한국   대만   중국   일본 
Meanen - Wikipedy Springe nei ynhald

Meanen

Ut Wikipedy
Syklomeander
Seineharje mei in strikel
Sirkelmeander
Sirkelmeander
Sitmeander
Trekker mei foarop in syklomeander en efterop in skodder
Messekoaimeander

Meanen is it weiheljen fan it boppegrunske diel fan in plant, mei de han ( seine ) of mei in meanmasine. De plant wurdt in pear sintimeter, of lykas by spinaazje flak boppe de grun ofmeand.

Oflieden fan meanen is it begryp meanfjild , dat it oerflak fan in stik grun oanjout.

Meanoerflak [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Meand wurde:

De meanfrekwinsje hinget sterk of fan it gebruk. Sa wurde bjirmen meastal mar ienkear jiers meand, greide 4 - 5 kear yn it jier, in gazon yn it groeiseizoen alle wiken en de tee fan in golfbaan alle dagen.

Meanmasines [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hiem [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In hiem wurdt meand mei in gersmeander mei messekoai of in sirkelmeander . By in messekoai wurdt it gers ofknipt trochdat in koai mei messen lans in fest undermes draait. Dit jout, at de messen skerp binne, it beste risseltaat. Foar lytse hiemen is der in mei de han foarut drukte koaimenader . Foar grutte hiemen en sportfjilden binne der selsridende masines mei faak mear as ien messekoai. It neidiel fan in messekoai is dat it gjin stalen ofmeane kin, sadat der benammen ein maaie en juny op tiid meand wurde moat.

By in sirkelmeander draait ien mes, dat oan de uteinen skerp slipe is hurd yn de runte, wertroch't it gers ofslein wurdt. Der binne hantriuwde, selsridende en sitmeandrs. Der binne elektryske meanders mar ek mei in benzinemotor. Faak wurdt yn kombinaasje ek in bledeklauwer , gersskjirrre , kantsjestekker en in ferticulator brukt.

Greide [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foar it meanen fan greide waard eartiids in meanbalke of in syclomeander brukt, tsjintwurdich binne it benammen skivemeanders . By in meanbalke geane twa messen troch in hinne-en-de-wer geande beweging by elkoar del, wertroch it gers ofknipt wurdt. In syklomeander hat in hurd rundraaiende trommel wer't oan de rane in pear meskes monteard binne. In syklomeander slaat it gras of. In skivemenader is der wer op fierderuntwikkele. It is in balke mei allegear lytsere skiven wer't de messen oansitte. Troch meardere lytse skiven ynstee fan in oantal grutte trommels ta te passen kin der kreazer en hurder meand wurde.

Bjirm [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foar it meanen fan in bjirm wurdt in meanbalke of in klepelmeander brukt. Foar it meanen om obstakels wurdt in boskmeander (trimmer) brukt. By in klepelmeander sitte stielen klepels oan in rundraaiende as. De klepels slaan it gras derof. In klepelmeander giet minder maklik stikken as dizze in stik stien of izer tsjinkomt. In boaskmeander wurdt droegen en hat in runraaiende meankop mei nylontriedden, dy't it gers ofslaan. Dizze meander wurdt brukt om it gers lans obstakels, lykas peallen en ranen of te meanen.

Not [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It not waard yn de aldheid ofmeand mei in sisel , letter mei in sichte en pikheak en dan ta skeaven bun. No wurdt not terske mei in meantersker . Dat is in selsridende masine dy't tagelyk meane, terskje en skjinje kin yn ien wurkgong. It fjild dat oerbliuwt hjit in stoppelfjild .

Oanpassing fan fegetaasje oan meanen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Benammen gerssoarten binne oanpast oan it beweidzjen en meanen. Der binne wol ferskillen tusken de gerssoarten. Ingelsk raaigers kin bygelyks yn Nederlan goed tsjin beweidzjen en tsjin meanen. Mar timotee kin goed tsjin meanen, mar net tsjin beweidzjen. Derneist binne der ek twasiedlobbigen , lykas soerstale en stikel , dy't troch it foarmjen fan in dikke pinwoartel goed tsjin meanen kinne.

Fegetaasjes passe har by it meanrezjym oan. Troch bjirmen bygelyks pas te meanen as der troch de planten sied foarme is, sille der mear ienjierrige en twajierrige plantesoarten yn de bjirm foarkomme. Omdat de oene soarte earder bloeit en sie foarmet as in oare soarte is it wichtich dat de bjirmen net op itselde tiidstip fan it jier meand wurde.

Yn in krekt ynsiedde gazon komt faak ek untuch foar. Nei de earste kear meanen ferdwynt der al in soad untuch, lykas mealje .

Flaktemaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De lanmjitte deimat is 4997 m² en is it stik lan dy't in meander mei in seine op in dei meane koe.

Oar [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Fryslan wurdt ek alle jierren it Frysk kampioenskip Seinemeane holden.

Galery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]