한국   대만   중국   일본 
Munster - Wikipedy Springe nei ynhald

Munster

Ut Wikipedy
Munster
Flagge Wapen
Polityk
Lan Dutslan
Dielsteat Noard-Rynlan-Westfalen
Sifers
Ynwennertal 315.293 (2019)
Oerflak 303,28 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 1040 / km²
Hichte 60 m
Oar
Stifting 793
Tiidsone UTC +1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee gemeente
Lizzing Munster yn Dutslan

Munster ( Dutsk : Munster ) is in stedsdistrikt ( kreisfreie Stadt ) en in regeardistrikt ( Regierungsbezirk ) yn it noardlik part fan Noard-Rynlan-Westfalen yn Dutslan . De sted is ek de haadsted fan it regeardistrikt. De Universiteit fan Munster is ien fan de aldste universiteiten fan Dutslan.

Yn it sintrum stiet it Hus fan de Nederlannen .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De namme Munster komt fan it Latynske monasterium ('kleaster') en referearret oan de oprjochting fan it bisdom Munster troch Karel de Grutte yn 793 . De earste biskop wie Liudger . Yn de Midsiuwen wie Munster in bloeiende Hanzested .

Yn 1127 , 1197 en 1383 hie Munster te lijen fan grutte stedsbranen .

Yn 1382 wurdt Munster rekke troch de pest mei tuzenen deaden fan gefolgen. Yn 1383 baarnt in grut part fan de sted op yn de slimste bran sunt 1197 . Noch alle jierren wurdt yn Munster de Grosse Prozession halden ta oantins fan dizze twa needlotsjierren. [1]

Yn 1534 ferjoegen de wer dopersken de doetiidske biskop Frans fan Waldeck . Doe't sy de macht yn hannen krige hiene, waard der grute dat Munster it Nije Jeruzalem wie. De nije lieder fan de sted, Jan Matthijs , woe allinnich hawwe dat doopte werbernen harren yn Munster festigen; wa't dat net wiene waarden ferdreaun. De biskop organisearre in nij leger mei stipe fan sawol protestanten as katoliken en belegere de sted. Wilens radikalisearre de beweging yn Munster. Jan fan Leien waard de oanfierder en stelde gemienskip fan goederen en polygamy yn. In jier letter ( 1535 ) foel de sted. Jan fan Leien waard terjochtsteld. Oan de Lambertustsjerke hinget noch altyd de koai der't syn lyk yn utstald waard.

De Frede fan Munster en Osnabruck yn 1648 makke fan Munster in unofhinklik bisdom: it gebiet bleau dertroch roomsk-katolyk. In oar wichtich underdiel fan de Frede fan Munster wie it beeinjen fan de Tachtichjierrige Oarloch en de erkenning fan de unofhinklikens fan Nederlan troch Spanje. Yn 1672 foel Munster laat fan biskop Bernhard von Galen de Republyk fan de San Feriene Nederlannen yn. Yn Grins wurdt noch alle jierren de oerwinning op de biskop fan Munster ("Bommen Bearend") betocht, mei it Grinzer Untset .

Yn 1802 waard Munster ferovere troch de Prusen en ta haadsted fan Westfalen makke. Under de Twadde Wraldoarloch waard Munster foar it grutste part ferwoastge troch alliearde bombardeminten, mar nei de kriich waard Munster op 'en nij yn alde styl boud.

Munster hat tegearre mei Osnabruck in eigen fleanfjild: Lofthaven Munster-Osnabruck .

Berne yn Munster [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. J. Buisman , Pest en brand in Munster - 1382/3
 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Dusseldorf - Keulen - Munster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Duren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gutersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Hoxter - Kleef - Lippe - Markischer Kreis - Mettmann - Minden-Lubbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Stadte
Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Dusseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Monchengladbach - Mulheim an der Ruhr - Munster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal