한국   대만   중국   일본 
Madrid - Wikipedy Springe nei ynhald

Madrid

Ut Wikipedy
Madrid
Polityk
Lan Spanje
Sifers
Ynwennertal 3.215.633 (2013)
Oerflak 605.77 km²
Befolkingsticht. 5.390 km²
Oar
Tiidsone UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koordinaten 40° 24' N, 3° 41' E
Offisjele webside
www.madrid.es
Dizze side giet oer de haadsted fan Spanje . Foar oare betsjuttings, sjoch: Madrid (betsjuttingsside) .
metropoal Madrid

Madrid is de haadsted en grutste sted fan Spanje . De sted leit yn de midden fan it lan, op de Spaanske Heechflakte . It is de op twa nei grutste sted fan de Jeropeeske Uny en jildt as in offisjele wraldsted. Madrid is ek de haadsted fan de Spaanske regio mei deselde namme Madrid .

Troch de sintrale lizzing fan de sted, de skiednis, politike en finansjele funksjes wurdt Madrid beskoge as de wichtichste sted fan it Ibearysk Skiereilan . De sted hat in ynwennertal fan 3.228.359 en mei de stedekloft derom hinne wenje der mear as 6 miljoen minsken. De ynwenners fan de sted wurde yn it Spaansk “Madrilenos” neamd. Nettsjinsteande it feit dat de sted as in wraldsted sjoen wurde kin en in tige drok ferkearsnet hat, hawwe de measte wiken fan de sted harren oarspronklike sfear diels behalde kind.

Wichtige nijsgjirrichheden yn Madrid binne it Palacio Real , oftewol it keninklik Paleis, it Retiropark , it archeologysk museum, en trije ynternasjonaal ferneamde keunstmusea: it Museo del Prado , it Museo Nacional Centro de Arte Reina Sofia en it Museo Thyssen-Bornemisza . De hjoeddeiske boargemaster fan de sted is Manuela Carmena fan de politike partij Ahora Madrid .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gran Via yn Madrid

Madrid waard foar it earst yn de skiednis neamd yn 939 doe't Ramiro II , kening fan Leon, de Moaren harren wenplak (Marjit) ofhandich makken. Yn 1038 folge it foarfest ferdriuwen fan de Moaren troch kening Alfonso VI ut de krite. Filips II makke Madrid yn 1561 haadsted fan it Spanje en brocht syn hofhalding oer ut Toledo. Yn de Spaanske suksesjeoarloch keas de sted de side fan de Bourbons . Op 2 maaie 1808 kaam de befolking yn opstan tsjin de Franske troepen under Murat en joech dermei it sein ta it ferset tsjin de Napolitaanske oerhearsking. De opstan waard op 3 maaie bluodderich delslein.

Yn de tweintiger jierren fan de 20e iuw waakse it ynwennertal fan Madrid boppe de 1 miljoen minsken. Manske stedsutwreiding wie noadich sadat eardere doarpen as Carabanchel, Chamartin de la Rosa, Fuencarral en Vicalvaro oan de sted 'festboud' kamen te sitten. Ek waard der in grut tal nij wiken konstruearre. Tagelyk waard de ferkearslachieder Gran Via iepene, dy't it ferkear yn de binnensted untleste moast en ek waard de metro fan Madrid oanlein. Under de Spaanske Boargeroarloch waard de sted swier bombardearre en besketten troch de troepen fan Franco .

Op 11 maart 2004 waard Madrid troch in terroristyske oanslach rekke. Dy dei untploften ferskillende treinbommen yn de moarnsspits. Mear as 190 minsken kamen by dy oanslach om it libben en 1700 rekken derby ferwune.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Topografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Madrid leit yn it sintrum fan it Ibearysk Skiereilan, tusken de twa autonome regio’s : Kastylje-La Mancha en Kastylje en Leon . De sted leit op in hichte fan 667 meter boppe seenivo, wat in grutte ynfloed op it klimaat hat. De rivier Manzanares streamt de sted binnen troch de bosken fan it distrikt “Casa del Campo”, en snijt under oare troch de stedsdistrikten Latina, Carabanchel en it sintrum fan Madrid.

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Klimaatgrafyk fan Madrid

De regio Madrid hat in mediterraansk klimaat mei kontinintale ynfloeden, mei waarme simmers en betreklik kalde winters. Der moat by sein wurde dat Madrid klimatologysk bot ofwykt fan it Spaanske Middellanske Seegebiet , bygelyks mei Barselona of Falensia. It klimaat hat mear wei fan dat fan de steden Sevilla of Kordoba, de winters binne foar Spaanske begripen kald, mei minimum temperatueren under it friespunt en ut en troch snie, en de simmers binne ekstreem hiet. De hiele moannen july en augustus daalt de temperatuer sawat net under de 30 graden en stiget geregeld ta 40 graden Celsius. Troch de hege lizzing fan de sted, sawat 700 meter boppe seenivo, en it skrokke klimaat, daalt de temperatuer nachts meastentiids wol, yn tsjinstelling mei it Middellanske Seegebiet. It delslachsifer is leech, dochs falt der wolle alle seizoenen rein.

Demografyske untjouwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier 1842 1860 1877 1887 1900 1920 1950 1981 1991 2011
Befolkingsoantal 185.200 298.000 398.000 512.000 540.000 751.000 1.618.900 3.188.000 2.985.000 3.265.000

Nijsgjirrichheden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Musea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pradomuseum

De trije wichtichste musea fan de sted binne op ynternasjonaal nivo foaroprinnend:

Oare wichtige musea binne it Nasjonaal Archeologysk Museum, it Jose Padilla Museum, it Medysk Antropologysk Museum en it Manuel Benedito Museum

Tsjerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de omkriten fan Madrid binne in oantal lytsere steden te finen dy't de muoite fan in besite wurdich binne, lykas: Avila , Alcala de Henares , Toledo , Aranjuez en Segovia .

Sport [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Madrid hat twa grutte fuotbalklubs: Real Madrid en Atletico Madrid . Beide ferienigingen hawwe in eigen stadion, te witten Santiago Bernabeu en Vicente Calderon. Yn 1982 waard it WK Fuotbal yn Madrid holden. De sted hat ek twa bekende basketbalteams, in motorsirkwy en in Formule 1 sirkwy. Tichtby Madrid kin yn de winter ek skyd wurde, yn de bergen fan de “Sierra de Guadarrama”, der't de bekende ski-oarden Valdesqui en Navacerrada lizze. Yn 2005 waard yn Madrid ek it Wraldkampioenskip hurdfytsen organisearre.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]