한국   대만   중국   일본 
Katedraal fan Coventry - Wikipedy Springe nei ynhald

Katedraal fan Coventry

Ut Wikipedy
Katedraal fan Coventry

St Michael’s Cathedral

Lokaasje
lan Ingelan
greefskip West Midlands
plak Coventry
adres Priory St, Coventry CV1 5FB
koordinaten 52° 24' N 1° 30' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Coventry
patroanhillige Sint-Michael
Arsjitektuer
arsjitekt Basil Spence
boujier 1956 - 1962
boustyl Moderne arsjitektuer; goatyske ruines
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.coventrycathedral.org.uk
Kaart
Katedraal fan Coventry (Ingelân)
Katedraal fan Coventry

De Katedraal fan Coventry of Sint-Michaelkatedraal ( Ingelsk : Coventry Cathedral ; St Michael’s Cathedral ) is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom Coventry yn 'e Ingelske sted Coventry .

De hjoeddeiske katedraal is de tredde katedraal fan 'e sted. De earste katedraal wie de Marijekatedraal ( St Mary’s ), in kleastertsjerke der't allinne noch resten fan bewarre bleaun binne. De twadde katedraal wie de Sint-Michaelkatedraal, dy't yn novimber 1940 by in Dutske loftoanfal op de sted ferneatige waard. Fan 'e twadde katedraal bleaune allinne de grutte toer en de butenmuorren stean. De tredde katedraal is de nijbou, dy't folge nei de Twadde Wraldkriich en fuort njonken de ruines fan de foargonger boud waard.

St Mary's [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De St Mary's waard yn 1043 tagelyk mei in benediktynsk kleaster troch de earl fan Mersia stifte, Leofric, en syn frou Lady Godiva. Al gau dernei setten de earste ferbouwings utein. Tusken 1095 en 1102 liet biskop Robert de Limesey de biskopsit fan Lichfield nei Coventry ferhuzje. It ynearsten lytse kleaster groeide ut ta in grut kleaster mei in katedraal fan likernoch 130 meter lang. Doe't Hindrik VIII briek mei Rome om't er fan syn frou Katarina fan Aragon of woe en Rome dat net tastie liet er alle katolike kleasters opheffe. Sa ferlear ek de katedraal syn status as kleastertsjerke.

De Michaeltsjerke yn de 19e iuw

St Michael’s [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De St Michael’s Church waard yn 'e lette 14e en iere 15e iuw boud. It wie de grutste parochytsjerke fan it lan, oant de tsjerke yn 1918 mei de stifting fan it bisdom Coventry de status fan katedraal krige.

Op 14 novimber 1940 waard de katedraal troch in bombardemint fan de Dutske Luftwaffe hast folslein ferneatige. Allinne de tsjerketoer en de butenmuorren bleaune stean. Ek hjoeddedei hawwe de ruines noch in funksje foar de earetsjinst.

De nije katedraal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ynterieur.
Winston Churchill tusken de ruines fan de katedraal.

De nije katedraal waard njonken de resten fan 'e alde katedraal neffens in untwerp fan Basil Spence boud. Spence trune der op oan om de resten fan de alde katedraal as betinkingstun yntakt te litten en de nije katedraal sa oan te bouwen, dat de twa gebouwen tegearre in tsjerke foarmje. By it sykjen nei in goed unwerp waard sines ut mear as 100 untwerpen keazen.

Op 23 maart 1956 waard de earste stien fan 'e nijbou troch keninginne Elizabeth lein. Basil Spence waard troch de keninginne yn 1960 as wurdearring foar syn prestaasjes yn Coventry as Knight Bachelor ta ridder slein. De ynwijing fan 'e nije katedraal folge op 25 maaie 1962.

It moderne untwerp soarge lykwols foar in soad strideraasje. De ungewoane spits waard mei in helikopter op it flakke dak fan 'e katedraal set. It ynterieur is bekend fanwegen in grut gobelin mei in ofbyld fan Kristus fan Graham Sutherland en in troch John Piper untwurpen finster yn 'e doopkapel.

It Ferkoalde Krus.

It Ferkoalde Krus [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

By it opromjen fan it pun liet Richard Howard, de doedestiidske proast fan Coventry, ut twa ferbaarnde dakbalken in ienfaldich houten krus meitsje. Dat krus, it "Ferskroeide Krus" ( Charred Cross ), is hjoeddedei yn 'e nije katedraal te sjen. In kopy derfan is yn de alterromte fan de ruine fan 'e alde katedraal oanbrocht.

It Spikerkrus [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan trije spikers fan 'e alde katedraal waard noch in krus makke, mar dan lytser, dat tsjintwurdich yn 'e nijbou hinget. Dat saneamde Spikerkrus fan Coventry ( Cross of Nails ) waard it symboal fan de oekumenyske Spikerkrusbeweging ( The Community of the Cross of Nails ), dy't fanut Coventry oant mear as 200 plakken oer de hiele wrald utgroeide. As teken fan ferbunens kriget elts plak dat by de beweging heart in spikerkrus, dat lykas it orizjineel ut trije spikers bestiet. Yn Fryslan binne gjin plakken of tsjerken oansletten by dy beweging.

De Stalingradmadonna [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn in kapel fan 'e katedraal hinget in kopy fan de saneamde Stalingradmadonna, in tekening dy't de Dutske lazaretarts Kurt Reuber yn 'e Kryst fan 1942 by de Slach om Stalingrad makke. It orizjineel fan de Stalingradmadonna hinget yn 'e Kaiser-Wilhelm-Gedachtniskirche fan Berlyn .

Oargel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It oargel waard yn 1962 troch de oargelboufirma Harrison & Harrison boud. It ynstrumint stiet op twa ferskillende plakken noardlik en sudlik fan it koer mei de kant fan it front nei it skip ta. Op 'e noardlike kant steane it Swell- en Solo-Organ opsteld, wylst op 'e sudlike kant it Great Organ stiet. It oargel hat meiinoar 72 registers op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Coventry Cathedral