Katharine Kerr
(
berne
as
Katharine Nancy Brahtin
;
Cleveland
,
3 oktober
1944
) is in
Amerikaansk
skriuwster
fan benammen
romans
. Har wurk heart foar it meastepart ta it
sjenre
fan 'e
fantasy
, al hat se ek inkele
science fiction
-boeken skreaun. Kerr is it bekendst fan har troch de
Keltyske mytology
beynfloede
Deverry
-syklus, dy't spilet yn it
fiktive
lan Deverry.
Kerr waard yn
1944
berne
yn
Cleveland
, yn 'e
Amerikaanske steat
Ohio
as Katharine Nancy Brahtin. Hja hat har
famylje
omskreaun as "mear
Britsk
yn
ballingskip
as Amerikaansk". Har unfermogen om har sekuer oan 'e
staveringsregels
fan it
Amerikaansk-Ingelsk
of it
Britsk-Ingelsk
te halden, is neffens har it gefolch fan it feit dat se thus
lezen
leard hat mei
boeken
dy't de Britske stavering oanholden (
colour
,
centre
,
organisation
,
gynaecology
), wylst se letter op
skoalle
konfrontearre waard mei de Amerikaanske stavering (
color
,
center
,
organization
,
gynecology
).
Doe't se noch op skoalle siet,
ferfear
Kerr mei har
aldelju
nei
Santa Barbara
, yn
Sudlik Kalifornje
, der't se fierder opgroeide. Se
studearre
inkele jierren oan 'e
Universiteit fan Stanford
, mar briek har
studzje
mids
1960-er jierren
of. Neitiid hie se ferskate
banen
, werunder
lokettiste
op in
postkantoar
. Yn
1969
ferhuze Kerr nei de
Baaikrite
fan
Noardlik Kalifornje
, der't se uteinlik yn
San Francisco
kaam te wenjen. Yn
1973
trof se by
tafal
wer Howard Kerr, in alde
freon
fan harres fan 'e
middelbere skoalle
. Se krigen in
relaasje
en
trouden
noch datselde jiers.
Yn
1979
krige Kerr fan in freon har earste
fantasy
-
rollespul
kado
. Dat makke by har in
fassinaasje
wekker foar soksoarte
spultsjes
en foar fantasy yn it algemien. Kerr begun
artikels
te publisearjen yn
tydskriften
foar rollespullen en wie in tal jierren lang bydragend
redaktrise
fan
Dragon
, it bled fan 'e
Dungeons & Dragons
-franchise. Ek wurke se mei oan spulmodules foar
TSR, Inc.
en
Chaosium
. Kerr wie mei-auteur fan it aventoer
Legacy of Blood
foar
Dungeons & Dragons
en ek fan ferskate aventoeren foar it
Pendragon
-rollespul.
Fan mids
1980-er jierren
of begun Kerr har utslutend ta te lizzen op it skriuwen fan har eigen fantasyromans. Har
magnum opus
is de
Deverry
-syklus, in lange
romansearje
werfan't se it earste diel yn
1986
publisearre under de
titel
Daggerspell
. Oarspronklik seach Kerr
Deverry
foar har as in
koart ferhaal
of in
novelle
, mar oant en mei
2020
binne der yn it ramt fan dy rige sechstjin romans ferskynd. De
Deverry
-syklus is sterk beynfloede troch de
Keltyske mytology
en spilet net yn
Jeropa
, mar yn in
fiktyf
lan "oer de see", der't de bewenners oan it begjin fan 'e
Westerske jiertelling
hinne flechte binne foar de opmars fan 'e
Romeinske legioenen
. Opmerklik is dat de
Deverry
-syklus skreaun is yn in
non-lineere
styl, werby't it haadferhaal gauris foar langere tiid underbrutsen wurdt troch
flashbacks
nei foarfallen dy't
desennia
of sels
iuwen
earder bard binne. Kerr makke foar de
Deverry
-syklus gebruk fan
reynkarnaasje
, en by sokke flashbacks giet it om eardere ynkarnaasjes fan har
haadpersoanen
ut it haadferhaal. Fierhinne deselde groep
personaazjes
belibbet op dy manear yn in wikseljende gearstalling aventoeren, en foarfallen ut it ferline hawwe grutte ynfloed op hjoeddeistige untjouwings.
Njonken de
Deverry
-syklus skreau Kerr ek ferskate oare romans en koarte ferhalen, en yn 'e mande mei
Martin H. Greenberg
fierde hja de redaksje oer de gearstalling fan trije
blomlezings
fan koarte ferhalen fan oare auteurs. Wurken fan harres dy't derut springe, binne de
Nola O'Grady
-romans, in
tetralogy
yn it
subsjenre
fan 'e
urban fantasy
, en de
science fiction-roman
Snare
. Yn dat leste wurk wurdt in ferhaal ferteld oer trije
minsklike
beskavings
op in
planeet
dy't ek bewenne wurdt troch in wraldseigen
soarte
yntelliginte
butenierdske wezens
. De
foaralden
fan 'e minsken rekken yn it
ferline
strane op dy planeet en hawwe in systeem opset om harren
neiteam
en de wraldseigen befolking utinoar te halden mei regels en
leagens
. Achthundert jier letter stoart dat systeem yn en hawwe de lju dy't dan libje der klauwen oan om te untdekken wat harren foaralden dien hawwe en werom.
- 1e Akte:
Deverry
- 1986 ?
Daggerspell
- 1987 ?
Darkspell
- 1989 ?
Dawnspell
(ek:
Dawnspell: The Bristling Wood
; yn 'e Feriene Steaten utbrocht as
The Bristling Wood
)
- 1990 ?
Dragonspell
(ek:
Dragonspell: The Southern Sea
; yn 'e Feriene Steaten utbrocht as
The Dragon Revenant)
- 2e Akte:
The Westlands
- 1991 ?
A Time of Exile
- 1992 ?
A Time of Omens
- 1993 ?
A Time of War
(yn 'e Feriene Steaten utbrocht as
Days of Blood and Fire
)
- 1994 ?
A Time of Justice
(yn 'e Feriene Steaten utbrocht as
Days of Air and Darkness
)
- 3e Akte:
The Dragon Mage
- 1997 ?
The Red Wyvern
- 1998 ?
The Black Raven
- 2000 ?
The Fire Dragon
- 4e Akte:
The Silver Wyrm
- 2006 ?
The Gold Falcon
- 2007 ?
The Spirit Stone
- 2008 ?
The Shadow Isle
- 2009 ?
The Silver Mage
- 5e Akte:
The Justice War
- Polar City
-
duology
- 1990 ?
Polar City Blues
- 2000 ?
Polar City Nightmare
(mei
Kate Daniel
)
- The Pinch
-rige
- 1996 ?
Palace
(mei
Mark Kreighbaum
)
- (1998 ?
The Eyes of God
:
net
troch Katharine Kerr, mar troch Mark Kreighbaum, in
ferfolch
op
Palace
)
- 2003 ?
Snare
(troch Katharine Kerr allinnich)
- Nola O'Grady
-
tetralogy
- 2011 ?
License to Ensorcell
- 2011 ?
Water to Burn
- 2012 ?
Apocalypse to Go
- 2012 ?
Love on the Run
- The Runemaster
-duology
- 2013 ?
Sorcerer's Luck
- 2014 ?
Sorcerer's Feud
- op harsels steande romans
- 1992 ?
Resurrection
- 1995 ?
Freeze Frames
- 2016 ?
Flickers
(under it
pseudonym
Kathryn A. Jordan)
- 1994 ?
Cui Bono?
(yn 'e blomlezing
Alternate Outlaws
, u.red.f.
Mike Resnick
)