한국   대만   중국   일본 
La Paz (Bolivia) - Wikipedy Springe nei ynhald

La Paz (Bolivia)

Ut Wikipedy
La Paz (Bolivia)
Flagge Wapen
Polityk
Lan Bolivia
Provinsje Pedro Domingo Murillo
Departemint La Paz
Sifers
Ynwennertal 757.184 (2012)
Oerflak 187,24 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 4.044 / km²
Stedekloft 2 miljoen (2012)
Hichte 3600 m
Oar
Stifting 1548
Tiidsone UTC -5
Webside Webstee fan La Paz

La Paz , offisjeel ( Spaansk ): Nuestra Senora de La Paz (" Us Leaffrou fan de Frede"), Aimara : Chuqi Yapu of Chuquiago , is de haadsted fan it departemint La Paz en de administrative haadsted fan Bolivia . La Paz leit yn kleau, under in heechflakte, op in hichte fan 3600 meter oan de rivier La Paz. Op de heechflakte leit de sted El Alto mei de ynternasjonale lofthaven fan La Paz, dy't ek El Alto hjit. La Paz wurdt faak sjoen as de heechst lizzende haadsted fan de wrald, mar de offisjele haadsted fan it lan is Sucre .

De sted waard yn 1548 stichte troch konkwistadore Alonso de Mendoza op it plak fan de ynlanske delsetting Chuqi Yapu.

La Paz waard yn 1898 de de facto sit fan de nasjonale oerheid. Dy feroaring wie it gefolch fan de oergong fan de foar de Boliviaanske ekonomy och sa wichtige, mar doe fierhinne utputte, sulverminen fan Potosi nei de eksploitaasje fan tin tichteby de sted Oruro , en fan de feroaringen yn de distribusje fan de ekonomyske en politike ynfloed fan de ferskate nasjonale elites dy't dat fan gefolgen hier.

Stedsdielen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stedsdielen fan La Paz
Bestjoersdistrikt Stedsdiel La Paz
1 Mallasa Amor de Dios ? Mallasa ? Muela del Diablo ? Mallasilla ? Jupapina
2 Zona Sur Obrajes ? Bella Vista ? Bolonia ? Irpavi ? Calacoto ? Cota Cota ? Achumani ? Ovejuyo ? Koani ? La Florida ? Seguencoma ? San Miguel
3 San Antonio San Antonio ? Villa Copacabana ? Pampahasi ? Valle Hermoso ? Kupini ? Villa Armonia ? Callapa, ?San Isidro
4 Periferica Achachicala ? Chuquiaguillo ? Villa Fatima ? Vino Tinto ?5 Dedos ? Santiago de Lacaya ? Rosasani
5 Max Paredes Munaypata ? La Portada ? El Tejar ? Gran Poder ? Obispo Indaburu ? Chamoco Chico ? Munaypata ? Pura Pura ? Ciudadela Ferroviaria
6 Zona Centro Casco Urbano Central ? San Jorge ? Miraflores ? San Sebastian ? Santa Barbara ? Parque Urbano Central
7 Cotahuma Sopocachi ? Alto Sopocachi ? Pasankeri ? Tembladerani ? Alpacoma ? Belen ? Tacagua ? San Pedro ? Bajo Llojeta

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It ynwennertal fan de sted Chuqi Yapu is yn de ofrune sechtich jier mear as ferdubele, mar sakke yn it earste desennium fan de 21e iuw in bytsje:

Jier Ynwennertal Boarne
1950 321 073 Folkstelling [1]
1976 654 713 Folkstelling [2]
1992 713 378 Folkstelling [3]
2001 789 585 Folkstelling [4]
2012 757 184 Folkstelling [5]

La Paz is de tredsgrutte sted fan Bolivia, nei de miljoenested Santa Cruz (1.453.549 ynwenners) yn it ynlan en de buorsted El Alto (848.840 ynwenners).

It ynwennertal fan de agglomeraasje La Paz wurdt rusd op sa'n twa miljoen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Demographic Yearbook 1955 s. 189
  2. Thomas Brinkhoff: City Population
  3. INE ? Instituto Nacional de Estadistica Bolivia 1992
  4. Instituto Nacional de Estadistica Bolivia (INE) 2001
  5. INE ? Instituto Nacional de Estadistica Bolivia 2012