한국   대만   중국   일본 
Joshua Chamberlain - Wikipedy Springe nei ynhald

Joshua Chamberlain

Ut Wikipedy
Joshua Chamberlain
militer
persoanlike bysunderheden
namme folut Joshua Lawrence Chamberlain
nasjonaliteit Amerikaansk
berteplak Brewer ( Maine )
stjerplak Portland ( Maine )
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 1862 ? 1866
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerunderdiel lanmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (sunt 1865)
befel 20e Frijw. Ynf.reg. f.  Maine
3e Brig., 1e Dif, Ve Korps
1e Brig., 1e Dif., Ve Korps
1e Dif., Ve Korps
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
treffen(s) Slach by Fredericksburg
Slach by Gettysburg
Slach by Cold Harbor
2e Slach by Petersburg
Slach by White Oak Road
Slach by Five Forks
Appomattox-kampanje
underskiedings Medal of Honor 1893
Joshua Chamberlain
politikus
partij Republikeinske Partij
Guverneur fan Maine
amtsperioade 1867 - 1871
foargonger Samuel Cony
opfolger Sidney Perham

Joshua Chamberlain (folut: Joshua Lawrence Chamberlain al wied er berne as Lawrence Joshua Chamberlain ; Brewer ( Maine ), 8 septimber 1828 ? Portland ( Maine ), 24 febrewaris 1914 ), wie in tige leard Amerikaansk heechlearaar fan wa't in elk swetste oer hoe freonlik oft er yn 'e omgong wie. Hy rekke lykwols ferneamd doe't er under de Amerikaanske Boargeroarloch as kolonel yn 'e Slach by Gettysburg de oanfal fan 'e Sudliken op in krusjaal diel fan it slachfjild weromsloech (mei in bajonetoanfal noch wol), en sa de bynamme Lion of the Round Top ("Liuw fan 'e Runtopheuvel") wun. Nei it treffen op 'e Quaker Road , dat him hast fataal waard, kaam er ek bekend te stean as Bloody Chamberlain ("Bloedige Chamberlain"). Hy focht noch yn ferskate oare fjildslaggen mei en beeinige syn militere tsjinst as generaal-majoar. Nei ofrin fan 'e oarloch brocht Chamberlain it ta guverneur fan syn thussteat Maine . Uteinlik kaam er dochs noch te ferstjerren as gefolch fan 'e ferwunings dy't er yn 'e oarloch oprun hie.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid, oplieding en iere karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Chamberlain waard yn 1828 berne yn it plakje Brewer , yn Amerikaanske steat Maine , as de aldste fan 'e fiif bern yn it gesin fan Joshua Chamberlain en Sarah Brastow Dupee. Syn mem woe hawwe dat er foar dumny leare soe, wylst syn heit him yn it leger hawwe woe, mar Chamberlain hie mei net ien fan beide wurkpaden folle op. Troch eigen fertsjinsten en de help fan in pleatslike underwizer koed er yn 1848 it talittingseksamen fan it Bowdoin Kolleezje , yn Brunswick , mei sukses oflizze. (Derfoar moast er u.m. by steat weze om Aldgryksk en Latyn te lezen.) Te Bowdoin kaam Chamberlain yn 'e kunde mei in protte lju dy't in grutte ynfloed op syn fierdere libben hawwe soene, mei derunder net it leste plak de skriuwster en abolysjoniste Harriet Beecher Stowe (bekend fan De Negerhutte fan Omke Tom ), dy't de frou wie fan Bowdoin-perfester Calvin Stowe. Oant koart foar't er yn 1852 ofstudearre, hie Chamberlain lest fan stammerjen .

Nei syn ofstudearjen oan it Bowdoin Kolleezje die Chamberlain in trijejierrige ferfolchstudzje oan it Teologysk Seminaarje fan Bangor , yn 'e sted Bangor . Doe't er ek derfoar slagge wie, kearde er yn 1855 werom nei Bowdoin, der't er uteinsette mei in karriere as heechlearaar yn 'e retoarika (wolsprekkendheid), al soed er uteinlik alle fakken underwize dy't op 'e universiteit jun waarden utsein inkeld wiskunde en wittenskip . Yn 1861 waard er oansteld as heechlearaar moderne talen, in posysje der't er by utstek geskikt foar wie, mei't er tsien talen floeiend spriek: Ingelsk , Gryksk , Latyn , Spaansk , Dutsk , Fransk , Italjaansk , Arabysk , Hebriuwsk en Aldsyrysk . Itselde jiers dat er oannommen waard as heechlearaar, yn 1855 , troude Chamberlain mei Fanny Adams, de oannommen dochter fan in pleatslike predikant en dertroch syn folle (sij it net biologyske) nicht. Hja krigen fiif bern, werfan't ien te ier te wrald kaam om libbensfetber te wezen, wylst twa oaren yn 'e widze kamen te ferstjerren.

De Boargeroarloch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch utbriek, besleat Chamberlain, dy't in sterke oanstriid fielde om syn lan te tsjinjen, him as frijwilliger oan te melden. Fanwegen syn geleardheid waard him de rang fan kolonel en it befel oer it 20ste Rezjimint fan Maine oanbean, mar dat wiisde er of om't er fun dat er te min underfining mei it leger hie. Sadwaande waard er yn augustus 1862 beneamd ta luitenant-kolonel fan it rezjimint under it befel fan kolonel Adelbert Ames . It 20ste Rezjimint fan Maine waard yndield by de 3de Brigade fan de 1ste Difyzje fan it Vde Korps, dat ta it saneamde Leger fan de Potomac hearde, dat it noardeasten fan 'e Feriene Steaten tsjin it Suden ferdigenje moast. Ien fan Chamberlain syn jongere bruorren, Thomas Chamberlain , wie ek ofsier yn it 20ste, wylst in trede broer, John Chamberlain, legerpredikant yn in oar frijwilligersrezjimint ut Maine wie.

It 20ste Rezjimint fan Maine focht yn 'e Slach by Fredericksburg , yn desimber 1862 , der't it in relatyf lyts tal soldaten ferlear yn 'e oanfallen op Marye's Heights, mar neitiid wiene de leden fan it rezjimint twongen om in traumatyske nacht op it slachfjild troch te bringen under fjoer fan 'e fijan en by iiskald waar, middenmank de deaden en ferwunen fan oare rezjiminten. Yn syn deiboek sette Chamberlain wiidweidich utinoar hoe't er sels in skulplak bouwe moast fan 'e lichems fan deade Noardlike soldaten, wernei't er de rest fan 'e nacht taharke hoe't de kugels fan 'e Sudliken yn 'e liken plopten. It 20ste miste de Slach by Chancellorsville , yn maaie 1863 , fanwegen in utbraak fan 'e pokken . In moanne letter krige kolonel Ames in promoasje, wernei't Chamberlain yn dy syn eardere rang en funksje as kolonel en befelfierder oer it 20ste beneamd waard.

Chamberlain syn posysje op Little Round Top ("20 ME").

Op 1 july 1863 troffen it Sudlike Leger fan Firginia , under befel fan generaal Robert E. Lee , en it Noardlike Leger fan de Potomac, under generaal George G. Meade , inoar by it plakje Gettysburg , yn Pennsylvania . Op 'e twadde deis fan 'e slach ( 2 july ) besochten de Noardlike troepen de tsjinslaggen fan 'e earste deis te boppe te kommen, en namen se halje-trawalje definsive posysjes yn boppe-oan 'e skeante fan in rige heuvels besuden it stedsje. Chamberlain waard mei it 20ste rezjimint fan Maine oan 'e uterste lofterein fan 'e Noardlike liny pleatst, op 'e sudlike skeante fan 'e heuvel Little Round Top. It wie fan krusjaal belang dat er net wike soe foar de oanfallen fan 'e Sudliken, mei't dy dan in omtsjende beweging meitsje en de rest fan 'e Noardlike liny yn 'e rech oanfalle kinne soene.

Doe't de gefjochtshannelings ferfet waarden, kaam it 20ste under fjoer te lizzen fan it 15de Ynfanteryrezjimint fan Alabama, under befel fan kolonel William C. Oates . De Sudliken stoarmen kear op kear de heuvel op en Chamberlain-en-dy waarden stap foar stap weromdreaun, en wisten ferskate oanfallen mar mei muoite of te slaan. Uteinlik seach it 20ste rjocht nei it sudeasten ta ut, wylst de rest fan 'e Noardlike liny mei it gesicht nei it westen ta stie: de Sudliken hiene it rezjimint dus hast safier weromdreaun dat it mei de rech nei de oare Noardlike legerunderdielen ta stie. Dy sitewaasje waard noch nuodliker makke troch de swiere ferliezen dy't it 20ste yn 'e striid lit hie, en trochdat de munysje frijwol op wie. Chamberlain besleat doe in wanhopige tsjinoanfal mei de bajonetten te dwaan, werby't de lofterutein fan syn rezjimint as in soarte fan doar oer it slachfjild swaaide oant de soldaten wer mei it gesicht nei it westen ta stiene. Under befel fan en oanfierd troch Chamberlain swong it 20ste rezjimint fan Maine doe by de heuvel del, de oanstoarmjende Sudliken yn 'e mjitte, dy't troch dizze unkonvinsjonele taktyk sawol fan foarren as yn 'e flank oanfallen waarden. De maneuver resultearre yn it behald fan 'e posysje fan it 20ste op 'e uterste lofterflank fan it Noardlike leger en it finzen nimmen fan 101 Sudlike soldaten. Yn 1974 waard dit underdiel fan 'e Slach by Gettysburg yn 'e Feriene Steaten popularisearre troch de histoaryske roman The Killer Angels fan skriuwer Michael Shaara , dy't yn 1993 ferfilme waard as Gettysburg , mei akteur Jeff Daniels yn 'e rol fan Chamberlain. (Der moat lykwols by oantekene wurde dat der under skiedkundigen noch altyd in beskate unienichheid bestiet oft dizze ferzje fan 'e gong fan saken wol hielendal histoarysk akkuraat is.)

Chamberlain syn jongere broer, Thomas Chamberlain , dy't mei him yn it 20ste rezjimint fan Maine tsjinne.

Yn 'e gefjochtshannelings op Little Round Top waard Chamberlain fan in swiere ferwuning reden doe't in kugel net himsels mar de skie fan syn sabel rekke. Letter run er troch in ferdwaalde kugel noch wol in lichte wune oan 'e rjochterfoet op. Mei syn taaie en heldhaftige ferdigening fan 'e heuvel wun Chamberlain de bynamme Lion of the Round Top . Yn 1893 , tritich jier nei dato, waard him foar syn koartkriemige fanwegen kommen yn 'e Slach by Gettysburg noch de Amerikaanske Medal of Honor takend. Om't er koart foar de slach slim siik west hie troch malaria en dysentery , waard er neitiid in skoft ut aktive tsjinst untslein oant er wer opbettere wie.

Yn april 1864 kearde Chamberlain werom nei it Leger fan de Potomac, der't er it befel krige oer de 1ste Brigade fan 'e 1ste Difyzje fan it Vde Korps. By in treffen te Rives' Salient, yn 'e Twadde Slach by Petersburg , yn mids juny , waard er troch de rjochterheup en it krus sketten, werby't de kugel der fia de lofterheup wer ta'n ut kaam. Nettsjinsteande dy utsunderlik pynlike ferwuning loek er syn sabel en stiek dy yn 'e grun, sadat er himsels op 'e fuotten halde en de oanwaaksende oanstriid under de Noardlike troepen om har werom te luken, tsjinkeare koe. Hy bleau ferskate minuten lang stean, oant er der uteinlik hinnefoel troch bloedferlies. De legerdokter dy't him neitiid behannele, beskoge de wune as deadlik en foarsei dat er it net oerlibje soe; sadwaande waard syn dea al yn ferskate Noardlike kranten berjochte wylst er noch libbe. Generaal Ulysses S. Grant (de lettere presidint) befoardere him noch fluch ta brigadegeneraal foar er stjerre soe, mar tsjin alle ferwachting yn klaude Chamberlain wer by de wal op, en mei de stipe fan syn broer Tom naam er yn novimber it befel oer syn brigade wer werom. Hoewol't syn frou der by him op oanstie om no mar of te swaaien, mei't er no grif mear as genoch foar syn lan dien hie, woed er sels fan gjin wiken witte.

Chamberlain as guverneur fan Maine.

Op 29 maart 1865 naam Chamberlain diel oan in grutskalige skermutseling op 'e Quaker Road , under de leste kampanje fan generaal Grant, dy't it slutstik fan 'e oarloch foarme. Yn dat treffen run Chamberlain fannijs in wune op, diskear oan 'e lofterearm , dy't op in hier nei amputearre wurde moast. Ek waard er nochris op wunderbaarlike wize fan 'e dea reden troch it portret fan syn frou dat er mei in Bibeltsje yn 'e boarstbuse boppe syn hert bewarre. In Sudlike kugel rekke nammentlik syn hynder yn 'e hals en dernei Chamberlain sels op it boarst, mar kitste of op it ramtwurk fan it portret, gie him op it boarst troch de hud hinne, folge ien fan syn ribben om 'e hiele lofterside fan syn lichem hinne en kaam op syn rech wer troch de hud nei buten ta. Dernjonken waard Chamberlain op 'e Quaker Road ek hast noch kriichsfinzen makke troch de Sudliken, mar nettsjinsteande dat alles wist er de oerwinning yn it gefjocht te beheljen en wun er derby de nije bynamme fan Bloody Chamberlain . Neitiid waard er troch presidint Abraham Lincoln befoardere ta de rang fan generaal-majoar .

Yn totaal focht Chamberlain mei yn tweintich fjildslaggen en yn withoefolle skermutselings. Seis hynders waarden under him wei sketten en sels rekke er seis kear ferwune. Hy krige fjouwer kear in oantekening foar dapperens. Op 'e moarn fan 9 april 1865 socht in Sudlike boadskipper fan 'e stef fan generaal John Brown Gordon fia Chamberlain tagong ta de Noardlike legerlieding, mei de opdracht om dy te hifkjen oer in mooglike Sudlike oerjefte. Op 12 april hie Chamberlain it tafersjoch oer de parade fan 'e Sudlike ynfantery foar't dy syn wapens ynlevere by Appomattox Court House . Derby saluearre Chamberlain foar de Sudlike troepen, wat him op in protte Noardlike krityk kaam te stean. Hy ferdigene syn die lykwols yn syn postum ferskynde autobiografy , The Passing of the Armies . John Brown Gordon soe him letter " ien fan 'e meast ridderlike soldaten fan it Federale Leger" neame.

Chamberlain op jierren yn unifoarm mei al syn underskiedings.

Lettere karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Koart nei ofrin fan 'e Boargeroarloch swaaide Chamberlain of ut it Noardlike leger. Syn reputaasje as oarlochsheld makke him yn syn thussteat Maine unbidige populer, en hy waard fjouwer kear keazen as de Republikeinske guverneur fan 'e steat, foar ienjierrige terminen dy't mei-inoar runen fan 1867 oant 1871 . Under syn regear kaam er ferskate kearen yn botsing mei politike tsjinstanners om syn stipe foar it behald fan 'e deastraf en syn wegering om in spesjale plysjemacht op te rjochtsjen om 'e druchlizzing of te twingen. Nei't er syn politike karriere deroan jun hie, kearde er begjin 1871 werom nei it Bowdoin Kolleezje , der't er ta rektor beneamd waard, in posysje dy't er oant 1883 beklaaie soe. Tsjin dy tiid wied er troch syn oarlochswunen sa yn 'e minnichte rekke dat it wurk him tefolle waard.

Yn jannewaris 1880 , doe't der in heechoprinnend skeel untstien wie oer de utkomst fan 'e guverneursferkiezings fan Maine, frege de utgeande guverneur, Alonzo Garcelon , oan Chamberlain, yn syn funksje fan kommandant fan 'e milysje fan Maine, om regaad te meitsjen. Chamberlain teach derop mei syn troepen nei de residinsje fan 'e guverneur, dy't yn 'e hannen fallen wie fan in binde wapene lju. Hy prate de besetters om en stjoerde se nei hus, en hold dernei it guverneurshus tolve dagen lang beset, oant it Heechgerjochtshof fan Maine utspraak die oer wa't de ferkiezings wun hie. Yn dy perioade waard er ferskate kearen bedrige mei moard en untfiering , en ien kear gie er lykme-allinne nei buten ta om in lulke kloft fan 25 oant 30 manlju del te bedzjen dy't kommen wiene om him te fermoardzjen. Dernjonken besochten beide kanten yn it skeel en keapje Chamberlain om troch him ien fan 'e beide sitten fan Maine yn 'e Amerikaanske Senaat oan te bieden, mar der woed er neat fan witte.

It stanbyld fan Chamberlain op it universiteitsterrein fan it Bowdoin Kolleezje, yn Brunswick .

Nei't er yn 1883 syn rektorskip deroan jaan moatten hie, ferfear Chamberlain nei New York , der't er abbekaat waard. Dernjonken wied er ek lanmjitter foar de haven fan Portland , en hannele er yn unreplik goed , u.m. yn Floarida . Yn 1898 melde er him nettsjinsteande syn alderdom fan 70 jier en syn breklike fysike tastan by it utbrekken fan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch oan as frijwilliger. Dat er derfoar ofwiisd waard, beskoge er as ien fan 'e grutste teloarstellings fan syn libben. Yn 1905 wied er ien fan 'e oprjochters en earste bestjoerders fan it Maine Institution for the Blind (tsjintwurdich The Iris Network ), in blineskoalle , der't er gedoente mei hie om't syn frou it oan 'e eagen hie.

Ferstjerren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Joshua Chamberlain stoar op 24 febrewaris 1914 yn Portland , oan 'e gefolgen fan syn oarlochswunen. Hy wie foar safier bekend de leste feteraan ut 'e Amerikaanske Boargeroarloch dy't oan 'e oprune wunen beswykte. Fan 1864 , doe't er ferwune rekke wie oan syn geslachtsorgaan , oant syn dea hied er altyd in iere foarm fan 'e kateter drage moatten, en in pude om syn urine yn op te fangen. Troch de jierren hinne hied er seis unsuksesfolle operaasjes oan it krus undergien, om 'e ynfeksjes tsjin te gean der't er allegeduerigen fan te lijen hie. Chamberlain waard 85 jier. Syn orizjinele Medal of Honor rekke wei, mar waard yn 2013 weromfun. In twadde, ferfangende medalje dy't er yn 1904 krige, is noch altyd te besichtigjen op it Bowdoin Kolleezje.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1877 ? Maine, Her Place in History
  • 1898 ? Ethics and Politics of the Spanish War
  • 1898 ? Universities and Their Sons (redaksje)
  • 1900 ? Property: Its Office and Sanction
  • 1904 ? De Monts and Acadia
  • 1905 ? Ruling Powers in History
  • 1915 ? The Passing of the Armies (autobiografy)

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en Further reading , op dizze side .