Littenseradiel

Ut Wikipedy
Littenseradiel

It foar Littenseradiel typyske greidelanskip mei de Alde Toer tusken Easterwierrum en Mantgum .
flagge wapen

Wapen fan Littenseradiel
lokaasje
polityk
lan Nederlan
provinsje Fryslan
sifers en geografy
haadplak Wommels
grutste plak Wommels
ynwennertal 10.746 (2017)
befolkingstichtens 82,2 / km²
oerflak 132,64 km²
● werfan lan 130,75 km²
● werfan wetter 1,89 km²
tal doarpen 29
ferkearsieren N359
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Gritenij Baarderadiel
Gritenij Hinnaarderadiel
1851 ? 1984 Gem. Baarderadiel
Gem. Hinnaarderadiel
opheft 2018
opgien yn Ljouwert
Sudwest-Fryslan
De Waadhoeke
no part fan Ljouwert
Sudwest-Fryslan
De Waadhoeke
oar
netnumer 0515, 0517, 058
postkoade 8631?9029
tiidsone UTC +1
simmertiid UTC +2

Littenseradiel (offisjeel Frysk ; Nederlansk : Littenseradeel ) wie in gemeente yn it noardwestlike part fan 'e Nederlanske provinsje Fryslan , dy't himsels lange tiid oanpriizge mei it biedwurd "it hert fan 'e Greidhoeke ". De gemeente untstie yn 1984 ut 'e fuzje fan 'e eardere gemeenten Baarderadiel en Hinnaarderadiel . Op 30 april 2017 hie Littenseradiel in befolking fan 10.746 minsken. De gemeente besloech in oerflak fan 132,64  km² , werfan 1,9 km² oerflaktewetter , en omfieme 29 doarpen . Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente opheft en ferdield under de trije buorgemeenten Ljouwert , Sudwest-Fryslan en De Waadhoeke ..

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Littenseradiel lei yn it noardwesten fan Fryslan en makke diel ut fan 'e Greidhoeke . De noardgrins fan 'e gemeente foel hast persiis gear mei de skieding tusken de Greidhoeke en de Bouhoeke . Littenseradiel waard yn it noarden begrinzge troch de gemeente Menameradiel , yn it noardwesten troch Frjentsjerteradiel , yn it westen en suden troch Sudwest-Fryslan en it easten troch Ljouwert . Foar 2014 hie Littenseradiel fierders yn it sudeasten in grins mei Boarnsterhim , en foar 2011 grinzge it yn it suden oan Wymbritseradiel en yn it westen oan Wunseradiel .

In loftfoto fan Wommels .

Littenseradiel hie in oerflak fan yn totaal 132,64  km² , werfan't 130,75 km² ut lan bestie en 1,89 km² ut oerflaktewetter . De wichtichste ferkearsier wie de provinsjale wei N359 fan Ljouwert nei Boalsert , dy't fan noardeast nei sudwest dwers troch de gemeente run. It lanskip fan Littenseradiel waard bepaald troch iepen greidlan mei runom doarpkes en buorskippen . Dy hiene har foar in grut diel untjun oan 'e iggen fan 'e eardere Middelsee , der't de krite yn 'e dagen fan alearen troch foarme wie. De alde opfearten nei de Swette wiene foar in part noch yntakt en hjir en der wiene de alde Middelseediken noch goed werkenber. De bekendste dyk fan Littenseradiel, de Slachte , wie lykwols gjin Middelseedyk, mar in polderdyk , dy't fan Kubaard oant Easterwierrum troch de gemeente slingere.

Plakken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der leine 29 doarpen yn Littenseradiel. It haadplak fan 'e gemeente wie Wommels , en de oare doarpen wiene: Baaium , Baard , Bears , Boazum , Britswert , Easterein , Easterlittens , Easterwierrum , Hidaard , Hilaard , Hinnaard , Huns , Iens , Itens , Jellum , Jorwert , Kubaard , Leons , Lytsewierrum , Mantgum , Reahus , Rien , Spannum , Waaksens , Weidum , Winsum , Wiuwert en Wjelsryp .

Fierders omfieme Littenseradiel ek noch de folgjende buorskippen :

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Littenseradiel untstie by de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 , doe't de eardere gemeenten Baarderadiel en Hinnaarderadiel under druk fan boppenof gearfoege waarden. Dat gie net fan herten, mei't Baarderadiel in liberale en sosjalistyske politike tradysje hie, wylst Hinnaarderadiel krekt in bolwurk fan 'e konfesjonele partijen wie.

Leons , it lytste doarp fan Littenseradiel.

Dat it gemeentehus fan Hinnaarderadiel, yn Wommels , de sit fan it bestjoer fan 'e nije gemeente waard, sette yn Baarderadiel, en yn 't bysunder yn it eardere haadplak Mantgum , in soad kwea bloed, mei't men der fan betinken wie dat 'dy finen fan Hinnaarderadiel' harren op snoade wize it haadplak fan 'e nije gemeente untfytmanne hiene. Nettsjinsteande dat wie Littenseradiel in folle better slagge produkt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 as bgl. de buorgemeente Boarnsterhim , dy't fuortkaam ut 'e fuzje fan Raerderhim , Idaerderadiel en Utingeradiel , mar nea in echte ienheid waard.

Oarspronklik wie de offisjele namme fan 'e nije gemeente Littenseradeel , mar op 26 jannewaris 1985 waard dat troch de gemeenterie formeel feroare yn 'Littenseradiel'. Yn 1993 fierde Littenseradiel as trede Fryske gemeente (nei Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim ) Fryske plaknammen yn. Yn 2007 , 2010 , 2011 , 2012 , 2013 en 2014 waard de gemeente troch it Algemeen Dagblad utroppen ta feilichste gemeente fan Nederlan.

Yn 'e jierren 2000 wie der in skoftlang sprake fan dat Littenseradiel mei Wunseradiel en Boalsert in nije gemeente foarmje soe, mar dat plan kitste op 't lest of op 'e winsk fan Littenseradiel om selsstannich te bliuwen. Derop sochten Wunseradiel en Boalsert nauwere gearwurking mei gemeenten yn 'e Sudwesthoeke , mei as resultaat it untstean fan 'e fuzjegemeente Sudwest-Fryslan yn 2011 .

Uteinlik bliek de selsstannichheidswinsk fan Littenseradiel net haldber. Yn juny 2013 spriek de gemeenterie him ut foar de opdieling fan 'e gemeente, werby't in part by Sudwest-Fryslan komme soe en in oar part by Ljouwert . Fjouwer doarpen yn it noarden fan 'e gemeente krigen dernjonken de mooglikheid foarlein om har oan te sluten by de doe noch nammeleaze fuzjegemeente dy't yn noardwestlik Fryslan untstean soe, wer't se op derta holden ynspraakjunen yndie foar keazen. Sadwaande kamen op 1 jannewaris 2018 , doe't Littenseradiel opheft waard, de doarpen Baard , Bears , Easterlittens , Hilaard , Huns , Jellum , Jorwert , Leons , Mantgum en Weidum by de gemeente Ljouwert te hearren. Fierders waarden Boazum , Britswert , Easterein , Easterwierrum , Hidaard , Hinnaard , Iens , Itens , Kubaard , Lytsewierrum , Reahus , Rien , Waaksens , Wiuwert en Wommels underdiel fan Sudwest-Fryslan , wylst Baaium , Spannum , Winsum en Wjelsryp nei De Waadhoeke giene. [1]

De Nije Kromme oer de N359 by Wommels .
De Freulepartij is in wichtige keatswedstryd dy't elts jier yn augustus op it fjild efter it gemeentehus yn Wommels holden wurdt.
De yn 2012 folslein restaurearre Tsjerke fan Baaium .
Doarpsgesicht fan Britswert .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Littenseradiel hie sunt syn untstean yn 1984 in ynwennertal dat om 'e 10.000 hinne skommele. Op 1 jannewaris 2012 hie it in befolking fan 10.925 minsken, en op 30 april 2017 wiene der 10.746 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech doe 82,2 minsken de km² . Op 1 jannewaris 2017 wie de befolking fan 'e gemeente sa oer de underskate doarpen ferspraat: [2]

doarp ynwenners
Wommels 2.216
Mantgum 1.172
Winsum 1.038
Easterein 964
Weidum 576
Wjelsryp 463
Easterlittens 439
Boazum 397
Jorwert 342
Easterwierrum 332
Hilaard 297
Spannum 282
Wiuwert 277
Kubaard 242
Itens 236
Baard 189
Reahus 170
Jellum 142
Bears 133
Hidaard 130
Baaium 118
Huns 114
Britswert 112
Rien 110
Waaksens 83
Lytsewierrum 68
Hinnaard 44
Iens 32
Leons 26
Uniastate yn Bears .
It logo fan Littenseradiel: in stilistyske werjefte fan 'e Nije Kromme .

Polityk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De leste boargemaster fan Littenseradiel wie Johanneke Liemburg fan 'e PvdA . Hja beklaaide dy funksje sunt 2000 , doe't se har partijgenoat Johan Oldenziel opfolge. Sunt 2014 wiene de beide wethalders fan Littenseradiel Marja Reijndorp fan SAM Littenseradiel en Bram Bonnema fan 'e FNP . (SAM Littenseradiel kaam yn 2009 fuort ut 'e fuzje fan 'e pleatslike ofdielings fan 'e PvdA , GrienLinks en D66 .) De gemeenterie fan Littenseradiel bestie ut 15 sitten. Hjirunder de gearstalling fan 'e rie ut 'e ferskillende politike partijen fan 1998 oant 2018 :

Gemeenteriedssitten
partij 1998 2002 2006 2010 2014
SAM Littenseradiel 5 5
CDA 5 5 4 4 4
FNP 3 3 3 4 4
VVD 2 3 3 2 2
PvdA 4 4 5
D66 1
Totaal 15 15 15 15 15

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schroor, Meindert (haadred.) , Nieuwe Encyclopedie van Fryslan , De Gordyk/Ljouwert, 2016 ( Utjouwerij Bornmeer / Tresoar ), ISBN 978-9 05 6153 755 , s. 1716.
  2. Boarne: Tal Ynwenners per Doarp , webside Gemeente Littenseradiel.

              Provinsje Fryslan
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

? Aenjewier (1851?1934)
? Baarderadiel (1851?1984)
? Barradiel (1851?1984)
? It Bilt (1851?2018)
? Boalsert (1455?2011)
? Boarnsterhim (1984?2014)
? Doanjewerstal (1851?1984)
? Dokkum (1298?1984)
? Dongeradiel (1984?2019)
? Drylts (1268?1984)

? East-Dongeradiel (1851?1984)
? Ferwerderadiel (1851?2019)
? Frjentsjer (1374?1984)
? (ald) Frjentsjerteradiel (1851?1984)
? (nij) Frjentsjerteradiel (1984?2018)
? Gaasterlan (1851?1984)
? Gaasterlan-Sleat (1984?2014)
? Haskerlan (1851?1984)
? Hylpen (1372?1984)
? Himmelumer Aldefurd (1851?1984)

? Hinnaarderadiel (1851?1984)
? Idaerderadiel (1851?1984)
? Kollumerlan (1851?2019)
? Lemsterlan (1851?2014)
? Littenseradiel (1984?2018)
? Ljouwerteradiel (1851?2018)
? Menameradiel (1851?2018)
? Nijefurd (1984?2011)
? Raerderhim (1851?1984)
? Skarsterlan (1984?2014)

? Skoatterlan (1851?1934)
? Sleat (1426?1984)
? Snits (1292?2011)
? Starum (1061?1984)
? Utingeradiel (1851?1984)
? Warkum (1399?1984)
? West-Dongeradiel (1851?1984)
? (ald) Wymbritseradiel (1851?1984)
? (nij) Wymbritseradiel (1984?2011)
? Wunseradiel (1851?1984)


wizigje