Libben

Ut Wikipedy
Planten yn it Ruwenzoary-berchtme yn Uganda .

Libben is in fysiko - gemysk systeem , dat troch de utwikseling fan enerzjy en matearje mei syn om-en-by, en tanksij in ynwindich metabolisme , by steat is om himsels yn stan te halden , te groeien , him fuort te plantsjen en him oan te passen oan feroaring yn syn om-en-by, sawol op 'e koarte termyn, troch gedrach , as op 'e lange termyn, troch genetyske evolusje . Libben is in skaaimerk der't fysike entiteiten dy't biologyske prosessen hawwe (lykas in bist , plant , skimmel , baktearje of protist ) har mei underskiede fan fysike entiteiten dy't sokke prosessen net hawwe (lykas in stien , klute grun , wetterplasse , offallene tuke of kadaver ). Firussen en oansibben foarmje datoangeande grinsgefallen, en ek oangeande keunstmjittich libben binne de neamde kritearia twifelich, sadat net folslein dudlik is oft dy ferskynsels ta it libben rekkene wurde kinne. Der binne ferskate oare en/of spesifikere definysjes fan libben yn omrin, mar net ien is slutend of algemien akseptearre.

In libben wezen is in organisme . De tuke fan wittenskip dy't him taleit op it undersyk nei it libben is de biology . In wittenskipper dy't him dermei dwaande haldt is in biolooch . De wittenskiplike kategorisaasje fan al it libben op 'e Ierde yn groepen fan besibbe soarten is de taksonomy . De Aldgrykske wiisgear Aristoteles wie de earste dy't dermei uteinsette, mar it systeem fan twafaldige wittenskiplike nammen dat hjirfoar no yn gebruk is, waard yn 'e achttjinde iuw untwikkele troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus .

Hoewol't men libben oant no ta inkeld op 'e Ierde mei wissichheid feststeld hat, giet men derfan ut dat der ek butenierdsk libben bestean moat, werby't men net yn it foarste plak tinkt oan heechuntwikkele beskavings fan yntelliginte wezens, mar earder oan ienfaldige organismen, lykas baktearjes of skimmels. Keunstmjittich libben is in kompjutertechnologyske simulaasje fan wier libben. It tsjinstelde fan it libben is de dea , dat omskreaun wurde kin as de ofwezichheid fan alle biologyske prosessen. Derby binne der anorganyske dingen, dy't altyd dea west hawwe, mar ek dingen dy't libben wiene, mar deagien binne troch it proses fan ferstjerren , dat in ein makket oan it libben. Utstjerren is it proses werby't in hiele soarte of in groep besibbe soarten wezens ophaldt te libjen. Deade oerbliuwsels fan libbene organismen wurde kadavers of yn it gefal fan minsken , liken of stoflike omskotten neamd. In Fossyl is it undergrunsk ferstienne en dertroch preservearre kadaver (of alteast it skelet fan it kadaver) fan in organisme ut it ferline.

It libben op 'e Ierde kaam tusken 3,8 en 4,1 miljard jier lyn ta stan. Foarhinne leaude men dat libben geregeldwei troch it proses fan spontane generaasje fuortkaam ut anorgane materialen, mar dy (no folslein untkrefte) teory wie basearre op byleauwe en breklik undersyk. De moderne wittenskip is fan betinken dat it libben op 'e Ierde oarspronklik wol deeglik fuortkommen is ut libbenleas materiaal, yn in proses dat abiogeneze neamd wurdt. Dat soe lykwols in proses west hawwe dat mar ien kear foarkommen is en werby't organyske stoffen har yn it oersop oer ferrin fan miljoenen en miljoenen jierren untwikkele hawwe soene ta primitive sellen . Molekulen as DNA en RNA soene by abiogeneze in wichtige rol spile hawwe. Neitiid soene dy earste sellen har troch in proses fan evolusje stadichoan untjun hawwe ta al it libben op 'e Ierde sa't dat no bestiet. Yn july 2016 makken undersikers bekend dat se in byinoarhearrende groep fan 355 genen identifisearre hiene fan 'e leste universele mienskiplike foaralder ( last universal common ancester , LUCA) fan alle organismen op 'e Ierde.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes , References en Further reading , op dizze side .