Kirov (oblast)

Ut Wikipedy
Kirov oblast

Кировская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lan Ruslan
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Wolga-Vjatka
haadplak Tula
grutste plak Tula
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (90,8 %), Tataren (2,9 %)
Mari (2,6%)
Udmoerten (1,2 %)
(stan: 2002)
sifers
ynwennertal 1.234.780 (2022)
oerflak 120.374 km²
befolkingstichtens 10,26 ynw. / km²
oar
stifting 7 Desimber 1934
tiidsone UTC +3
koordinaten 58° 36' N 49° 39' E
webside www.ako.kirov.ru

De oblast Kirov ( Russysk : Кировская область, Kirovskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn de Russyske Federaasje . Haadsted fan de oblast is de sted mei deselde namme: Kirov .

De oblast hat in goede ynfrastruktuer, it hat in lofthaven foar ynlanske flechten en it leit oan it Transsibearyske Spoarline .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't de krite yn 1489 by it Grutfoarstedom Moskou foege waard wie it foar it foarstendom de springplankte nei it Oeralgebiet . It gebiet foarme op ferskillende tiden underdiel fan oare guverneminten, oant it yn 1796 it selsstannige guvernemint Vjatka waard. Yn de Sovjet-tiid waard it guvernemint opheft en by de kraj Nizjni Novgorod yndield.

De tsjintwurdige oblast unstie op 7 desimber 1934 troch it ferdielen fan it eardere kraj Nizjni Novgorod, dat yn 1932 omneamd wie ta kraj Gorki. De nij kraj waard ferneamd nei de fermoarde Sovjet-lieder Sergej Kirov en ek de haadsted Vjatka waard omdoopt ta Kirov. Yn desimber Kirov waard de kraj Kirov feroare yn de oblast Kirov.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lanskip mei in koloanje blaustirnzen oan de wei fan Kirov nei Kotelnitsj

De bosken wurde foaral foarme troch nuddelbeammen . It gebiet is ryk oan turfofsettings en net-metaalhaldende mineralen lykas kalkstien, san en grint.

De oblast hat sa'n 20.000 rivieren en streamkes mei in totale lingte fan 66.650 km. It grutste diel fan de oblast wurdt troch it streamgebiet fan de Vjatka ynnommen, dy't utmunet yn de Kama yn Tatarstan. Oare grutte rivieren binne de Moloma, Pizjma, Luza, Kobra en Tsjeptsa.

It tal marren fan de oblast is likernoch 4.500. De grutste binne de Aksjuben- (85 ha), Orlofskoje- (63 ha) en Muserskoje-mar (32 ha). De djipste mar is de Lezjninskoje-mar mei in maksimale djipte fan 36,6 m. Bysunder is de Sjaitan-mar yn it Oerzjumski rajon mei syn driuwende eilannen mei beammen.

De noardlike helte fan de oblast is ryk oan sompen . It oerflak fan it Verchnekamski-rajon bestiet bygelyks foar 40% ut sompen.

Befolkingsuntwikkeling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Befolking 2.209.000 2.284.000 1.886.000 1.727.000 1.662.000 1.693.000 1.503.500 1.234.780

Bestjoersyndieling en steden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kirov, regearingsgebou fan de oblast

De oblast Kirov is ferdield yn 39 rajons, 5 steden (Kirov (oant 1934: Vjatka), Kirovo-Tsjepetsk, Vjatskije Poljani, Slobodskoi, Kotelnitsj) en ien sletten plak (Pervomaiski).

Grutste plakken
Namme Russyske namme Wapen Ynwennertal (2022) Lokaasje
Kirov Киров 523.543 58° 36' N 49° 41' E
Kirovo-Tsjepetsk Кирово-Чепецк 68.588 58° 33' N 50° 01' E
Vjatskije Poljany Вятские Поляны 31.488 56° 13' N 51° 04' E
Slobodskoi Слободской 31.465 58° 43' N 50° 10' E
Kotelnitsj Котельнич 22.508 58° 18' N 48° 20' E
Omutninsk Омутнинск 21.431 58° 40' N 52° 11' E

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De masjinebou, metaalferwurking en de hout- en papieryndustry leverje in wichtige bydrage oan de ekonomy fan de oblast.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Кировская область


 
Dielgebieten fan Ruslan

Flagge fan Ruslân

Republyk Adygea ? Altai ? Basjkortostan ? Boerjaasje ? Chakasje ? Dagestan ? ( Donjetsk ) ? Ingusjeesje ? Kabardino-Balkaarje ? Kalmukje ? Karatsjai-Tsjerkjesje ? Kareelje ? Komi ? ( Krim ) ? ( Luhansk ) ? Mari El ? Mordoovje ? Noard-Osseesje-Alaanje  ? Oedmoersje  ? Sacha  ? Tatarstan  ? Tsjetsjeenje  ? Tsjuvasje ? Tuva
Kraj Altai ? Chabarovsk ? Kamtsjatka ? Krasnodar ? Krasnojarsk ? Perm ? Primorje ? Stavropol ? Transbaikal
Oblast Amoer ? Archangelsk ? Astrachan ? Belgorod ? Brjansk ? ( Cherson ) ? Irkutsk ? Ivanovo ? Jaroslavl ? Kaliningrad ? Kaluga ? Kemerovo ? Kirov ? Koergan ? Koersk ? Kostroma ? Leningrad ? Lipetsk ? Magadan ? Moermansk ? Moskou ? Nizjni Novgorod ? Novgorod ? Oarenburch ? Omsk ? Orjol ? Penza ? Pskov ? Rjazan ? Rostov ? Sachalin ? Saratov ? Smolensk ? Sverdlovsk ? Tambov ? Tjumen ? Tomsk ? Tsjeljabinsk ? Tula ? Tver ? Uljanovsk ? Vladimir ? Vologda ? Voronezj ? Wolgograd ? ( Zaporizja )
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje ? Jamalo-Nenetsje ? Nenetsje ? Tsjukotka
Federale sted Moskou ? Sint-Petersburch ? ( Sebastopol )
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslan, mar as diel fan de Oekraine