한국   대만   중국   일본 
Magreb - Wikipedy Springe nei ynhald

Magreb

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Magrib )
De Magreb (kearngebiet dunkerblau; bredere definysje yn dunker- en ljochtblau).

De Magreb ( Arabysk : ??????, al-Ma?rib ) is de westerein fan de Arabyske wrald . Letterlik betsjut it: "der't de sinne undergiet". Yn 'e betsjutting fan "it westen" stiet de Magreb foar de Masrek (Arabysk: ????, Mashriq ) oer, dat "it easten" of "de eastlike lannen" betsjut. De lanseigen bewenners, de Berbers , neame it ???????, Tamaz?a , of Ama?al Amazi? , wat "de Berberwrald" betsjut. Foarhinne wie dit gebiet yn Jeropa bekend as Barbarije of de Barbarijske steaten (oantsjuttings dy't neat mei de hjoeddeiske betsjutting fan "barbaren" te krijen hawwe, mar oflaat binne fan it wurd "Berber").

Tradisjoneel waard de Magreb begrepen as de kuststripe fan noardwestlik Afrika by de sudkust fan it Westlik Bekken fan 'e Middellanske See lans, yn Tripolitaanje (it westen fan Lybje ), Tuneezje , Algerije en Marokko , ynklusyf de kustflakten en it Atlasberchtme . Marokko tanket der syn namme oan; yn it Arabysk hjit it noch altyd fan al-Mamlakah al-Ma?ribiyah , wat "Keninkryk fan it Westen" betsjut. Oarspronklik waard Moarsk Spanje ek ta de Magreb rekkene, mar mei't dat sunt 1492 net mear Arabysk is, falt dat der tsjintwurdich buten. Letter waard de term "Magreb" yn bredere sin opfetten, as de hiele Arabyske wrald bewesten Egypte , dus mei Syrenaika (eastlik Lybje), de Fezzan (sudwestlik Lybje), Mauretaanje en de Westlike Sahara der ek by. Dermei waard it in namme der't hiel noardwestlik Afrika under beflapt wurde koe.

De mienskiplike kultuer fan 'e Grutte Magreb is Arabysk, der't it him mei underskiedt fan 'e lannen besuden de Sahara. Mar der binne ek dudlike Berberske invloeden, dy't de kultuer oars meitsje as dy fan Egypte en de Arabyske lannen yn it Heine Easten . Yn 1989 is de Uny fan de Arabyske Magreb stifte. Dat is in ynternasjonale organisaasje mei as lidsteaten Marokko, Algerije, Tuneezje, Lybje en Mauretaanje, dy't stribbet nei de ferbettering fan 'e underlinge relaasje fan 'e oangeande lannen (Marokko en Algerije, bgl. ferkearden hiel lang hast op foet fan oarloch). De oarspronklike ideeen stjoerden hast op in bunssteat oan, mar de organisaasje stribbet op it stuit fral nei gearwurking op it med fan 'e hannel.