한국   대만   중국   일본 
Megyn Kelly - Wikipedy Springe nei ynhald

Megyn Kelly

Ut Wikipedy
Megyn Kelly
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysunderheden
echte namme Megyn Marie Kelly
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 novimber 1970
berteplak Syracuse ( New York )
etnisiteit Iersk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste , ferslachjouster ,
presintatrise , kommentatrise
medium tillefyzje
wurksum by FOX
jierren aktyf 2003 ? no
offisjele webside
Megyn Kelly op Twitter

Megyn Kelly (folut: Megyn Marie Kelly ; Syracuse ( New York ), 18 novimber 1970 ) is in Amerikaansk sjoernaliste , ferslachjouster , presintatrise en polityk kommentatrise fan mingd Iersk - Italjaansk etnysk komof. Hja begun har karriere as abbekate en wie oant 2006 wurksum under de namme Megyn Kendall . Yn 'e simmer fan 2015 kaam hja wraldwiid yn it nijs doe't de Republikeinske presidintskandidaat en miljarder Donald Trump har persoanlik oanfoel nei't se in debat laat hie werby't se him in stikmannich krityske fragen steld hie.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kelly waard yn 1970 berne yn Syracuse , yn 'e steat New York , as de dochter fan Edward Kelly, in dosint oan 'e Steatsuniversiteit fan New York te Albany dy't kaam te ferstjerren doe't Kelly fyftjin jier wie, en dy syn frou Linda, in husfrou . Oan har heite kant is se fan Iersk komof, wylst se oan har memme kant Italjaansk bloed hat. Doe't Kelly njoggen jier wie, ferhuze it gesin nei Delmar , in foarsted fan 'e Newyorkske steatshaadsted Albany , der't se fierder opgroeide. Nei't se de middelbere skoalle trochrun hie oan 'e Bethlehem Central High School yn Delmar, studearre se politikology oan 'e Universiteit fan Syracuse , en yn 1995 behelle se in masterskip yn 'e rjochten oan 'e Rjochteskoalle fan Albany

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kelly wurke fanof 1995 by it abbekatekantoar Bickel & Brewer yn Chicago , en letter joech se har by it kantoar Jones Day, yn Cleveland . Yn 2003 ferfear se nei Washington, D.C. , der't se troch it tillefyzjestasjon WJLA-TV, in pleatslike ofdieling fan 'e Amerikaanske lanlike stjoerder ABC , oannommen waard as ferslachjouster . Yn 2004 stapte se oer nei it lanlike Fox News Channel , der't se u.m. meiwurke oan 'e programma's Special Report , Weekend Live , The O'Reilly Factor en On the Record . Yn febrewaris 2010 krige se har eigen programma, America Live , weryn't se de eftergrunen by it nijs beljochte.

By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2012 kaam Kelly yn it nijs troch har krityske ferslachjouwing, ek oangeande de Republikeinske Partij , hoewol't it Fox News Channel oars altyd dudlik partij kiest foar de Republikeinen en yn 'e regel net fan objektive ferslachjouwing beskuldige wurde kin. Doe't de opinypeilings oanjoegen dat Barack Obama in twadde termyn as presidint winne soe, en de Republikeinske analyst Karl Rove kenber makke dat er it der net mei iens wie, frege Kelly him lykwols: "Is dit gewoan in berekkening dy't jo as Republikein meitsje om josels in better gefoel te jaan? Of is dit echt?"

Fanwegen swierensferlof gie Kelly yn july 2013 by America Live wei, wernei't hja yn novimber fan dat jier uteinsette mei in nij programma, The Kelly File . Yn desimber untstie der in lyts skandaaltsje doe't se op 'e tillefyzje bewearde dat " Jezus in blanke wie," dat al rillegau belune doe't se twa dagen letter oanjoech "in bytsje provosearje " wollen te hawwen en tajoech dat de hudskleur fan Jezus Kristus " in iepen fraach" is. Kelly krige yn augustus 2015 ek buten de Feriene Steaten bekendheid, doe't se yn 'e oanrin nei de presidintsferkiezings fan 2016 in tillefyzjedebat late tusken de tsien wichtichste kandidaten ut 'e foarferkiezings fan 'e Republikeinske Partij. De kandidaat dy't yn 'e opinypeilings alle oaren efter him liet, wie de undernimmer, miljarder en realitytillefyzjestjer Donald Trump . Kelly har petear mei him gie sa:

Kelly: Jo hawwe yn it ferline froulju der't jo net oer mochten 'fette bargen', 'trutten', 'fiislakken' en 'walchlike swijnen' neamd.
Trump: Allinnich Rosie O'Donnell mar.
Kelly: Op jo Twitter - account steane ferskate utspraken weryn't jo froulju om harren uterlik ofrinne litte. Jo hawwe ris tsjin in kandidate yn it programma The Celebrity Apprentice sein dat it 'in moai plaatsje weze soe om har op 'e knibbels te sjen'. Klinkt dat as it halden en dragen fan in man dy't wy as us presidint kieze moatte soene? En wat sizze jo op 'e bewearing fan Hillary Clinton ? dat jo diel utmeitsjen fan 'e oarloch tsjin 'e frou?
Trump: Neffens my is it grutste probleem fan dit lan dat it sa polityk korrekt is.

Neitiid bewearde Trump yn in fraachpetear mei Don Lemon , fan CNN USA , dat Kelly alhiel talintleas wie en dat har by de oangeande wurdewikseling under it debat "it bloed ut 'e eagen run... dat it bloed har ut 'e wit-ik-wer run." De measte minsken fetten dy utspraak op as in bewearing dat Kelly Trump unrjochtlik tenei kommen weze soe om't se de regels han hawwe soe. Trump ferdigene him tsjin 'e stoartfloed oan krityk dy't er doe oer him hinne krige troch te sizzen dat er mei "har wit-ik-wer" har noas bedoeld hie. De troch FOX organisearre wichtige RedState -konvinsje loek as gefolch fan Trump syn utspraak de utnuging oan him yn. Likegoed wiene der ek ferskate Republikeinske politisy en sjoernalisten dy't Trump syn utspraken besochten te behimmeljen en derby Kelly de skuld op 'e lea skoden.

Yn july 2016 , doe't der fan ferskate kanten beskuldigings tsjin Fox News- CEO Roger Ailes ynbrocht waarden, dy't froulike wurknimmers lestichfallen hawwe soe mei unwinske yntimiteiten en guon fan harren under druk set hawwe soe om seks mei him te hawwen, makke Kelly bekend dat sy ek ferskate jierren lang it slachtoffer west hie fan Ailes syn misdragings. Ailes untstried alle beskuldigings, mar wie twongen en lis syn funksje del. Spesifyk yn it ramt fan 'e beskuldigings fan Kelly waard derop wiisd dat hja yn ferskate fraachpetearen yn foargeande jierren Ailes en har wurkrelaasje mei him krekt ophimele hie. Yn Kelly har ferdigening waard troch guon kommentator ynbrocht dat hja as underhearrige fan Ailes doe noch net yn 'e gelegenheid wie om 'e wierheid te fertellen sunder dat soks gefolgen han hawwe soe foar har karriere . Begjin jannewaris 2017 waard bekend dat Kelly by Fox wei gie om in nij programma te presintearjen op 'e stjoerder NBC .

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kelly is in praktisearjend roomsk-katolyk . Se troude op 29 septimber 2001 mei in Daniel Kendall, dy't anestesiolooch wie. Derfandinne dat hja yn har iere tillefyzjekarriere bekendstie as Megyn Kendall. Dat houlik einige lykwols yn 2006 yn in skieding. Neitiid wertroude Kelly yn 2008 mei Douglas Brunt , in undernimmer dy't earst presidint-direkteur fan it i.t. -bedriuw Authentium wie en letter in foltiidskarriere as skriuwer begun. Mei him hat Kelly trije bern.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .