한국   대만   중국   일본 
Jeropeeske Ekonomyske Romte - Wikipedy Springe nei ynhald

Jeropeeske Ekonomyske Romte

Ut Wikipedy
In kaart mei de dielnimmende lannen oan de Jeropeeske Ekonomyske Romte.

De Jeropeeske Ekonomyske Romte ( JER ) is in ferdrach tusken de lannen fan de Jeropeeske Uny (JU) en de Jeropeeske Frijhannelassosjaasje (JFA). It ferdrach bestiet sunt 1 jannewaris 1994 . It akkoart moat it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de dielnimmende lannen befoarderje.

De organisaasje untstie om't de lannen fan de JFA dy’t net dielnimme oan de Jeropeeske Uny ek profiteare te litten fan it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de lannen fan de Jeropeeske Uny. Hjirfoar moasten wetten fan de Jeropeeske Uny ynfierd wurde yn de lannen fan de JER.

Dielnimmers [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De dielnimmers oan it ferdrach binne alle lannen fan de Jeropeeske Uny en trije fan de fjouwer lannen fan de JER, utsein Switserlan . It ferdrach is hjirmei allinnich fan tapassing op Yslan , Noarwegen en Lychtenstein .

Switserlan underhannele mei om diel te nimmen oan it ferdrach, mar de befolking fan it lan liet troch in referindum witte net meidwaan te wollen.

Organisaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der is in Rie foar allen lannen, besteande ut de fertsjintwurdiger fan de fjouwer leden en de Jeropeeske Kommisje. De bedoeling fan dy rie is om de wetjouwing fan de fjouwer lannen of te stimmen op dy fan de Jeropeeske Uny. De rie komt twa kear yn it jier byelkoar.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]