Toarnroaske

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan La Belle au Bois Dormant )
Toarnroaske
algemiene gegevens
oarspr. titel La Belle au Bois Dormant
auteur Charles Perrault
taal Fransk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1697 , Parys
bondel Contes de Ma Mere l'Oye
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Toarnroaske
publikaasje 1985 , Ljouwert
utjouwer Afuk
oersetter Jant Visser-Bakker
ISBN  oers. 9 06 27 32 321

Toarnroaske , yn it oarspronklike Fransk : La Belle au Bois Dormant en Dutsk : Tornroschen ( Nederlansk : Doornroosje ; Ingelsk : Sleeping Beauty ; Italjaansk : Sole, Luna e Talia ), is in iuwenald mearke dat u.m. optekene is troch Charles Perrault yn syn Contes de Ma Mere l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes") en de bruorren Grimm yn harren Kinder- und Hausmarchen ("Berne- en Husmearkes"). Hoewol't der in stikmannich underskate foarmen fan besteane, is de ynkoarte ferzje fan 'e bruorren Grimm, letter oernommen troch de Walt Disney -studio's, fierwei it bekendst. It is dy foarm dy't yn 1985 troch Jant Visser-Bakker oerset is yn it Frysk as underdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 2 , neffens de utjefte Die Schonsten Marchen der Bruder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dutsk ta is troch Margrit Weber ). Yn 2012 is dyselde ferzje fan Toarnroaske op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema , as underdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm .

Ynhald (ferzje fan de bruorren Grimm) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de berte fan in langferwachte prinseske rjochtet har heit, de kening, in grut feest oan. Derta nuget er alle lju fan kwizekwansje yn it lan ut, mei derunder ek de feeen (of wize froulju). Mar om't der trettjin feeen binne en de kening mar tolve goudene itensboarden hat, kinne der fan harren mar tolve komme. Nei't it feest mei alle pracht en preal fierd is, jouwe alle feeen it prinseske in rynsk geskink troch in foarsizzing te dwaan. De earste foarseit dat it berntsje skielk tige deugdsum weze sil, de twadde dat hja tige tsjep wurde sil, de trede dat se hiel ryk wurde sil, ensfh. As alve fan 'e tolve sa'n foarsizzing dien hawwe, fljocht ynienen de doar iepen en komt de fee deryn dy't net utnuge is. Dy is der sa lulk oer dat se foarseit dat it prinseske har op har fyftjinde jierdei oan in spintuolle pripkje sil en dan dea delfalle. As de boaze fee har wer ofjun hat, komt de leste fan 'e tolve utnuge feeen nei foarren. Dy kin de foarsizzing dy't krekt dien is net wjerlizze, mar wol ferseftsje, dat hja foarseit dat it inkeld lykje sil as falt it prinseske dea del, mar yn wurklikheid sil se hundert jier sliepe. Nei ofrin fan it feest leit de kening it near op spintuollen, en dy wurde yn it hiele lan yn beslach nommen en ferbaarnd, sadat der net ien oerbliuwt.

De prins fynt de sliepende Toarnroaske.

Op har fyftjinde jierdei doarmet de prinsesse wat yn it kastiel om, en uteinlik belanet se yn in ofhandich keammerke boppe yn in toer, der't in aldwyfke sit te spinnen. De prinsesse sjocht der in spintuolle, in ding dat se noch nea earder sjoen hat, dat se pakt it op en pripket har yn 'e finger. Op datseldichste stuit falt syn yn in djippe sliep, en mei har it hiele kastiel mei alle folk deryn, fan 'e kening oant de minste tsjinstfeint, mei hynders en hunen en al, ja, sels oan 'e miggen op it lewant ta. Dan waakst der in hege toarnhage om it hiele kastiel hinne, sa heech dat er sels boppe de heechste tuorren utkomt. De rop giet troch it lan dat der efter dy hage in tsjeppe betsjoende prinsesse yn 'e sus leit dy't wachtet om reden te wurden, dat de iene nei de oare dappere prins besiket om him mei syn swurd in paad troch de hage te houwen, mar se komme allegear fest te sitten yn 'e toarnen en kinne net wer loskomme, en bliede dea of ferhongerje.

Hundert jier geane foarby, oant op in dei in knappe, moedige prins it ferhaal fan 'e betsjoende prinsesse heart fan in aldman dy't it sels wer fan syn pake hat. De prins beslut om 'e prinsesse, dy't underwilens fanwegen de hage Toarnroaske neamd wurdt, te reden, en de aldman kin it him net untprate. Mar as de prins him mei syn swurd in paad klearje wol troch de hage, binne krekt de hundert jier om, dat de hage feroaret yn in muorre fan bluossems dy't him sunder wjerstan trochlit. De prins giet it kastiel yn en fynt yn it keammerke heech yn 'e toer Toarnroaske. As er har tutet, wurdt se krekt op dat stuit wekker, en mei har it hiele kastiel. Dan wurdt der op 'e nij in grut feest fierd, en Toarnroaske en de prins trouwe op slach en libje noch lang en lokkich.

Langere ferzje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De orizjinele ferzje fan it Toarnroaske wie langer. Deryn trouwe Toarnroaske en de prins yn it geheim, want de styfmem fan 'e prins is in meunster of in reuzinne , dy't sels op 'e troan longeret. De prins besiket Toarnroaske temuk en hja kriget twa bern, dy't Sinne en Moanne (yn 'e ferzje fan Giambattista Basile ) of Dage en Dei (yn 'e ferzje fan Charles Perrault ) hjitte. As de prins nei syn heite dea de troan erft, mient er dat syn styfmem him net mear dwerseidzje kin, en presintearret er Toarnroaske oan it lan as syn keninginne. Mar de meunsterlike styfmem nimt Toarnroaske en har bern mei nei in ofhandich hus yn 'e bosk en jout der har kok opdracht om it jonkje (Sinne of Dage) te slachtsjen en de juns oan har op te tsjinjen.

De kok, dy't begrutsjen mei it jonkje hat, tsjinnet har lykwols ynstee in laam op. De oare deis wol se it famke (Moanne of Dei) hawwe, en dan tsjinnet de kok har ynstee in geitsje op. De deis derop wol se Toarnroaske sels opite, mar de kok set har in hine (wyfkeshart) foar. Hoewol't se earst mient dat no sawol Toarnroaske as dy har beide bern bepluze hat, untdekt de styfmem al rillegau dat se bedragen is. Derop graaft se by it hus in djippe kule dy't se foldocht mei njirren en oare giftige slangen . It is har bedoeling om Toarnroaske en de beide bern der yn te smiten, mar de kening arrivearret krekt op 'e tiid en ynstee fan Toarnroaske en de bern bedarret de styfmem sels yn 'e kule, der't se deabiten wurdt troch de slangen. Dernei libje de kening en syn gesin noch lang en lokkich.

Eftergrun [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In stanbyld yn it Dutske Wuppertal .

Toarnroaske is in withoe ald mearke, dat oan it begjin fan 'e santjinde iuw foar it earst optekene waard troch Napolitaanske ofsier en oerheidsfunksjonaris Giambattista Basile , yn syn Lo Cunto de li Cunti ("It Ferhaal der Ferhalen"), better bekend as de Pentamerone , dy't postum publisearre waard yn 1634 . Yn Basile syn ferzje, mei as titel Sole, Luna e Talia ("Sinne, Moanne en Talia"), hjit Toarnroaske fan Talia. Yn 1697 waard it ferhaal op 'e nij op skrift steld, diskear troch de Franske skriuwer Charles Perrault , as underdiel fan dy syn samling Histoires et Contes du Temps Passe, avec des Moralites: Contes de Ma Mere l'Oye ("Stoarjes en Ferhalen ut Ferfleine Tiden, mei Moralen: Ferhalen fan Us Mem de Goes"). By Perrault hjitte it mearke La Belle au Bois Dormant ("De Tsjeppe Faam Dy't yn 'e Bosk Sliepte"), mar bleau it personaazje fan Toarnroaske fierders anonym.

Sawol de ferzje fan Basile as dy fan Perrault omfetten beide boppesteande parten fan it ferhaal, mar doe't de bruorren Jacob en Wilhelm Grimm it yn 1812 as Dornroschen opnamen yn harren Kinder- und Hausmarchen ("Berne- en Husmearkes"), brukten se inkeld it earste part. Guon folkloristen miene dat it earste en twadde part oarspronklik twa underskate mearkes west hawwe, dy't troch Basile trochinoar mjukse wiene, wat Perrault neitiid fan him oernaam. De bruorren Grimm soene it yn dizze optyk wer werombrocht hawwe yn 'e alde styl.

Adaptaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne fan Toarnroaske withoefolle adaptaasjes makke ta oare media, mei derunder romans , poezij , stripferhalen , toanielstikken , musikals , films , tekenfilms , tillefyzjesearjes en muzyk . De bekendste adapaasje is sunder mis de tekenfilm Sleeping Beauty , dy't yn 1959 utbrocht waard troch de Walt Disney -studio's.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm , De Moaiste Mearkes 1 (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1983 (Afuk), ISBN 9 06 27 32 321 .
  • Grimm, Jacob en Wilhelm , Mearkes fan Grimm (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888 .

Foar sekundere boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .