Kostum

Ut Wikipedy
In man en in frou yn Renessansekostums .

In kostum , fia it Franske costume ( utspr. : [k?s'tym], likernoch: "kos- tum ) fan it Italjaanske costume (utspr.: [kos'tume], likernoch: "koos- tuu -mee") is in foarm fan klean dy't ofwykt fan 'e aldendeiske noarm , en dy't by in beskate etnyske groep , maatskiplike klasse , beropsgroep , aktiviteit, gelegenheid of histoaryske perioade heart of past.

In Polygoon-sjoernaal ut 1936 , weryn't acht kostums ut 'e perioade tusken 1759 en 1875 sjen litten wurde, mei as njoggende de kroaningsjupe fan keninginne Wilhelmina ut 1898 .

Foarbylden ut 'e hjoeddeistige maatskippij binne de kladen fan geastliken , toga's fan perfesters en dumnys , trouklean fan breidspearen en rydkostums fan ruters .

Kostums wurde brukt foar aktearjen yn it teater , op 'e tillefyzje en yn films , der't faak de funksje fan kostumuntwerper bestiet. Fierders binne ek regionale klaaiings , lykas Fryske dracht , in foarm fan kostums, en itselde jildt foar de klean dy't men draacht op beskate feesten , lykas karnaval , Halloween en in maskere bal .

Under de oantsjutting 'kostum' wurdt fierders ek wol in trijedielich pak ferstien.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .