dwaan as ien fan 'e twa tsjerken fan 'e PKN -gemeente Ketlik-Mildaam. Troch in fuzje mei de PKN Aldhoarne-Nijhoarne waard ek dy tsjerke oerstallich en sunt hat Mildaan gjin eigen tsjerkegebou mear.

Klokkestoel

Skoalle [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Lytse Kompanjon is it pjutteboartersplak.

Ferienings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

( Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside )

Befolkingsferrin [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005 2010
Ynwenners 297 491 481 539 611 724 741 730 708
Jier 2015 2020
Ynwenners 680 670

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers .)

Berne [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Eveneminten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ferskaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tsjongermune

Publikaasje(s) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wurkgroep Ald Mildaam : "Tusken wald en wetter" Schetsen uit de historie van Mildam en Brongerga

Strjitten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De strjitten fan Mildaam mei ferklearring fan de nammen.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. List mei skelnammen foar plakken en ynwenners fan Fryske plakken, utjun troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker.
  3. crwflags.com

It Hearrenfean
Doarpen en utbuorrens :
Aldeboarn ? Aldhoarne ? Aldskoat ? Akkrum ? Bontebok ? Gersleat ? Haskerdiken ? Hoarnstersweach ? It Hearrenfean ? Jobbegea ? Ketlik ? De Knipe ? Lunbert ? Mildaam ? Nes ? Nijbrege ? Nijhoarne ? Nijskoat ? Oranjewald ? Terbant ? Tsjalbert
Buorskippen :
Aldskou ? Annebuorren ? Brongergea ? Burstum ? Easterboarn ? Jinshuzen ? Meskenwier ? Pean ? Poppenhuzen ? Jobbegea-Skuorregea ? Soarremoarre ? Spitsendyk ? Sythuzen ? Warniahuzen
wizigje