한국   대만   중국   일본 
Kugel - Wikipedy Springe nei ynhald

Kugel

Ut Wikipedy
Ferskate soarten kugels. F.l.n.rj.: 9 mm Luger; 7,62 mm Tokarev; .357 SIG; 10 mm Auto; .40 S&W; .45 GAP; en .50 Action Express.

In kugel is in projektyl dat offjurre wurde kin ut in fjoerwapen , kattepul of slinger . Fan oarsprong gie it om rune stientsjes of spesjaal oanmakke baltsjes fan metaal dy't men fuortskeat mei in kattepul of slinger sunder dat der buskrud oan te pas kaam. Tsjintwurdich wurdt mei de term 'kugel' ornaris ferwiisd nei munysje foar fjoerwapens, besteande ut in sylinderfoarm mei in ofrune kop. Sokke kugels binne suver altyd makke fan lead (of eins meastal fan hurdlead , in legearing fan lead en antymoan ). Se meitsje underdiel ut fan in patroan , folle mei krud , dat ofsketten wurde kin ut in pistoal , revolver of gewear . Yn 'e folksmule wurdt selden underskie makke tusken de begripen 'kugel' en 'patroan', en wurde patroanen mei de stylfiguer fan pars pro toto yn 'e regel ek oantsjutten as kugels.

Tsjintwurdich binne kugels gauris foarsjoen fan in mantel fan koper of gielkoper . Soks makket it projektyl steviger, sadat it better bestan is tsjin 'e grutte kreften dy't mank geane mei it offjurjen derfan. Teffens soarget de mantel foar in goede gelieding yn 'e trekken en fjilden fan 'e loop . De mjitte fan in kugel en byhearrend patroan wurdt utdrukt yn 'e grutheid kaliber , dy't skreaun wurdt as in punt foarofgeande oan it sifer dat de kalibermjitte oanjout. Dus "Colt .45" wurdt utsprutsen as "Colt kaliber 45".

In patroan bestiet ut fiif dielen: de eigentlike kugel, derunder it krud en der wer under de boaiem; troch de boaiem hinne rint it slachhuodsje ; en de hul, ta einbeslut, sit yn in sylinderfoarm oan 'e sydkant om it hiele spul hinne en haldt it byinoar. As men de trekker fan in fjoerwapen oerhellet, slacht de slachpinne fan it wapen tsjin it slachhuodsje fan it patroan oan. Dertroch untstiet der in skok, dy't yn it patroan de primer (in minime lading fan in stof dy't eksplodearret by slimme trillings, lykas slachjiske , leadazide of kwikfulminaat ) untploffe lit. Dat lit de krudlading fan it patroan untbrane, mei as gefolch dat him in tige grutte druk opboud dy't de kugel mei unbidige faasje ut 'e hul parset. De kugel fljocht dan ut de loop fan it fjoerwapen, rjocht op syn doel of.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .