한국   대만   중국   일본 
Midingelsk - Wikipedy Springe nei ynhald

Midingelsk

Ut Wikipedy
Midingelsk
algemien
taalgebiet Ingelan , sudlik Skotlan
   en dielen fan Ierlan
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Ingelsk
            ● Midingelsk
skaaimerken
tiidrek 1066 ? 1500
untstien ut Aldingelsk
untjun ta Nijingelsk
Aldskotsk
Fingaalsk
Yola
taalkoades
ISO 639-2 enm
ISO 639-3 enm

It Midingelsk ( Ingelsk : Middle English ) is de histoaryske foarm fan it Ingelsk , sa't dat yn 'e snuorje tusken om-ende-by 1066 en 1500 sprutsen waard yn wat no Ingelan en sudlik Skotlan is, mei deropta dielen fan Ierlan . Dit taalstadium untjoech him om 'e tiid fan 'e Normandyske Ynvaazje ut it eardere Aldingelsk (of Angelsaksysk), en untwikkele him meitiid ta it Nijingelsk . It Midingelsk waard karakterisearre troch in withoe sterke ynfloed fan it Normandysk , in nau oan it Fransk besibbe Romaanske taal , en in fierdere ofsliting fan it namfallesysteem en oare yngewikkelde grammatikale ferbugings .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hoewol't de Normandyske Ynvaazje fan 1066 yn 'e regel oanholden wurdt as it (frij arbitrer bepaalde) begjinpunt fan it Midingelsk, wie de untwikkeling fan 'e Ingelske taal fan it Aldingelsk nei it Midingelsk feitliks in iuwenlang proses fan stadige feroarings. Foar in part kamen dy feroarings fuort ut in 'normale' taaluntwikkeling, mei't libbene talen altyd oan it feroarjen binne. Mar dernjonken undergie it Ingelsk ek in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk nei't it noarden fan Ingelan yn 'e achtste en de njoggende iuw fierhinne troch Noaren kolonisearre waard. Hoewol't dy kolonisten uteinlik opgiene yn 'e Ingelske befolking, lieten se dudlike linguistyske spoaren nei. Dy waarden allinne mar fuortsterke doe't hiel Ingelan tusken 1013 en 1042 troch de Denen oerhearske waard.

Dat de Normandyske Ynvaazje en de ferovering fan it Keninkryk Ingelan troch de Normandyske hartoch Willem de Oermasterder utkeazen is as it brekpunt tusken de Aldingelske en Midingelske perioaden, komt om't dat it begjin wie fan in tige grutte ynfloed dy't op it Ingelsk utoefene waard troch it Aldnormandysk , in Romaanske taal dy't nau besibbe wie oan it Fransk . Dat wie trouwens in twasidich proses, en uteinlik soe it Aldnormandysk him yn Ingelan troch de ynfloed fan it Ingelsk untjaan ta it Anglo-Normandysk . Nei de Normandyske Ynvaazje wie it iuwenlang sa dat de Ingelske adel Anglo-Normandysk spriek, wylst it sljochtwei folk Ingelsktalich wie. Sadwaande bestie de Normandyske ynfloed fierhinne ut de ynfier fan in wiid ferskaat oan lienwurden dy't benammen te krijen hiene mei dingen der't de adel him mei dwaande hold: polityk , it rjocht en oarlochfiering , wylst der gjin of amper Normandyske lienwurden oernommen waarden op it med fan bgl. de lanbou of de fiskerij . Sterk utinoar rinnende regionale farianten fan it Ingelsk bleaune oant de fjirtjinde iuw as sprektalen njonken it Anglo-Normandysk yn gebruk.

In houtfyk fan William Caxton syn twadde edysje fan The Canterbury Tales , printe yn 1483 .

Behalven troch de oername fan in grut tal utlanske lienwurden underskate it Midingelsk him ek troch in yngeande ferienfaldiging fan it Aldingelske fiiffaldige namfallesysteem . Dat wie in proses dat al yn it leste part fan it Aldingelske tiidrek uteinset wie, nei alle gedachten om it Aldingelsk mear yn oerienstimming te bringen mei it Aldnoarsk, dat in oar stelsel fan ferbugings hie, mar der't it morfologysk tige op liek. Yn elts gefal gie yn 'e Midingelske tiid it underskie tusken de nominatyf (earste namfal) en de akkusatyf (fjirde namfal) ferlern, utsein yn persoanlike foarnamwurden , ferdwun de ynstrumintalis alhielendal en waard it gebruk fan 'e genityf (twadde namfal) beheind ta it omskriuwen fan besit. Fierders waard in grut tal ungeregelde ferbugingsfoarmen ta geregelde foarmen makke, wylst stadichoan ek de sinsbou folle minder fleksibel waard.

Tsjin 'e ein fan 'e tolfde iuw hie it Midingelsk him folslein untjun, en hie it him boppedat sawol de Aldnoarske as de Normandyske ynfloeden alhiel eigen makke. Fanwegen dy grutte utlanske ynfloeden hawwe guon taalkundigen de stelling ferdigene dat it Ingelsk fan dy tiid of eins beskoge wurde kin as in mingtaal of in kreoalske taal . Mar hoewol't runom tajun wurdt dat it Aldnoarsk en it Normandysk-Fransk in yngeande ynfloed op it Ingelsk utoefene hawwe, wurdt dy teory , dy't de Midingelske kreoalske taalhypoteze neamd wurdt, ornaris ofwiisd troch saakkundigen op it med fan 'e Ingelske taal.

Yn 'e Midingelske perioade krige it Ingelsk stadichoan mear maatskiplik oansjen , benammen nei't der under de Hundertjierrige Oarloch ( 1337 - 1453 ) tsjin Frankryk in nasjonale Ingelske identiteit untstie dy't sawol de adel as it sljochtwei folk omfieme. Fanof it regear fan Hindrik V fan Ingelan ( 1413 - 1422 ) naam it gebruk fan it Anglo-Normandysk of, en yn 1430 , under it bewald fan Hindrik VI , begun it Keninklik Hof yn Westminster syn offisjele dokuminten yn it Ingelsk op te stellen. Nei't William Caxton yn 1476 de earste boekdrukparse yn Ingelan yntrodusearre hie, naam de ynfloed fan it Ingelsk noch fierder ta. Oan 'e ein fan it Midingelske tiidrek untstiene der wer ferskillende skriuwdialekten , lykas it saneamde London Standard , der't de moderne Ingelske standerttaal fierhinne op basearre is.

In side ut The Canterbury Tales , fan Geoffrey Chaucer .

Om 1500 hinne gie it Midingelsk yn Ingelan stadichoan oer yn it Nijingelsk , de taal dy't hjoed de dei noch sprutsen wurdt, hoewol't taalkundigen derby faak in oergongsfoarm, it Ier Modern Ingelsk , hantearje foar de perioade fan 1500 oant 1700 . Yn Skotlan , lykwols, kaam omtrint 1400 in eigen taalfoarm ut it Midingelsk fuort, nammentlik it Aldskotsk , dat him neitiid fia it Midskotsk ta it hjoeddeistige Nijskotsk untjaan soe. Fierders untstiene yn eastlik, resp. sudeastlik Ierlan op Midingelske grunslach twa oare talen, it Fingaalsk en it Yola , dy't troch iuwenlange isolaasje in folslein eigen untwikkeling trochmeitsje soene. Dizze beide taalfoarmen stoaren lykwols om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ut.

Alfabet [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Aldingelsk waard skreaun mei in oanpast Latynsk alfabet fan 24 letters . Doedestiden bestiene der noch gjin aparte j , v of w , en de letters k , q en z waarden troch Aldingelske skriuwers oer it algemien negearre. Derfoaroer stie dat se fjouwer eigen letters tafoegen: de op runen basearre wynn (?, foar de 'w' fan "skowe") en thorn (þ, foar de stimleaze th fan thin ), en teffens de oanpaste Latynske lettertekens eth (ð, foar de stimhawwende th fan this ) en ash (æ, foar in fokaal dy't liket op 'e e fan "pet", mar fierder tebek yn 'e mule utsprutsen wurdt).

Under de Midingelske perioade foel de digraaf ash utinoar yn 'e letters 'ae'. Fierders rekke de eth yn 'e trettjinde iuw yn unbruk, om ferfongen te wurden troch de thorn. Dy ferdwun sels geandewei de fjirtjinde iuw en waard doe ferfongen troch de th. Neitiid makke unbekendheid mei de thorn dat alde skriuwfoarmen ( þe olde ... , "de alde ...") lezen waarden as ye olde ... , in utdrukking dy't men tsjintwurdich noch in protte tsjinkomt yn neibearde Midingelske nammen (bgl. fan kroegen en winkels ). De letter wynn waard geandewei de trettjinde iuw ferfongen troch de w. Fanwegen de likenis fan 'e wynn mei de moderne p wurdt dizze letter sels yn moderne edysjes fan Aldingelske en Midingelske teksten ornaris ferfongen troch de w.

Fierders waard yn it Midingelske tiidrek under ynfloed fan it Normandysk de ynsulere skriuwwize fan it Latynske alfabet dat op 'e Britske Eilannen foar it Aldingelsk yn gebruk wie, ferfongen troch de Karolingyske skriuwwize fan it Jeropeeske festelan . Mar troch it oansjenlik ferskil yn oansjen tusken de alde ynsulere g en de Karolingyske g, libbe de ynsulere g fuort as in aparte letter, de yogh , dy't skreaun waard as ?.

De yogh koe in ferskaat oan fonemen fertsjintwurdigje, lykas [?] (g fan 'buge'), [j] (j fan 'jas'), [?] (dzj fan 'siedzje'), [x] (ch fan 'berch') en [c] (sj fan 'sjippe', mar utsprutsen mei de tonge tsjin it hurde ferwulft oandrukt). De Karolingyske g stie ornaris inkeld foar de [?] (g fan 'goed'). Uteinlik waard de yogh yn it Midingelsk ferfongen troch de j of de y, en troch de neitiid foar in part stom wurden 'gh' yn wurden as night en laugh . Yn it Skotsk , lykwols, bleau de yogh langer bestean, oant er yn 'e Midskotske perioade ununderskiedber waard fan 'e kursive z, sadat drukkers yn Skotlan de yogh begunen te ferfangen troch de z. Dat late ta de 'aparte' utspraak fan nammen as Dalziel ("dy-jel") en nije utspraken fan nammen as McKenzie , der't de z oarspronklik eins ek in yogh wie dy't as in [j] utsprutsen waard.

Midingelske literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foarbylden fan literatuer yn it Midingelsk binne:

Ferliking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It wichtichste literere wurk yn it Midingelsk wie The Canterbury Tales fan Geoffrey Chaucer . Dat is in samling ferhalen dy't beskreaun binne yn in ramtfertelling fan in groep pylgers dy't op beafeartsreis is nei de Katedraal fan Canterbury en werfan't de leden om 'e tiid te deadzjen elts om bar de oaren in ferhaal fertelle. Hjirunder ta ferliking de earste achttjin regels fan it ramtferhaal yn it Midingelsk en it Nijingelsk .

Midingelsk Nijingelsk

Whan that Aprill with his shoures sote
The droghte of Marche hath perced to the rote,
And bathed euery veyne in swich licour,
Of which vertu engendred is the flour;
Whan Zephirus eek with his swete breeth
Inspired hath in euery holt and heeth
The tendre croppes, and the yonge sonne
Hath in the Ram his halfe course yronne,
And smale fowles maken melodye,
That slepen al the ni?t with open ye?
So priketh hem Nature in hir corages?
Than longen folk to goon on pilgrimages,
And palmeres for to seken straunge strondes,
To ferne halwes, couthe in sondry londes;
And specially, from euery shires ende
Of Engelond to Caunterbury they wende,
The holy blissful martir for to seke,
That hem hath holpen, whan that they were seke.

When April with its sweet showers
Has pierced the drought of March to the root,
And bathed every vein in such liquor
From whose power the flower is engendered;
When Zephyr 1 also, with his sweet breath
Has blown [into life] in every wood and heath
The tender crops, and the young sun
Has run his half-course in the sign of the Ram, 2
And small birds make melody,
Who sleep all night with open eye?
So Nature stimulates them in their hearts?
Then people long to go on pilgrimages,
And palmers 3 [for] to seek strange coasts,
To far holy places, known in various lands;
And especially, from every shire's end
In England, to Canterbury they went,
To seek the holy blissful martyr 4
Who helped them when they were sick.

1 ) de westewyn
2 ) it stjerrebyld Raam
3 ) pylgers dy't palmbleden meidrage
4 ) Thomas a Becket

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .