한국   대만   중국   일본 
Mark van Eeuwen - Wikipedy Springe nei ynhald

Mark van Eeuwen

Ut Wikipedy
Mark van Eeuwen
akteur
persoanlike bysunderheden
echte namme Mark Willem van Eeuwen
nasjonaliteit Nederlansk
berne 23 july 1976
berteplak Warnsveld ( Gelderlan )
etnisiteit Nederlansk
reg. identiteit Nedersaksysk
jierren aktyf 2004 ? no
offisjele webside
Mark van Eeuwen op Twitter

Mark van Eeuwen (folut: Mark Willem van Eeuwen ; Warnsveld , 23 july 1976 ) is in Nederlansk tillefyzje -, film - en toanielakteur en teffens presintator en filmprodusint . Hy waard ferneamd mei syn rol as Jack van Houten yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden . Fierders hat Van Eeuwen spile yn u.m. de films Rendez-vous en Kidnapping Mr. Heineken .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Van Eeuwen waard yn 1976 berne yn Warnsveld , by Sutfen , mar brocht syn earste libbensjierren troch yn it Feluwske Beekbergen . Mei tolve jier ferhuze er mei syn alden en jongere broer Dirk-Jan nei Schijndel , der't er fierder opgroeide . Nei't er de middelbere skoalle trochrun hie oan it Elde Kolleezje yn syn wenplak, studearre er kommersjele ekonomy oan 'e Hegeskoalle fan Utert .

Under syn studintetiid yn Utert wie Van Eeuwen lid fan it Utrechtsch Studenten Corps , der't er u.m. aktyf belutsen wie by it Studenten Toneelgezelschap. Doe't er yn Utert syn bachelortitel behelle hie, learde er fierder foar in mastergraad oan 'e Universiteit fan Amsterdam . It wie yn dy tiid dat Van Eeuwen him oanmelde foar de London Academy of Music and Dramatic Arts , der't er yn 2004 ofstudearre.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Aktearwurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei wat figuraasje - en reklamewurk krige Van Eeuwen yn 2004 syn earste echte rol yn 'e dramasearje Bitches . Datselde jiers hied er in lytse byrol yn 'e troch Johan Nijenhuis regissearre spylfilm Snowfever . Yn 2005 bemachtige Van Eeuwen een gastrol yn 'e Ingelske dramarige Mike Bassett: Manager , fan tillefyzjestjoerder ITV . Foar Yorin spile er yn 2004 - 2005 de rol fan Matthijs van Groningen yn 'e dramasearje Kicken . Yn it foarjier fan 2005 waard er selektearre foar de rol fan Jack van Houten yn 'e RTL4 - soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden . Mei dy rol, dy't er fan 2005 oant 2017 fertolke, briek er troch, en dertroch wist er ek oar wurk te krijen, lykas in gastrol yn 'e searje Voetbalvrouwen ( 2007 ) en in rol yn 'e film De Eetclub ( 2010 ). Fierders hied er yn 2015 rollen yn searjes as Dagboek van een Callgirl en Meiden van de Heerengracht .

Yn 2012 die Van Eeuwen mei oan it realitytillefyzjeprogramma Strictly Come Dancing , in dunswedstryd foar bekende Nederlanners. Op 13 oktober dat jiers wun er de westryd tegearre mei syn partner, dunsynstruktrise Jessica Maybury . Yn 'e finale moast er it opnimme tsjin presintatrise Sylvana Simons , dy't doe al wiken foar de unbekreaude winneresse holden waard. Van Eeuwen krige lykwols uteinlik de measte stimmen fan it publyk .

Yn novimber 2013 begunen de opnamen fan 'e histoaryske film Kidnapping Mr. Heineken , oer de untfiering fan Freddy Heineken . It wie de Ingelsktalige remake fan De Heineken Ontvoering , ut 2011 . Van Eeuwen krige yn 'e remake de rol fan untfierder Frans Meijer tabedield (dy't yn it Nederlansktalige orizjineel spile wie troch Teun Kuilboer ). De oare untfierders waarden spile troch Jim Sturgess en Sam Worthington , wylst sir Anthony Hopkins de rol fan Freddy Heineken op him naam. Yn 'e simmer fan 2014 hie Van Eeuwen fierders de haadrol yn 'e troch Antoinette Beumer regissearre film Rendez-vous , nei de roman mei deselde namme fan skriuwster Esther Verhoef .

Yn july 2015 setten de repetysjes utein foar de musical The Bodyguard , dy't op 27 septimber fan dat jier yn premiere gie. Van Eeuwen hie deryn de rol fan liifwacht Frank Farmer (yn 'e oarspronklike film fertolke troch Kevin Costner ). Yn 2016 hie Van Eeuwen mei Peaske de rol fan 'e apostel Petrus yn 'e musical The Passion 2016 . Yn 2018 spile er de rol fan Wulf yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad , fan regisseur Roel Reine , oer de achtste-iuwske kening fan de Friezen mei deselde namme . Yn 2020 hie Van Eeuwen in lytse rol as fersetsman Pim den Oever yn 'e oarlochsfilm De Slag om de Schelde , oer de histoaryske Slach om 'e Skelde ut 'e einfaze fan 'e Twadde Wraldoarloch .

Oar wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Njonken syn aktearkarriere hat Van Eeuwen ek wurke as presintator , u.m. yn Vrienden Houden Huis ( 2008 ) en Ik Kom bij Je Eten ( 2009 - 2010 ), en as stimakteur yn 'e Nederlansktalige ferzje fan 'e animaasjefilm Monsters vs. Aliens ( 2009 ). Yn 'e simmer fan 2014 produsearre er tegearre mei Beau van Erven Dorens foar Veronica it tillefyzjeprogramma De Vliegende Hollanders . Fierders wie Van Eeuwen ek utfierend produsint foar de Amerikaansk - Kolombiaanske film Blunt Force Trauma ( 2015 ), mei yn de haadrol Mickey Rourke , en foar de Nederlanske histoaryske oarlochsfilm De Slag om de Schelde ut 2020 .

Filmografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

As akteur [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Filmografy as akteur
jier titel rol  of  funksje opmerkings
tillefyzje
2004 Bitches Patrick gastrol ; 1 ofl.
2004?2005 Kicken Matthijs van Groningen feste rol
2005?2017 Goede Tijden, Slechte Tijden Jack van Houten soapsearje ; 810 ofl.
2005 Mike Bassett: Manager Ronnie van Needlemans gastrol; 1 ofl.
2007 Voetbalvrouwen Damian weromkearende rol ; 4 ofl.
2007 Zone Stad onenightstand gastrol, 1 ofl.
2008 Vrienden Houden Huis n.f.t. as presintator ; op RTL5
2009?2010 Ik Kom bij Je Eten n.f.t. as presintator; op RTL4
2012 Strictly Come Dancing himsels dielnimmer oan in realitytillefyzjeprogramma by de AVRO ; winner fan dunswedstryd
2014 Rechercheur Ria Dirk de Groot gastrol; 1 ofl.
2015 Dagboek van een Callgirl Bernard Lansink van Rechteren   weromkearende rol; 2 ofl.
2015 Bluf William Fines gastrol; 2 ofl.
2015 Meiden van de Herengracht Billy gastrol; 1 ofl.
2016 The Passion 2016 Petrus tillefyzjespecial y.f.m. Peaske
2016?2022 Flikken Rotterdam Dries van Weelden feste rol; 60 ofl.
2017 B.A.B.S. Angus Davidson weromkearende rol; 5 ofl.
2017 Roodkapje: Een Modern Sprookje    Scout tillefyzjefilm foar bern
2017?2018 Familie Kruys himsels weromkearende rol; 2 ofl.
2020 Kerstgezel.nl Joost minysearje ; 4 ofl.
2021 Yentl en De Boer: De Serie stalkingslachtoffer gastrol; 2 ofl.
2022 Odds Fred Joosten gastrol; 1 ofl.
films
2004 Snowfever Dirk
2009 Monsters vs. Aliens Derek Dietl as stimakteur by de Nederlansktalige neisyngronisearring
2010 I Can Fly Willem van Gent
2010 De Eetclub Michel Brouwers
2013 App Sim
2013 Finn heit fan Erik
2015 Kidnapping Mr. Heineken Frans Meijer alternative titel: Kidnapping Freddy Heineken ; Ingelsktalige remake fan De Heineken Ontvoering
2015 Rendez-vous Eric
2016 Sing Eddie as stimakteur by de Nederlansktalige neisyngronisearring
2017 Alles voor Elkaar Mike
2018 Blijf van Mijn Kind Teun
2018 Redbad Wulf
2020 De Slag om de Schelde Pim den Oever
2020 King of the Road minister
2022 Stromboli Karel ek filmprodusint

As produsint [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Filmografy as produsint
jier titel rol  of  funksje opmerkings
tillefyzje
2014 De Vliegende Hollanders    tillefyzjeprodusint yn 'e mande mei Beau van Erven Dorens ; foar Veronica
2020 Kerstgezel.nl utfierend produsint    minysearje ; 4 ofl.; ek akteur
2024 De Joodse Raad tillefyzjeprodusint minysearje; 5 ofl.
films
2015 Blunt Force Trauma utfierend produsint
2019 Colosseum filmprodusint koarte film
2020 De Slag om de Schelde utfierend produsint ek akteur
2021 Love in a Bottle filmprodusint
2022 Berenklauw filmprodusint koarte film
2022 Stromboli filmprodusint ek akteur
2023 Leeuwin filmprodusint

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: