De
middei
is it twadde fan 'e trije
deidielen
(de oare beide binne de
moarn
en de
jun
). De middei falt tusken it
tiidpunt fan 'e middei
(12.00
oere
), as de moarn einiget, en 18.00
oere
, as de jun begjint. Dermei omfiemet it it waarmste diel fan 'e
dei
, mei't dat berikt wurdt as de
sinne
syn
senit
(om 12.00 oere) al passearre is. Dat komt om't de ynstriele sinnewaarmte neitiid noch ferskate oerenlang grutter is as de waarmte dy't troch de
Ierde
wer utstriele wurdt, mei as gefolch dat de
atmosfear
dan earst noch fierder opwaarmet ear't er wer begjint of te kuoljen. Soks is benammen op tige hjitte dagen yn 'e
simmer
goed merkber, mei't de hjitste tiid fan 'e dei dan om 16.00 a 16.30 oere hinne falt.
Winterdeis
giet oan 'e ein fan 'e middei de
sinne al under
, sadat de middei dan net inkeld in diel fan 'e
dei
, mar ek de
junsskimer
en stikje fan 'e
nacht
omfiemet.
De middei wurdt gauris opspjalten yn 'e
foarmiddei
en de
neimiddei
, werby't de foarmiddei fan 12.00 oant likernoch 15.00 a 16.00 duorret, en de neimiddei fan 15.00 a 16.00 oere oant 18.00 oere. Yn
Flaanderen
wurdt de oantsjutting
middag
trouwens inkeld brukt foar it tiidfak tusken 12.00 en 12.30 oere, dat yn
Nederlan
trochgiet foar it
middeisskoft
of 'tusken de middei'. Fierders sprekt men yn Flaanderen ek fan
voormiddag
("foarmiddei") en
namiddag
("neimiddei"), mar mei
voormiddag
bedoelt men it diel fan 'e dei foarofgeande oan it tiidpunt fan 'e middei (9.00 a 9.30 oant 12.00 oere), en mei
namiddag
ferwiist men nei de tiidsperioade tusken 12.30 en 18.00 oere.
Foar de measte minsken omfiemet de middei it twadde diel fan 'e
wurkdei
of
skoaldei
. Yn dat ramt is it earste part fan 'e middei in perioade mei ofnimmende produktiviteit, mei't de measte lju nei it
iten
wat sleau wurde. Neitiid giet de
arbeidsproduktiviteit
wer omheech, om syn hichtepunt te berikken om 15.00 oere hinne. Dan is it
teetiid
, en haldt men even lins om
tradisjoneel
in
kopke
tee
te drinken, faak mei in
koek
of in stikje
bole
derta. Oan 'e ein fan 'e middei, nei 16.30 oere, nimt de produktiviteit wer of, oant foar de measte lju de wurk- of skoaldei einiget om 17.00 oere. Dernei reizget men werom nei hus om
iten te sieden
foar it junsiten, dat meastal omtrint 18.00 oere optsjinne wurdt.