한국   대만   중국   일본 
Max Liebermann - Wikipedy Springe nei ynhald

Max Liebermann

Ut Wikipedy
Max Liebermann
keunstner
Max Liebermann, 1904 Foto Jacob Hilsdorf
Max Liebermann, 1904
Foto Jacob Hilsdorf
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit flagge fan Dútslân Dutsk
berne 20 july 1847
berteplak Berlyn
stoarn 8 febrewaris 1935
stjerplak Berlyn
wurkpaad
wurksum as Skilder, dosint, yllustrator
streaming naturalisme , ympresjonisme
jierren aktyf 1863-1935

Max Liebermann ( Berlyn , 20 july 1847 - dere, 8 febrewaris 1935 ) wie in Dutske keunstskilder , grafikus , pastellist en yllustrator . Derneist wie er professor oan de Konigliche Akademie der Kunste yn Berlyn en presidint fan de Preußische Akademie der Kunste ek yn Berlyn. Yn syn wurk makke er de untjouwing fan realisme nei ympresjonisme troch.

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Liebermann yn Katwyk oan 't wurk, 1894

Max Liebermann wie de soan fan in tige begoedige Joadske yndustrieel Louis Liebermann en Philippine Haller. Yn 1863 krige er syn earste tekenlessen fan Carl Steffeck yn Berlyn. Yn 1866 folge er twa semesters lang in oplieding oan de filosofyske fakulteit fan de Humboldtuniversiteit yn Berlyn. Dernei wie er warber yn it atelier fan Steffeck. Fan 1868 folge er underrjocht oan de Grossherzoglich-Sachsische Kunstschule yn Weimar , der't er les krige fan Ferdinand Pauwels en Courbet-learling Karel Verlat . Yn 1871 gie er nei it atelier fan de Hongaarske skilder Mihaly Munkacsy yn Dusseldorf , waans wurk grutte yndruk makke op Liebermann. Oanslutend makket er in koarte reis nei Nederlan.

Yn desimber 1873 gie er nei Parys . Hy moete Munkacsy , Troyon , Daubigny , Corot , Millet en Manet . Yn it Louvre wijde er him oan de studzje fan de Hollanske masters . Yn 1874 en 1875 haldt er simmers ta yn Barbizon , der't er dwaande wie mei plein-air skilderjen. Fan 1874 oant 1914 skildere er simmerdeis yn Nederlan, somtiids tegearre mei Isaac Israels dy't in goefreon fam him waard. Hy waard der beynfloede troch de skilders fan de Haachske Skoalle , mar brukte mear kleur yn syn wurk as dyselden. Foaral Laren , Skeveningen en Noardwyk . Yn 1879 makke er in reis troch Italie . Yn Feneetsje moete er Franz von Lenbach , dy't him oerhelle him yn Munchen te festigjen. Hy wenne fiif jier yn Munchen oant er yn 1884 nei Berlyn ferhuze. Simmer 1881 besocht er under oare Amsterdam en Dongen ; yn Skeveningen krige er kunde oan Jozef Israels . It skilderij "Die Rasenbleiche" untstie 1883 yn Zweeloo . Yn 2013 joech de Deutsche Post in postsegel fan 2,40 euro ut mei dat motyf.

Yn Berlyn waard er yn 1897 beneamd ta perfester oan de Konigliche Akademie der Kunste. Fan 1899 oant 1911 wie er foarsitter fan de Berliner Sezession . Yn de simmer fan 1902 reizge er mei syn hushalding nei Italie, der't er under mear Florence en Rome besite brocht. Yn 1909 kocht er in stik grun oan de Großer Wannsee, der't er in filla mei atelier op sette liet neffens in untwerp fan arsjitekt Paul Baumgarten. Baumgarten untwurp ek de tun, dy't faak troch Liebermann tekene en skildere is. Yn 1911 moast er fanwegen problemen mei jongere keunstners syn foarsittersskip fan de Berliner Sezession oerjaan; Lovis Corinth folge him op.

Yn 1920 waard er beneamd ta foarsitter fan de Preußische Akademie der Kunste. Oant 1932 waard er elts jier op 'en nij keazen; dernei wie er earefoarsitter. By gelegenheid fan syn 80e jierdei yn 1927 waard er eareboarger fan Berlyn. Yn 1933 waard Hitler as rykskanselier fan Dutslan keazen. Fanwegen syn Joadske achtergrun gie Liebermann doe of as earefoarsitter fan de Preußische Akademie der Kunste. Dernei gie er by de krekt oprjochte Kulturbund Deutscher Juden en joech jildlike stipe oan jonge joaden, dy't nei Palestina flechte woenen. De leste jierren fan syn libben waard Liebermann mijd troch de Dutske keunstnersmienskip. Hy stoar soasjaal isolearre.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Liebermann wie goed 65 jier aktyf en makke sa'n 1200 oaljeferveskilderijen . De earste desennia fan syn karriere waard syn wurk ferhune troch de krityk; hy skildere doe noch naturalistysk . It wie net syn fakmanskip dat de kritisy op de efterste poaten brocht, mar wol de kar fan syn underwerpen: ienfaldige arbeiders, froulju dy't guozzen plokje of griente wasje, sokke dingen skilderje diene hja net. Bibelske tafrelen, mar dochs net in boerinne dy't har bargen fuorret! Jierrenlang waard Liebermann de ‘apostel fan de lilkens’ neamd. Dochs wie er paadsljochtsjend en avant-gardistysk . Doe't er letter portretten skildere, faak yn opdracht, waarden dy ek delsabele om't er it ferhipte syn modellen te idealisearjen. It wiere ympresjonistyske wurk kaam earst ein 1900. Yn Nederlan liet er him ynspirearje troch de wrydske lanskippen, de see en it stran. Yn 1910 liet er in simmerhus oan de igge fan de Wannsee under Berlyn sette, fan doe of oant syn dea skildere er foaral syn tun. De blommen hie er utsocht mei it each op wat er skilderje woe. Liebermann wie ien fan Dutslan syn meast foaroprinnende ympresjonisten, hy hie genoch jild om him syn hiele libben unofhinklik oan de keunst wije te kinnen.

Galery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelingen om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ofbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Max Liebermann