Kanada

Ut Wikipedy
Kanada
Canada
flagge wapen
Latyn : A mari usque ad mare
("Hielendal fan see oant see")
geografyske lokaasje
polityk
haadsted Ottawa
grutste sted Toronto
offisjele taal Ingelsk en Fransk
steatsfoarm federale parlemintere konstitusjonele monargy
unofhinklikheid 1867
sifers
ynwennertal 35.427.524 (2014)
befolkingstichtens 3,4 / km²
oerflak 9.984.670 km² (ynkl. wetter)
9.093.507 km² (allinnich lan)
% wetter 8,9%
bykommende ynformaasje
folksliet O, Canada
muntienheid Kanadeeske dollar (CAD)
tiidsone UTC -3½ ? -8
tillefoan +1
ISO 3166-koade CA
ynternetekstinsje .ca
webside www.gc.ca

Kanada is in lan dat ruchwei de noardlike helte fan it Noard-Amerikaanske kontinint beslacht. Oan de noardkant wurdt it begrinzge troch de Noardlike Iissee , yn it easten troch de Atlantyske Oseaan en yn it sudwesten troch de Stille Oseaan . Yn it suden hat it in lang grins mei de Feriene Steaten , dy't dwers troch it kontinint rint, fan 'e iene oseaan nei de oare. Yn it noardwesten, ta einbeslut, swettet Kanada oan 'e Amerikaanske steat Alaska . De haadsted fan Kanada is Ottawa , dat yn it sudeasten leit. Oare grutte steden binne Montreal , Toronto , Vancouver , Calgary , Edmonton , Kebek , Winnipeg , Hamilton , Londen , Kitchener en Halifax .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kanada beslacht likernoch 41% fan it Noard-Amerikaanske kontinint en is it op ien nei grutste lan fan 'e wrald, nei Ruslan . In part fan it lan leit boppe de poalsirkel en it Kanadeeske regear rekkenet it gebiet tusken 60° en 141° westerlingte hielendal oant de Noardpoal ta sines; lykwols binne der gjin ynternasjonale ofspraken oer makke. It noardlikst bewenne plak yn Kanada, en fan de ierde, is Alert , op it eilan Ellesmere (eilan) , sa'n 834 km under de Noardpoal. It sudlikste part fan Kanada leit sawat op 'e selde hichte as it noarden fan Itaalje . De befolkingstichtens fan Kanada is likernoch 3,5 minsken de km², en hat dermei ien fan de leechste befolkingstichtheden fan 'e wrald. De rivier de Mackenzie , yn it noardwesten, is 4.241 km lang en dermei de langste rivier fan Kanada. It heechste punt fan it lan is de berch de Mount Logan , mei in hichte fan 5.959 m, yn it territoarium Yukon , deunby de grins mei Alaska .

Geakundich kin Kanada it best yn fiif dielen opspjalte wurde:

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste minsken , de foaralden fan de tsjintwurdige Inuit en Yndianen , arrivearren teminsten 14.000 jier lyn yn Noard-Amearika fia de Beringlanbrege tusken Sibearje en Alaska . De Dorset-beskaving is ien fan de wichtichste kultueren ut 'e Kanadeeske prehistoarje .

Neiboude Wytsing -delsetting by L'Anse-aux-Meadows .

Goed fiif iuwen foardat Kristoffel Kolumbus Amearika untdiek, setten de Wytsingen yn Kanada al foet oan wal. Bjarni Herjolfsson moat yn 986 de kuststripe fan Nijfunlan en Labrador untdutsen hawwe en om it jier 1000 hinne stifte de Yslanske Wytsing Leif Eiriksson mei 35 manlju in lytse delsetting by L'Anse aux Meadows , op it eilan Nijfunlan . Se neamden it nije lan Vinland ("Wynlan"). Om unbekende redens is dizze delsetting ferlitten en hawwe de Wytsingen harren kolonisaasje net trochset.

Nei de nije untdekking fan Amearika troch Kolumbus waard Kanada ynearsten troch de Fransen ferkend en kolonisearre. Sy neamden harren koloanje dere Nij-Frankryk . Al rillegau stiften Ingelsen lykwols harren eigen koloanjes op 'e Amerikaanske eastkust, wylst se yn 1670 de Hudsonbaaikompanjy oprjochten, dy't it yn it hiele ofwetteringsgebiet fan 'e Hudsonbaai foar it sizzen krige. Oardel iuw fan striid tusken de Britten en de Fransen om 'e hegemony yn Noard-Amearika waard yn 1763 , oan 'e ein fan 'e Sanjierrige Oarloch , yn it foardiel fan 'e Britten besljochte, doe't de Fransen by de Frede fan Parys frijwol al harren Noardamerikaanske besittings ofstean moasten. Dat woe net sizze dat der doe frede kaam; yn 1775 begun de Amerikaanske Unofhinklikheidsoarloch , werby't de trettjin sudlike Britske koloanjes har losmakken fan it memmelan, en ek nei't Grut-Brittanje yn 1783 de selsstannigens fan 'e Feriene Steaten erkend hie, bleau de sitewaasje nuodlik. Sa waarden der under de Oarloch fan 1812 guon wichtige fjildslaggen op Kanadeeske boaiem levere.

Parliament Hill, yn 'e Kanadeeske haadsted Ottawa , de sit fan it Kanadeeske parlemint.

Lange tiid bestiene de noardlike Britske koloanjes yn Noard-Amearika bestjoerlik los faninoar. De wichtichste gebieten wiene it Ingelsktalige Opper-Kanada (it lettere Ontario) en it Fransktalige Neder-Kanada (it lettere Kebek). Yn 1837 - 1838 , brieken der yn dy beide koloanjes opstannen ut. By de Opperkanadeeske Opstan , under lieding fan William Lyon Mackenzie , gie it om 'e lulkens dy't der under it gewoane folk bestie oer in lytse kliber famyljes ut 'e hegerein, dy't it koloniale regear dominearren en de keazen folksfertsjintwurdiging buten spul setten. By de Nederkanadeeske Opstan , under lieding fan Louis-Joseph Papineau , wie it te reden om it eigenmachtige Britske bewald oer in Fransktalich gebiet. De koloniale autoriteiten, dy't mei beide rebuljes handich ofweefden, besleaten neitiid om Opper- en Neder-Kanada gear te foegjen, mei as doel om 'e Fransk-Kanadezen te assimilearjen yn 'e dominante Angelsaksysk-Kanadeeske kultuer.

Sadwaande untstie yn 1840 de koloanje Kanada. It earder Neder-Kanada (Kebek) kaam no bekend te stean as Kanada-East , wylst sudlik Ontario de namme Kanada-West krige. It koloniale bestjoer waard festige yn Kingston . Yn 1851 stribbe Kanada-West kwa ynwennertal Kanada-East foarby, wermei't de Ingelsktaligen yn Kanada foargoed yn 'e mearderheid kamen. Lykwols holden de Ingelsk- en Fransktalige folksfertsjintwurdigers yn it koloniale parlemint inoar yn lykwicht, wat gauris ta in ympasse late. Under de Amerikaanske Boargeroarloch ( 1861 - 1865 ) stipen de Britten tuike-tuike de Sudlike Konfederaasje , dat doe't uteinlik it Noarden de striid wun, untstie der eangst foar in Amerikaanske ynfaazje, krekt sa't dat yn 1813 foarkommen wie. Sadwaande besleaten de Britten al harren Noardamerikaanske koloanjes yn ien steatsferban te ferienjen, en kaam yn 1867 it dominion Kanada yn syn tsjintwurdige foarm ta wezen, mei as lidsteaten de koloanjes Nij-Skotlan en Nij-Breunswyk en de wer opspjalten provinsjes Ontario en Kebek. John A. Macdonald wie de earste minister-presidint fan Kanada. Oant 1932 , doe't it Statut fan Westminster troch it Britske parlemint oannommen waard, hie Kanada lykwols mar in beheinde mjitte fan selsstannigens, en pas yn 1982 einige it leste bytsje Britske kontrole oer it lan.

De sit fan it Heechgerjochtshof fan Kanada, yn 'e haadsted Ottawa .

Yn sawol de Earste as yn de Twadde Wraldoarloch levere Kanada oan 'e side fan de Alliearden in wichtige bydrage. Yn it tiidrek nei de oarloch wikselen lange perioaden fan liberale kabinetten en koartere riten mei konservative regearings inoar of. Kanada untjoech in hechte ekonomyske ban mei de oanswettende Feriene Steaten , hoewol't it op polityk med faak mei dat lan fan miening ferskilt.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Etnyske groepen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It meastepart fan de ynwenners fan Kanada wennet yn in stripe fan 200 km by de grins mei de Feriene Steaten lans. De gebieten noardlik derfan binne tin befolke en de noardlike territoaria wurde amperoan bewenne. De ynwenners fan Kanada wurde Kanadezen neamd.

Fan alds bestie de befolking ut Yndianen en Inuyt . Yn it koloniale tiidrek kamen der grutte groepen blanke kolonisten, benammentlik Ingelsen , Skotten , Fransen en Ieren . De Fransktalige ynwenners wurde Fransk-Kanadezen of ek wol Franko-Kanadezen neamd, en binne fral konsintrearre yn 'e eastlike provinsje Kebek , dy't it grutste part fan 'e eardere koloanje Nij-Frankryk omfiemet. Hja meitsje der de grutte mearderheid fan 'e befolking ut en it Fransk is der de iennichste offisjele taal. Ek yn 'e oanbuorjende provinsje Nij-Breunswyk , de iennichste offisjeel twatalige provinsje, libbet in grutte groep Fransk-Kanadezen. Fierders hawwe alle oare provinsjes en ek de trije territoaria wol har eigen Fransktalige minderheden.

Kanada hat altyd in ymmigraasjelan west en de befolking is dan ek fan in grut etnysk ferskaat. Yn het westen hawwe in soad Oekrainers har nei wenjen set. Op in soad plakken binne ek Nederlanske ymmigranten te finen, dy't der fral yn 'e jierren nei de Twadde Wraldoarloch hinne ferfearn binne. Ek ut Aazje wei binne in soad lju nei Kanada komd, benammen nei de westkust, der't in soad Kanadezen fan Sineesk komof wenje. Yn 'e tachtiger en njoggentiger jierren binne in protte Sinezen ut Hongkong nei Vancouver ferfearn. Ek yn 'e grutte steden fan it easten, lykas Toronto en Montreal binne grutte net-Westerske mienskippen te finen.

Taal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Kanada binne it Ingelsk en it Fransk de offisjele talen. Offisjeel is hiele Kanada twatalich; lykwols is der yn de westlike provinsjes net folle fan te fernimmen, om't it Ingelsk der de fiertaal is. De provinsje Kebek wurdt dan wer folslein dominearre troch it Fransk, der't de Kebekanen in dialekt fan sprekke, in patois dat basearre is op it koloniale Fransk ut 'e santjinde en achttjinde iuw . Sunt de sechstiger jierren hat him in skerpe politike skieding untwikkele tusken it Fransktalige Kebek en de oare, Ingelsktalige provinsjes. Der is yn Kebek sels twa kear in referindum holden oer ofskieding fan Kanada, mar dat waard sawol yn 1980 as yn 1995 ofwiisd, al skeelde it de leste kear mar in pear tsienden fan in prosint. Hoewol't yn alle oare provinsjes en territoaria Fransktalige minderheden besteane, is Nij-Breunswyk de iennichste dy't offisjeel twatalich is.

Lankaart dy't de yndieling fan Kanada yn provinsjes en territoaria sjen lit.

Provinsjes en territoaria [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kanada bestiet ut 10 provinsjes en 3 territoaria . De provinsjes binne frijwol folslein selsbestjoerend, en untliene harren rjochten en macht oan 'e grunwet. De tsien provinsjes (mei jier fan tatrede ta de Kanadeeske Konfederaasje) binne:

De territoaria binne gebieten der't net folle minsken wenje. Fan alds wiene dit gebieten dy't troch de federale oerheid fan Kanada regearre waarden, mar sunt de sechstiger jierren is ek oan 'e territoaria stadichoan in hege mjitte fan selsbestjoer taparte. De trije territoaria (mei jier fan oprjochting) binne:

Regio's [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Iishokky , de nasjonale sport fan Kanada.
Kanadeeske soldaten by in militere oefening.
De Kanadeeske minister-presidint Stephen Harper yn petear mei de Amerikaanske presidint Barack Obama .

De Kanadeeske gewesten wurde fierders wol opdield yn in stikmannich regio's, dy't inoar gauris oerlaapje. Hjirunder de yndieling:

Sjoch fierders ek: de Kanadeeske Arktyske Eilannen

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op ekonomysk med buorket Kanada goed. It BYP yn 2007 wie omrekkene goed 1.432 miljard Amerikaanske dollars . Trijefearnspart fan 'e befolking wurket yn 'e tsjinstesektor . De lanbou sektor is relatyf lyts, krekt as de yndustrysektor . Mei 24 miljard ton ierdgas is Kanada de op ien nei grutste ierdgasleveransier fan 'e wrald, nei Saudy-Araabje

Steatsfoarm [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kanada is in parlemintere demokrasy en in monargy mei oan it haad kening Charles III fan it Feriene Keninkryk , dy't yn Kanada fertsjintwurdige wurdt troch de guverneur-generaal , anno 2022 Mary Simon . Kanada wurdt bestjoerd troch in eigen regear , dat anno 2022 laat wurdt troch minister-presidint Justin Trudeau .

Nijsgjirrich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Montreal is de op ien nei grutste Fransktalige sted op de wrald, nei Parys .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .


 
                Kanada
Flagge fan Kanada
provinsjes
Alberta  ? Britsk-Kolumbia  ? Kebek  ? Manitoba  ? Nijfunlan en Labrador  ? Nij-Breunswyk  ? Nij-Skotlan  ? Ontario  ? Prins Edwardeilan  ? Saskatchewan
territoaria
Yukon  ? Noardwestlike Territoaria  ? Nunavut